2006
jier
Iuwen: | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e | 21e iuw | 22e | 23e | 24e | 25e | 26e |
Jierren: | 2001 | 2002 | 2003 | 2004 | 2005 | 2006 | 2007 | 2008 | 2009 | 2010 | 2011 |
Kalinders | |
Gregoriaanske kalinder |
2006 MMVI |
Ab urbe condita | 2759 |
Armeenske kalinder | 1455 ԹՎ ՌՆԾԵ |
Etiopyske kalinder | 1998 – 1999 |
Hebriuwske kalinder | 5766 – 5767 |
Hindoekalinders | |
- Vikram Samvat | 2061 – 2062 |
- Shaka Samvat | 1928 – 1929 |
- Kali Yuga | 5107 – 5108 |
Iraanske kalinder | 1384 – 1385 |
Islamityske kalinder | 1427 – 1427 |
Juliaanske kalinder |
Gregoriaansk min 13 dgn. |
Sineeske kalinder | 4702 – 4703 壬酉 – 癸戌 |
2006 is in gewoan jier dat begjint mei in snein. (Gregoriaanske kalinder foar 2006.)
Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 2000-er jierren.
Foarfallen
bewurkje seksje- jannewaris
- 1 - Ruslân snijt de levering fan ierdgas oan 'e Oekraïne ôf yn ferbân mei in skeel oer de priis.
- 12 - By in ramp op 'e lêste dei fan 'e hadj nei Mekka brekt ûnder it ritueel fan it Stiennigjen fan de Duvel yn Mina panyk út ûnder de grutte mannichte pylgers, mei as gefolch dat in soad lju ûnder de foet rûn wurde. Dêrby komme teminsten 362 minsken om.
- 19 - De Amerikaanske romtefeartorganisaasje NASA lansearret de romtesonde New Horizons. Dit is it begjin fan in reis nei de planeet Pluto, wêrfoar't de sonde njoggen jier ûnderweis wêze sil.
- 25 - The Walt Disney Company keapet foar $7,4 miljard konkurrint Pixar Animation Studios op fan eigner Lucasfilm.
- febrewaris
- 3 - De Egyptyske fearboat de MS al-Salaam Boccaccio 98 sinkt yn 'e Reade See, foar de kust fan Saûdy-Araabje. Dêrby komme mear as 1.000 minsken te ferdrinken.
- 5 - Der ferskynt foar it earst in stikje oer de Fryske Wikipedy yn de media: http://www.eastermar.nl docht in oprop om mei te skriuwen oan de siden oer It Heechsân en Eastermar.
- 10-26 - De Olympyske Spullen wurde holden yn Turyn, yn Itaalje.
- 11 - Sven Kramer wint sulver op de 5.000 m op de Olympyske Spullen.
- 17 - By in ûnbidige ierdferskowing op it Filipynske eilân Leyte komme 1.126 minsken om.
- maart
- 10-19 - De Paralympyske Spullen wurde holden yn Turyn, yn Itaalje.
- 15 - Mei grutte mearderheid stimt de Algemiene Gearkomste fan de Feriene Naasjes foar in útstel foar de oprjochting fan in Minskerjochteried fan de Feriene Naasjes.
- april
- 26 - Yn Nederlân krije De Alde Feanen de status fan nasjonaal park.
- maaie
- 21 - By it Montenegrynsk ûnôfhinklikheidsreferindum stimt 55,5% fan 'e befolking foar de ûnôfhinklikheid fan Montenegro.
- 27 - By in ierdbeving fan 6,4 op 'e skaal fan Richter komme yn 'e neite fan Djokjakarta, op it Yndonezyske eilân Java, mear as 5.700 minsken om en reitsje mear as 37.000 lju ferwûne.
- 27 - De aldergrutste oranjekoeke ea wurdt makke troch de bakkers fan Snits. Hja bakten in koeke fan 117,5 kante meter.
