Tenzing Norgay

Tenzing Norgay (faaks kleaster Ghang La (Tibet), 15 maaie 1914 - Darjeeling (Yndia), 9 maaie 1986) wie in Nepaleeske Sjerpa, dy't tegearre mei Edmund Hillary as earste de top fan de heechste berch yn de wrâld, de Mount Everest, berikte.

Tenzing Norgay
Hillary en Tenzing Norgay
Hillary en Tenzing Norgay
persoanlike bysûnderheden
echte namme Tenzing Norgay
nasjonaliteit Flag of Nepal.svg Nepaleesk
berne 15 maaie 1914
berteplak Ghang La
stoarn 9 maaie 1986
stjerplak Darjeeling flagge fan Yndia
etnisiteit Sjerpa
wurkpaad
reden
  bekendheid
Berikte mei Edmund Hillary as earste de top fan de Mount Everest
Stânbyld fan Tenzing Norgay

It is net witten wa't as earste op de top stie, Norgay en Hillary hienen ôfsprutsen dat net te sizzen. Omdat beide stoarn binne, sil it ek nea bekend wurde.

1953 wie foar Norgay in wichtich jier. Op 29 maaie 1953 berikten Hillary en Tenzing as earste minsken it heechste punt op ierde, de Mount Everest (8848m).

Tenzing Norgay wie drager fan in hege Britske ûnderskieding foar dapperens; de George Medalje.

Yn 1996 trêde syn soan Jamling Tenzing yn syn heite fuotleasten. By de klim, dy't ek wol de "1996 Everest disaster" neamd wurdt omdat der acht klimmers út in oar team omkamen, helle er mei twa oare klimmers de top fan de Mount Everest.