1914
jier
Iuwen: | 15e | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e iuw | 21e | 22e | 23e | 24e | 25e |
Jierren: | 1909 | 1910 | 1911 | 1912 | 1913 | 1914 | 1915 | 1916 | 1917 | 1918 | 1919 |
Kalinders | |
Gregoriaanske kalinder |
1914 MCMXIV |
Ab urbe condita | 2667 |
Armeenske kalinder | 1363 ԹՎ ՌՅԿԳ |
Etiopyske kalinder | 1906 – 1907 |
Hebriuwske kalinder | 5674 – 5675 |
Hindoekalinders | |
- Vikram Samvat | 1969 – 1970 |
- Shaka Samvat | 1836 – 1837 |
- Kali Yuga | 5015 – 5016 |
Iraanske kalinder | 1292 – 1293 |
Islamityske kalinder | 1332 – 1332 |
Juliaanske kalinder |
Gregoriaansk min 13 dgn. |
Sineeske kalinder | 4610 – 4611 庚丑 – 辛寅 |
1914 is in gewoan jier dat begjint mei in tongersdei. (Gregoriaanske kalinder foar 1914.)
Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1910-er jierren.
Foarfallen
bewurkje seksje- 27 jannewaris - Amerikaanske troepen dogge in ynfal yn Haïty nei't presidint Michel Oreste dêr by in opstân ôfset is.
- 7 maart - De Dútske ealman Willem II fan Wied wurdt foarst fan Albaanje.
- 9 april - Yn 'e Meksikaanske stêd Tampico fynt it saneamde Tampico-ynsidint plak, wêrby't de bemanning fan in Amerikaansk skip arrestearre wurdt. Hoewol't de seelju frijwol daliks wer frijlitten wurde, nimt it regear fan 'e Feriene Steaten it foarfal heech op.
- 11 april - De Meksikaanske presidint Victoriano Huerta ferbrekt de diplomatike betrekkings mei de Feriene Steaten fanwegen de oanboazjende spannings tusken de beide lannen.
- 27 april - Nei in bombardemint, wêrby't mear as 200 boargers omkomme, wurdt de Meksikaanske havenstêd Veracruz beset troch Amerikaanske troepen. Oanlieding hjirfoar it saneamde Tampico-ynsidint. Dizze Amerikaanske besetting fan Veracruz liedt yn hiel Latynsk-Amearika ta grutte ferûntweardiging.
- 1 maaie - Yn 'e Republyk Sina wurdt de al langer besteande diktatuer fan Yuan Shikai by wet formalisearre.
- 25 maaie - It Britske Legerhûs nimt in wet oan dy't in beheinde foarm fan selsbestjoer regelet foar Ierlân sûnder Ulster, dat yn mearderheid protestantsk is en wegeret om út Dublin wei regearre te wurden.
- 24 juny - De Feriene Steaten en Meksiko slute in ferdrach dat in ein meitsje moat oan 'e yn april begûne Amerikaanske besetting fan Veracruz.
- 28 juny - Yn Sarajevo wurde de Eastenryksk-Hongaarske troanopfolger aartshartoch Frâns Ferdinand en syn frou, hartoginne Sophie von Hohenberg, fermoarde troch de Servyske nasjonalist Gavrilo Princip. Dit is it begjin fan 'e Julykrisis, dy't liede sil ta it útbrekken fan 'e Earste Wrâldoarloch.
- 29 juny - By ûnderfreging fan Gavrilo Princip, de moardner fan 'e Eastenryksk-Hongaarske troanopfolger aartshartoch Frâns Ferdinand, en fan dy syn helpers, troch de Eastenryksk-Hongaarske autoriteiten, komt oan it ljocht dat de gearspanners help hân hawwe út Servje wei.
- july - Mahatma Gandhi, de abbekaat dy't namme makke hat as foaroanman fan 'e Britsk-Yndyske mienskip yn Súd-Afrika, keart werom nei Britsk-Ynje.
- 14 july - De Meksikaanske presidint Victoriano Huerta moat ôftrede nei ferskate wichtige oerwinnings op syn regearingsleger troch de opstannelingen fan Emiliano Zapata yn it suden en fan Pancho Villa en Venustiano Carranza yn it noarden.