- juny
- 3 - Montenegro wurdt ûnôfhinklik fan it Steatebûn fan Servje en Montenegro.
- 5 - It Steatebûn fan Servje en Montenegro hâldt op te bestean; wat der noch oer is fan it lân wurdt ûnôfhinklik as de Republyk Servje.
- 28 - Yn reäksje op raketten dy't de militante Palestynske Hamas-beweging fan 'e Gaza-stripe út ôfsketten hat op Israel, begjint it Israelyske leger in offinsyf yn 'e Gaza-stripe.
- 28 - De Amerikaanske Striidkrêften foltôgje harren weromlûking fan it grûngebiet fan NATO-bûnsgenoat Iislân, wêrmei't de Iislânske Ferdigeningsmacht ophâldt te bestean.
- july
- 5 - Op it Suderplein fan Harns wurdt it stânbyld fan keatser Hotze Schuil ûntbleate.
- 6 - De berchpas Nathu La, yn 'e Himalaya, dy't ûnder de Sineesk-Yndiaaske Oarloch ôfsletten waard, wurdt nei 44 jier weriepene foar ferkear.
- 11 - By in rige bomoanslaggen op treinen yn 'e Yndiaaske stêd Bombay komme mear as 200 minsken om.
- 12-14 augustus - Yn 'e Libaneeske Oarloch giet Israel yn súdlik Libanon de striid oan mei de sjiïtyske Hezbollah-milysje. De oarloch einiget yn in ympasse.
- augustus
- 22 - It ferkearsfleantúch Pulkovo Aviation Enterprise-flecht 612 stoart del yn 'e Oekraïne, deunby de grins mei Ruslân, wêrby't alle 170 ynsittenden omkomme.
- 24 - Nei oanlieding fan 'e ûntdekking, yn jannewaris 2005, fan 'e dwerchplaneet Earis, dy't grutter is as de planeet Pluto, nimt de 26e Algemiene Gearkomste fan 'e Ynternasjonale Astronomyske Uny in nije definysje fan it begryp 'planeet' oan. Dêrtroch rekket Pluto nei mear as 70 jier syn status fan planeet kwyt en wurdt weromset ta dwerchplaneet.
- 24 - Yn Fryslân giet Winkelsintrum Bilgaard, yn Ljouwert, fierhinne ferlern by in grutte brân.
- septimber
- 19 - By in steatsgreep yn Tailân wurdt de demokratysk keazen premier Thasin Shinawatra (wylst er om utens is) ôfset troch it leger, dat mei blykbere goedkarring fan kening Bhumibol in militêre diktatuer ynsteld ûnder lieding fan luitenant-generaal Sonthi Boonyaratglin.
- 29 - By in loftbotsing komt it ferkearsfleantúch Gol Transportes Aéreos-flecht 1907 boppe it Brazyljaanske Amazônegebiet yn 'e loft yn botsing mei in Embraer Legacy 600-sakefleantúch. It ferkearsfleantúch stoart del en alle 154 ynsittenden komme om; de Embraer makket in needlâning op in militêr fleanfjild en de 7 minsken oan board komme mei de skrik frij.
- oktober
- 13 - De Súdkoreaanske diplomaat Ban Ki-moon wurdt keazen as opfolger fan Kofi Annan as siktaris-generaal fan 'e Feriene Naasjes.
- novimber
- 5 - Yn Irak wurdt de eardere diktator Saddam Hoessein troch it Alderheechste Iraakske Strafhôf ta de deastraf feroardiele foar oarlochsmisdieden en misdieden tsjin 'e minsklikheid.
- 12 - Súd-Osseesje, dat him yn 'e 1990-er jierren losmakke hat fan Georgje en sûnt in de facto ûnôfhinklike steat is sûnder ynternasjonale erkenning, hâldt in referindum oer syn status, wêrby't de befolking yn oerweldigjende mearderheid foar ûnôfhinklikheid stimt.
