H.R. Ellis Davidson
H.R. Ellis Davidson (folút: Hilda Roderick Ellis Davidson; Bebington (Cheshire), 1 oktober 1914 – Kent, jannewaris 2006) wie in Ingelsk skied-, taal- en letterkundige, archeologe en antropologe dy't in autoriteit wie op it mêd fan it Germaansk en it Keltysk heidendom.
H.R. Ellis Davidson | ||
![]() | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Hilda Roderick Ellis Davidson | |
nasjonaliteit | ![]() | |
berne | 1 oktober 1914 | |
berteplak | Bebington (Ingelân) | |
stoarn | jannewaris 2006 | |
stjerplak | yn Kent (Ingelân) | |
etnisiteit | ![]() | |
wurk | ||
taal | Ingelsk | |
sjenre | non-fiksje (religy, antropology, archeology) | |
perioade | midden & 2e helte 20e iuw | |
bekendste wurk(en) |
Gods and Myths of Northern Europe Katharine Briggs: Story-teller | |
jierren aktyf | 1940 – 2003 | |
offisjele webside | ||
gjint |
Libben en karriêreBewurkje
Davidson waard yn 1914 berne as Hilda Roderick Ellis, yn it doarp Bebington, yn it Ingelske greefskip Cheshire. Hja gie nei de Park High School for Girls yn Birkenhead en studearre letter Ingelske taal- en letterkunde, archeology en antropology oan 'e Universiteit fan Cambridge. Foar har doktorale dissertaasje ferdjippe hja har yn 'e heidenske godstsjinst fan Midsiuwsk Skandinaavje. Under har akademyske karriêre, dy't in perioade fan hast santich jier omfieme, skreau hja withoefolle artikels en oare publikaasjes. Har earste boek, The Road to Hel: A Study of the Conception of the Dead in Old Norse Literature, brocht se yn 1943 ûnder har famkesnamme út; lettere publikaasjes soene ferskine ûnder har trounamme: H.R. Ellis Davidson. Ien fan har bekendste en meast ynfloedrike boeken wie Gods and Myths of Northern Europe, út 1964.
Davidson wie fan 1939 oant 1944 dosinte oan it Royal Holloway College fan de Universiteit fan Londen, en dêrnei oan it Birbeck College, oant se yn 1969 as wittenskiplik ûndersykster telâne koe oan it Lucy Cavendish College fan 'e Universiteit fan Cambridge. Yn 1971 waard hja dêr beneamd ta dosinte, yn 1974 ta fellow en fan 1975 oant 1980 wie hja fise-presidinte fan dat kolleezje. Fan 1980 ôf wurke Davidson njonken har akademyske aktiviteiten oan in livige biografy fan 'e Ingelske mearkeskriuwster Katharine Mary Briggs (1898-1980), dy't yn 1996 einlings en te'n lêsten útkaam ûnder de titel Katharine Briggs: Story-teller. Yn 1984 krige se de Coote Lake Medal fan 'e Britske Folklore Society (dêr't se sûnt 1949 al lid fan wie), en yn 1988 wûn se de Katharine Briggs Prize foar har wurk Myth and Symbols of Pagan Europe. Fanôf 1985 wie se earelid fan 'e Folklore Society, en yn 1987 rjochte se de Katharine Briggs Club op.
Davidson wie ek tige ynteressearre yn 'e skiednis fan 'e beskriuwing fan myten en folksferhalen, en dat late ta har redakteurskip (mei Carmen Blacker) fan 'e essaybondel Women and Tradition: A Neglected Group of Folklorists (2000). Yn har lettere wurk joech Davidson fral omtinken oan 'e kulturele en religieuze konneksjes tusken de Germanen en de Kelten (en ek oare groepen, lykas de Balten). Yn 'e njoggentiger jierren wie hja sadwaande in fêste sprekster op 'e konferinsjes oer sokke saken yn Ierlân en Kopenhagen. Yn 2005 koe se sa'n selde konferinsje net mear bywenje om't se slim yn 'e minnichte rekke wie. Davidson stoar yn jannewaris 2006 yn it Súdingelske Kent yn 'e âlderdom fan 91 jier. Hja hie doe twa bern en tsien bernsbern.
WurkBewurkje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side. |