- 21 july - Seth Barnes Nicholson ûntdekt Sinope, in moanne fan Jupiter.
- 23 july - It regear fan Eastenryk-Hongarije stjoert nei oanlieding fan 'e moard op aartshartoch Frâns Ferdinand fan Eastenryk in ultimatum oan it regear fan it Keninkryk Servje. Dêryn wurdt û.m. in ferbod easke fan alle anty-Eastenrykske organisaasjes, de bemuoienis fan Eastenryksk-Hongaarske funksjonarissen yn Servje by it ûndersyk nei en ferbieden fan sokke Servyske organisaasjes, en it ûnslach fan alle Servyske boargerlike en militêre funksjonarissen fan wa't Eastenryk-Hongarije de nammen neitiid noch trochjaan sil.
- 25 july - It regear fan it Keninkryk Servje akseptearret de measte easken fan it ultimatum dat Eastenryk-Hongarije twa dagen earder stjoerd hat, mar wegeret Eastenryksk-Hongaarske funksjonarissen foech te jaan op Servysk grûngebiet en ek om sûnder ynspraak alle Servyske boargerlike en militêre funksjonarissen te ûnslaan fan wa't Eastenryk-Hongarije de nammen trochjaan sil.
- 28 july - Eastenryk-Hongarije ferklearret de oarloch oan it Keninkryk Servje. Ruslân, de beskermhear fan Servje, kundiget de mobilisaasje ôf yn 'e fjouwer provinsjes dy't grinzgje oan Eastenryk-Hongarije.
- 30 july - Yn reäksje op 'e Eastenryksk-Hongaarske oarlochsferklearring oan Servje kundiget Ruslân de algehiele mobilisaasje ôf.
- 31 july - Eastenryk-Hongarije kundiget de mobilisaasje ôf.
- 31 july - Yn Frankryk wurdt de sosjalistyske foaroanman Jean Jaurès fanwegen syn ferset tsjin 'e Frânske dielname oan in grutte Jeropeeske oarloch by in oanslach fermoarde troch de ekstreem-rjochtse nasjonalist Robert Villain.
- 1 augustus - Yn 'e reäksje op 'e oanboazjende spannings tusken Dútslân en de Frânske bûnsgenoat Ruslân kundiget Frankryk de mobilisaasje ôf. Dêrop kundiget ek Dútslân de mobilisaasje ôf. Dútske troepen kringe oer de grinzen fan Lúksemboarch. Tsjin 'e jûn ferklearret Dútslân de oarloch oan Ruslân. It Feriene Keninkryk warskôget dêrop it Dútske regear dat it in ynfal yn it neutrale Belgje as in casus belli beskôgje sil.
- 2 augustus - De Dútske besetting fan Lúksemboarch wurdt foltôge. Dútslân stjoert it regear fan Belgje in ultimatum om Dútske troepen troch te litten nei Frankryk. Belgje wegeret frijwol daliks.
- 3 augustus - Dútslân ferklearret de oarloch oan Frankryk.
- 4 augustus - Dútslân ferklearret Belgje de oarloch. Dútske troepen dogge dêrop frijwol daliks in ynfal yn Belgje. Yn reäksje dêrop ferklearret it Feriene Keninkryk, dat ûnder it Ferdrach fan Londen (1839) de Belgyske neutraliteit garandearre hat, Dútslân de oarloch.
- 5 augustus - Begjin fan 'e Slach om Luik tusken Belgyske en Frânske troepen oan 'e iene kant en de Dútske ynfallers oan 'e oare kant.
- 6 augustus - Eastenryk-Hongarije ferklearret de oarloch oan Ruslân.
- 11 augustus - Frankryk ferklearret de oarloch oan Eastenryk-Hongarije.
- 11 augustus - Oan it Balkanfront falt it Eastenryksk-Hongaarske leger it Keninkryk Servje binnen, wêrmei't de Servyske Kampanje begjint.