- 23 - By in rige oanslaggen mei autobommen en mortierbesjittings yn Sadr City, in sjiïtyske wyk fan 'e Iraakske haadstêd Bagdad, komme teminsten 215 minsken om en reitsje nochris 257 oaren ferwûne.
- 30 - Súd-Afrika fiert it homohoulik yn.
- 30 - De tyfoan Durian (ek bekend as Reming) feroarsaket op 'e Filipinen teminsten 1.200 deaden.
- desimber
- 5 - By in steatsgreep yn Fidzjy grypt de kriichsmacht, ûnder lieding fan kommandeur Frank Bainimarama, de macht.
- 11 - De Meksikaanske presidint Felipe Calderón set it leger yn foar de bestriding fan drugskartels yn 'e steat Michoacán. Dit is it begjin fan 'e Meksikaanske Drugsoarloch.
- 24 - Etioopje jout foar it earst ta dat it troepen ynset hat yn 'e Somalyske Boargeroarloch.
- 26 - By de ûntploffing fan in ierdoaljepiiplieding yn 'e Nigeriaanske stêd Lagos komme teminsten 200 minsken om.
- 30 - Yn in stoarm op 'e Javasee sinkt de Yndonezyske fearboat MS Senopati Nusantara, wêrby't 400 oant 500 fan 'e 628 opfarrenden ferdrinke.
Berne
bewurkje seksje- juny
- 3 - grevinne Leonore van Oranje-Nassau van Amsberg, achtste yn de line fan de Nederlânske troanopfolging
- 18 - Zaria fan Oranje-Nassau van Amsberg, bernsbern fan keninginne Beatrix
- septimber
- 6 - prins Hisahito fan Japan, tredde yn de line fan de Japanske troanopfolging, nei syn omke en heit
- novimber
- 28 - Emma Francisca Catharina van Vollenhoven, dochter fan prins Pieter-Christiaan en Anita van Eijk
Ferstoarn
bewurkje seksje- jannewaris
- ? - H.R. Ellis Davidson, Ingelsk skied- en taalkundige, argeologe en antropologe (* 1914)
- 20 - Klaas Koopmans, Frysk keunstskilder (* 1920)
- 22 - Riemkje Geveke, Frysk muzikant en muzykprodusint (* 1915)
- 26 - Pieter Terpstra, Frysk skriuwer en kranteman (* 1919)
- 27 - Rindert Straatsma, Frysk bestjoerder en frisiast (* 1937)
- febrewaris
- 21 - Rinske Zeinstra, Frysk hurdrydster (* 1947)
- 24 - Don Knotts, Amerikaansk akteur en komyk (* 1924)
- maart
- 1 - Reidar Liaklev, Noarsk reedrider (* 1917)
- 2 - Gilles Quispel, Nederlânsk teolooch en kenner fan de gnostyk (* 1916)
- 5 - Hilbrand Hartlief, Nederlânsk follyballer en sportferslachjouwer (* 1948)
- 11 - Slobodan Milošević, presidint fan Servje en Joegoslaavje (* 1941)
- 24 - Nanke Hartsuyker-Terpstra, Frysk politika (* 1941)
- 24 - Anton Oud, Amelânsk wurdboekgearstaller en taalaktivist (* 1935)
- 31 - Gerhard Potma, Frysk hurdsiler (* 1967)
- april
- 8 - Gerard Reve, Nederlânsk skriuwer (* 1923)
- 22 - Tip Marugg, Antilliaansk skriuwer en dichter (* 1923)
- 30 - Pramoedya Ananta Toer, Yndonezysk skriuwer (* 1925)
- maaie
- 4 - Carel Steensma, Frysk piloat en fersetsstrider (* 1912)
- 23 - Lloyd Bentsen, Amerikaansk politikus (* 1921)
- 28 - Albert van der Wal - Frysk fersetsman (* 1919)
- juny
