Ganzedijk (Grinslânsk: Ganzediek) is in útbuorren yn de gemeente Aldamt yn de provinsje Grinslân. It leit justjes benoardeasten Finsterwolde.

Ganzedijk
Lokaasje Ganzedijk yn eardere gemeente Reiderlân
Lokaasje Ganzedijk yn eardere gemeente Reiderlân
Bestjoer
Provinsje Grinslân
Gemeente Aldamt
Sifers
Ynwennertal 170 (2009)
Oar
Koördinaten 53° 12' NB, 7° 7' EL
Ganzedijk
Strjitbyld yn Ganzedijk
Rychjeshuzen fan de 60er jierren, dy't sloopt wurde soene. Einlings waard besletten en renovearje de huzen

De namme Ganzedijk is nei alle gedachten ôflaat fan in Midsiuwske sânhichte of garst, dy't as ikkerlân brûkt waard. In skoalmaster fan Finsterwolde stelde yn 1828 dat de útbuorren eartiids Garstdijk hiet, mar dat it yn syn tiid feroare waard nei Ganzedijk om't de mannichte oan guozzen, dy't op it lân gerskje.

De útbuorren ûntstie oan de ein fan de achttjinde iuw, doe't der lânwurklju, fiskers en lytse boeren by de Doalertdyk del fêstigen. Mear it lân yn stiene al inkelde pleatsen. It yndykjen fan de Finsterwolderpolder yn 1819 joech in soad nij wurk oan de lânwurklju. De befolking woeks troch de sosjale wentebou yn de fyftiger en sechtiger jierren fan de tweintichste iuw. Dy ferfongen de âldere lânwurkerswenten dy't ferspraat oer de doetiidske gemeente Finsterwolde stiene. De hjoeddeiske gemeente Aldamt (foar 2010 de gemeente Reiderlân) wurket sûnt 2006 oan in plan it plak te sanearjen.

It plak grinzget oan de eardere Beertsterdiep, dat by Aldesyl yn de see útmûne. De slûs waard yn 1974 ferfongen troch it gemaal fan de Hongerige Wolf en dêrby waard de rin fan it kanaal troch de polder Vledder tichtsmiten.

East-Finsterwolde

bewurkje seksje

Yn 1826 waarden der yn it lân fan D.J. Mulder oerbliuwsels fan in Midsiuwske krústsjerke, mei mooglik in frijsteande toer, fûn. Yn dy tsjerke waarden skeletten, hânfetten fan grêfkisten en twa sarkofagen mei kruzen op de lidden fûn. Mei it pún, dat opgroeven waard, waard yn 1844 de Haadwei troch Nieuw-Beerta ferhurde. Stratingh en Venema brochten de fûneminten, dy't yn 1826 fûn waarden, yn ferbân mei it ferdwûne tsjerkedoarp East-Finsterwolde. It ferhege stik lân dêre wie oant 1821 yn besit fan de Nederlânsk-Herfoarme tsjerke fan Finsterwolde en leit himelsbreed likernôch 1000 meter beëasten de tsjerke.

It doarp East-Finsterwolde moast om 1475 noch hiel wêze, mar yn 1501 waard neamd dat Oistfinsterwolde aqua destructa (East-Finsterwolde troch it wetter fernield). Oerstreamings troch de Doalert troffen it gebiet. In tal pleatsen ferhuzen dêrom nei it suden nei it plak Veenhuizen. Yn 1435 sleat de stêd Grins ferdraggen mei in tal Aldamtster doarpen, dêr't East-Finsterwolde of Veenhuizen ek by hearde. De oerbliuwsels fan dat plak lizze lyk benoarden de Tsjamme. Doe't it opslike lân fannijs ynpoldere waard, ferhuzen guon wer werom nei it plak dat no Ganzedijk is. It wurdt no ek oannaam dat yn 1826 yndie de tsjerke fan East-Finsterwolde fûn waard.

Benoarden Ganzedijk lei nei alle gedachten ek it ferdronken doarp Megenham, Meyham of Meggeham, dat part fan de Fryske goa it Reiderlân wie. Neffens in dokumint út 1391 soe de rivier de Tsjamme, dy't de grins tusken de Fryske goaen it Aldamt en it Reiderlân foarme, fanút Wynedaham by Reiderwâlde troch Megenham nei Torpsen rinne. In oar dokumint út 1420 neamt dat de Tsjamme tusken Wynedaham en Megenham troch rûn en dêrnei troch Torpsen hinne rûn, dat nei alle gedachten yn de omkriten fan Finsterwolderhamrik lei. In parochylist fan it Bisdom Múnster fan om 1475 hinne rekkent Megalzem oant de parochys dy't gjin geastliken mear hawwe. It plak fan it doarp Meg ham stiet yn in kaart fan 1635 yntekene benoarden de Egyptische Dijk. In berjocht út 1620] neamde dat de Tsjamme yn de Doalert útmûne ûnder Megham by Stocksterhorn, dat tichteby Drieborg lei. In kaart út 1719 tekenet op de kwelders benoarden de Egyptische Dijk Tia Ham is out landt.

Lettere ûntwikkelings

bewurkje seksje

Yn 2008 rekken plannen buorkundich foar de sloop fan alle 57 wenten en de útbuorren op te heffen, om't it in ferlitten plak like te wurden. De gemeente Reiderlân gie yn 'e mande mei de provinsje Grinslân, wenteboukorporaasje Acantus en in arsjitekteburo en ûndersykje de takomst fan it doarp. Hja kamen ta de konklúzje dat it doarp gjin takomst hat, want it leit yn in krimpregio en de wenten wiene yn it neigean. De bewenners fan Ganzedijk fersetten harren dêr fûl tsjin en tochten dat de konklúzje foarbierrich wie. De provinsje Grinslân seach ynearsten fan it plan ôf en de bewenners mochten sels plannen meitsje foar it ûntwikkeljen fan it doarp. Nei oanlieding fan dy affêre sei de PvdA-fraksje syn betrouwen yn syn eigen wethâlder Ruud Hietbrink op, dy't dêrnei syn ûntslach oanbea.

Safierhinne waarden de huzen renovearre en koe Ganzedijk bestean bliuwe.

It besjen wurdich

bewurkje seksje
  • Udema's mûne

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.


  Gemeente Aldamt  
Stêd: Wynskoat
Doarpen: Bad NijeskânsBeertaBlauwestêdDrieborgFinsterwoldeHilligerleeMidwoldaNieuw-BeertaNieuwoldaNieuw-ScheemdaOostwoldScheemda't WaarWesterlee
Buorskippen: AldedykAldesylBeersterhoogenBikkershornBoneskânsEextaEkampFinsterwolderhamrikGanzedijkGoldhoornHamdykHardenbergHongerige WolfKostverlorenKromme-ElleboogMeerlandNapelsNiesoordNieuwe StatenzijlNieuwolda-OostOostwolderhamrikOude StatenzijlScheemderzwaagSint-FitusholtSuderfeanTranendalUlsdaWynskoaterhegebrêgeWynskoatersyl
Polders: KroonpolderOostwolderpolderReiderwolderpolderStadspolder
Wetter: AldamtmarDoalertRenselPekel ATsjammeWesterwâldske AaWynskoaterdjip
  ·   ·