- 12 augustus - Yn 'e Slach by Halen keare Belgyske troepen tsjin dat de Dútsers de rivier de Gete oerstekke kinne.
- 12 augustus - It Feriene Keninkryk ferklearret de oarloch oan Eastenryk-Hongarije, dat op syn beurt Frankryk en it Feriene Keninkryk de oarloch ferklearret.
- 15 augustus - Op feestlike wize wurdt it Panamakanaal iepene.
- 16 augustus - Yn 'e Meksikaanske Boargeroarloch feroverje de rebellen fan Emiliano Zapata en Pancho Villa de haadstêd Meksiko-Stêd. Dêrop fiere Amerikaanske troepen in yntervinsje út.
- 17 augustus - Ein fan 'e Slach om Luik: de Belgyske stêd Luik jout him oer oan 'e Dútsers.
- 19-24 augustus - It Servyske leger set oan it Balkanfront in tsjinoffinsyf yn, wêrby't de Eastenryksk-Hongaarske troepen út it Keninkryk Servje ferdreaun wurde.
- 20 augustus - Dútske troepen besette de Belgyske haadstêd Brussel. It Belgyske regear wykt út nei Antwerpen.
- 23 augustus - Japan ferklearret Dútslân de oarloch en falt de Dútske konsesjes yn Sina oan.
- 24 augustus - Yn 'e Slach by Bergen lije de Alliëarden in nederlaach. Fan gefolgen kinne Dútske troepen no noardlik Frankryk binnenkringe.
- 26-30 augustus - Dútske troepen bringe it Russyske leger nei de Russyske ynfal yn East-Prusen in ferpletterjende nederlaach ta yn 'e Slach by Tannenberg.
- 27 augustus - Britske en Frânske troepen foltôgje de ferovering fan 'e koloanje Dútsk-Togolân.
- 2 septimber - Mei it each op 'e flugge Dútske opmars wykt it Frânske regear út Parys tebek nei Bordeaux.
- 3 septimber - Yn 'e Slach om Lemberg behelje de Russen in oerwinning op it Eastenryksk-Hongaarske leger, wêrby't 100.000 man kriichsfinzen nommen wurde.
- 3 septimber - In healjier nei syn oanstelling as foarst fan Albaanje, ferlit de Dútske ealman Willem II fan Wied Albaanje as in desyllúzjonearre man.
- 5 septimber - Grut-Brittanje, Frankryk, Belgje en Ruslân slute it Pakt fan Londen, wêryn't se fêstlizze dat se gjin ôfsûnderlike frede mei Dútslân en/of Eastenryk-Hongarije slute sille.
- 6-10 septimber - Yn 'e Slach oan de Marne bringt it Frânske leger de opmars fan 'e ynfallende Dútske troepen ta stilstân by de rivier de Marne. Dêrmei is de Dútske Blitzkrieg mislearre.
- 7 septimber-4 oktober - Oan it Balkanfront kringe Eastenryksk-Hongaarske troepen yn it ramt fan 'e Servyske Kampanje op 'e nij it Keninkryk Servje yn, mar se lûke har al rillegau wer tebek as twa Servyske difyzjes om harren flank hinne optsjogge en Sarajevo bedriigje.
- 7-14 septimber - Yn 'e Earste Slach by de Mazoeryske Marren bringe de Dútsers de Russen op 'e nij in swiere nederlaach ta.
- 15 septimber - By de Slach oan de Aisne wurdt it Westfront stabilisearre. De earste rinfuorgen wurde groeven. De kommende fjouwer jier sil der net folle beweging yn 'e frontlinys mear wêze.
- 15 septimber - De lêste Amerikaanske mariniers lûke har werom út Meksiko. Dêrmei komt in ein oan 'e yn april begûne Amerikaanske besetting fan Veracruz.
- 18 septimber - Begjin fan 'e saneamde Wedrin nei de Kust fan 'e Noardsee en It Kanaal troch de Dútsers en de Alliëarden oan it Westfront.