- 1 - Hans de Haan, Frysk politikus (* 1925)
- 4 - Jan de Jong, Frysk oersetter (* 1921)
- 5 - Frederick Franck, Nederlânsk byldzjend keunstner en skriuwer (* 1909)
- 5 - Friso Wiegersma, Nederlânsk tekstskriuwer en keunstskilder (* 1925)
- 8 - Sjoerd van der Schaaf, Frysk sjoernalist en skriuwer (* 1906)
- 11 - Jo Daan, Nederlânsk taalkundige (* 1910)
- 28 - Jim Baen, Amerikaansk útjouwer (* 1943)
- july
- 7 - Syd Barrett, Ingelsk sjonger en gitarist (* 1946)
- 27 - W.G. van de Hulst jr., Nederlânsk byldzjend keunstner en skriuwer (* 1917)
- 28 - David Gemmell, Ingelsk skriuwer (* 1948)
- 30 - Leo Ferrier, Surinaamsk skriuwer (* 1940)
- augustus
- 5 - Martinus Baaijens, Nederlânsk ûnderwiissaakkundige (* 1916)
- 15 - Faas Wilkes, Nederlânske fuotballer (* 1923)
- 21 - Sjoerd Dirk Janzen, Frysk keunstner (* 1955)
- 27 - Jon Dough, Amerikaansk pornoakteur (* 1962)
- 29 - Youenn Gwernig, Bretonsk-Amerikaansk sjonger, dichter, lietsjeskriuwer en keunstner (* 1925)
- septimber
- 4 - Steve Irwin, Australysk natoerfilmer en dieretúndirekteur (* 1962)
- 7 - Thijs Terpstra, Frysk ûndernimmer, útjouwer en politikus (* 1916)
- 11 - Lolle Nauta, Frysk filosoof (* 1929)
- 20 - Douwe van der Ploeg, Frysk ornitolooch en botanikus (* 1919)
- oktober
- 7 oktober - Anna Politkovskaja, Russysk sjoernaliste en minskerjochte-aktiviste (* 1958)
- 11 - Marinus Ooms, Frysk moardslachtoffer (* 1955)
- 14 - Klaas Runia, Frysk dûmny, teolooch en sjoernalist (* 1926)
- 18 - Geert Bakker, Frysk rektor fan de Noardlike Leargongen (* 1927)
- 23 - Rein Strikwerda, Frysk ortopedysk sjirurch (* 1930)
- novimber
- 1 - Lodewijk Meeter, Frysk skûtsjeskipper (* 1915)
- 2 - Cor Nijdam, Frysk dirigint (* 1918)
- 13 - Jan Loman, Frysk byldzjend keunstner, dichter en yngenieur (* 1918)
- 16 - Milton Friedman, Amerikaansk ekonoom (* 1912)
- 29 - Reimer van Tuinen, Frysk skriuwer (* 1916)
- desimber
- 19 - Danuta Rinn, Poalsk sjongeres en aktrise (* 1936)
- 26 - Gerald Ford, presidint fan 'e Feriene Steaten (* 1913)
- 31 - Seymour Martin Lipset, Amerikaansk politike sosjolooch (* 1922)
Literatuer
bewurkje seksje- romans
- Elizabeth Moon, Engaging the Enemy
- Patricia Briggs, Moon Called
- C.J. Cherryh, Pretender
- Jim Butcher, Proven Guilty
- Lois McMaster Bujold, The Sharing Knife: Beguilement
- ferhalebondels
- koarte ferhalen
Films
bewurkje seksje- Apocalypto
- Bandidas
- Black Snake Moan
- Casino Royale
- The Da Vinci Code
- Deck the Halls
- Déjà Vu
- The Holiday
- Night at the Museum
- Rocky Balboa
Jierren: | 2001 | 2002 | 2003 | 2004 | 2005 | 2006 | 2007 | 2008 | 2009 | 2010 | 2011 |
Iuwen: | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e | 21e iuw | 22e | 23e | 24e | 25e | 26e |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|