- oktober - Op 'e Revolúsjonêre Konvinsje yn Aguascalientes brekt ferdieldheid út ûnder de Meksikaanske rebellen dy't presidint Victoriano Huerta ûnder fuotten helle hawwe. It komt ta in brek tusken de grutgrûnbesitter Venustiano Carranza oan 'e iene kant en de boerelieders Pancho Villa en Emiliano Zapata oan 'e oare kant.
- 5 oktober - Boppe Reims, yn noardlik Frankryk, hellet in Frânske fleanmasine in Dútsk tastel del. Dit is it begjin fan 'e oarloch yn 'e loft.
- 10 oktober - De Belgyske stêd Antwerpen kapitulearret foar de Dútsers. Likernôch 1 miljoen Belgyske flechtlingen sykje beskûl yn it neutrale Nederlân.
- 13 oktober - Yn Súd-Afrika brekt ûnder lieding fan generaal Christiaan de Wet de Maritz-rebûlje út ûnder dútsksinnige Afrikaners.
- 13 oktober - It regear fan Belgje fêstiget him yn Sainte-Adresse, by de Frânske stêd Le Havre.
- 15 oktober - It Amerikaanske Kongres nimt de saneamde Wet-Clayton (Clayton Act) oan, wêryn't û.m. it rjocht fan arbeiders erkend wurdt om te staken en fakbûnen op te rjochtsjen.
- 15-21 oktober - De Slach om Warsjau, oan it Eastfront, einiget yn in Russyske oerwinning. De Dútsers moatte har weromlûke.
- 19 oktober - De stêd Lüderitz, yn Dútsk-Súdwest-Afrika, wurdt troch Súdafrikaanske troepen ûnder generaal Louis Botha ynnommen.
- 29 oktober - Nei ûnferwachtse Osmaanske bombardeminten fan 'e Russyske stêden Odessa en Sebastopol ferklearret Ruslân de oarloch oan it Osmaanske Ryk.
- 31 oktober - Belgyske troepen keare de Dútsers oant it Westfront yn 'e Slach om de Izer.
- 2 novimber - It Feriene Keninkryk anneksearret formeel it eilân Syprus, dat it al sûnt 1878 fan it Osmaanske Ryk yn pacht hie. It eilân wurdt no formeel de koloanje Britsk-Syprus.
- 5 novimber - It Feriene Keninkryk en Frankryk ferklearje de oarloch oan it Osmaanske Ryk.
- 7 novimber - De Dútske konsesje yn Sina, Qingdao, wurdt beset troch Japanske troepen.
- 16 novimber - Oan it Balkanfront dogge Eastenryksk-Hongaarske troepen yn it ramt fan 'e Servyske Kampanje foar de trêde kear in wraam op it Keninkryk Servje.
- 21 novimber - Yn it ramt fan 'e Earste Slach om Iper bestookt it Dútske leger de Belgyske stêd Iper mei brângranaten. It hiele histoaryske stedssintrum brânt ôf.
- 2 desimber - Eastenryksk-Hongaarske troepen feroverje de Servyske haadstêd Belgrado.
- 3-13 desimber - Servyske troepen sette oan it Balkanfront in massaal tsjinoffinsyf yn, dat it Eastenryksk-Hongaarske leger folslein oer it mad komt. De ynfallers wurde foar de trêde kear út it Keninkryk Servje ferdreaun.
- 15 desimber - Kening Peter II fan Servje hâldt syn triomfantlike yntocht yn 'e befrijde Servyske haadstêd Belgrado.
- 17 desimber - Egypte wurdt troch it Feriene Keninkryk formeel losmakke fan it Osmaanske Ryk. It wurdt no in sultanaat ûnder Britsk protektoraat.
Berne
bewurkje seksje- febrewaris
- 6 - Piet Rigter van der Zee, Frysk sjoernalist en skriuwer († 2014)
- maart
- 3 - Klaas Koelstra, Frysk fersetsstrider († 1944)
- 9 - Piet Esser, Nederlânsk byldzjend keunstner († 2004)
- 10 - Maurits Troostwijk, Frysk jurist en politikus († 1991)
- 30 - Marten Buis, Frysk keunstskilder († 1994)
- 31 - Octavio Paz, Meksikaansk skriuwer en Nobelpriiswinner († 1998)
- april
- 2 - Alec Guinness, Ingelsk akteur († 2000)
- 22 - Jan de Hartog, Nederlânsk skriuwer († 2002)
- maaie
- 1 - G.B.J. Hiltermann, Nederlânsk sjoernalist, polityk kommentator, útjouwer en histoarikus († 2000)
- 12 - Bertus Aafjes (Jan Oranje), Nederlânsk skriuwer en dichter († 1993)
- 15 - Tenzing Norgay, Nepaleesk sjerpa († 1986)
- 22 - Max Kohnstamm, Nederlânsk skiedkundige en diplomaat († 2010)
- 28 - Sjoerd Leiker, Frysk dichter, skriuwer en sjoernalist († 1988)
- juny
- 15 - Joeri Andropov, Russysk politikus, lieder fan de Sovjet-Uny († 1984)
- 14 - Rupert Bruce-Mitford, Britsk archeolooch († 1994)
- 17 - Jan Deodatus, Nederlânsk byldzjend keunstner († 1986)
- 23 - Alfred Salten, Dútsk-Nederlânsk muzikant en dirigint († 1994)
- july
- 14 - Wim Hora Adema, Frysk sjoernaliste en skriuwster († 1998)
- 18 - Gino Bartali, Italjaansk hurdfytser († 2000)
- 22 - Hortensia Bussi, Sileensk presidintsfrou († 2009)
- 29 - Adam Jaarsma, Frysk predikant, skriuwer en oersetter († 1991)
- 31 - Louis de Funès, Frânsk akteur († 1983)
- augustus
- 1 - Ru Clevering, Nederlânsk politikus († 2013)
- 5 - Samuel (Sem) Dresden, Nederlânske literatuerwittenskipper en romanist († 2002)
- septimber
- 12 - Krine Boelens, Frysk taalkundige en sosjolooch († 1995)
- 16 - Jaap Min, Nederlânsk ekspresjonistysk keunstskilder († 1987)
- oktober
- 1 - H.R. Ellis Davidson, Ingelsk skied- en taalkundige, argeologe en antropologe († 2006)
- 6 - Thor Heyerdahl, Noarsk antropolooch († 2002)
- 7 - Jan Bearn Singelsma, Frysk politikus († 2005)
- 18 - Kees Vrijling, Nederlânsk politikus († 2004)
- 28 - Jonas Salk, Amerikaansk dokter († 1995)
- novimber
- 8 - Richard L. Coe, Amerikaansk teäter- en filmkritikus († 1995)
- 28 - Jonas Salk, Amerikaansk dokter en útfiner (fan it poliofaksên) († 1995)
- novimber
- 16 - Bé Nijenhuis, Frysk skriuwer en sjoernalist († 1972)
- desimber
- 15 - Arthur Troop, Ingelsk plysjeman († 2000)
Ferstoarn
bewurkje seksje- jannewaris
- 15 - Waling Dykstra, Frysk skriuwer (* 1821)
- febrewaris
- 3 - Wite Earn, opperhaad fan 'e Ponka (* 1840)
- 24 - Joshua Chamberlain, Amerikaansk militêr, heechlearaar en politikus (* 1828)
- maart
- 24 - Eelco Schaafsma, Frysk politikus (* 1858)
- maaie
- 2 - John Campbell, 9e hartoch fan Argyll, Skotsk ealman en politikus (* 1845)
- july
- 22 - Eli Heimans, Nederlânsk ûnderwizer en natuerbeskermer (* 1861)
- 24 - Ben Clark, Amerikaansk gids, tolk en ferkenner (* 1842)
- 28 - aartshartoch Frâns Ferdinand fan Eastenryk (* 1821)
- augustus
- desimber
- 21 - Gerhardus Wijnandus Bruinsma, Frysk dokter en bestjoerder (* 1840)
Literatuer
bewurkje seksje- romans
Jierren: | 1909 | 1910 | 1911 | 1912 | 1913 | 1914 | 1915 | 1916 | 1917 | 1918 | 1919 |
Iuwen: | 15e | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e iuw | 21e | 22e | 23e | 24e | 25e |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|