Moard

it ûnwettich, mei opsetsin en mei foarút fêststelde bedoeling deadzjen fan in oare minske
(Trochferwiisd fan Moardner)

Moard is it ûnwettich, mei opsetsin en mei foarút fêststelde bedoeling deadzjen fan in oare minske. Hoewol't de term yn 'e folksmûle foar in breder ferskaat oan betsjuttings brûkt wurdt, is it beëinigjen fan it libben fan in oar wetlik sjoen inkeld moard as men ek wier-wier yn 't foar de bedoeling hie om dat te dwaan. De faak oanhelle termen "moard út willemoed" of "in willensmoedse moard" (sûnder mis better bekend yn 'e Nederlânske foarm moord met voorbedachten rade) is dus eins in pleönasme, mei't willemoed (bedoeling) al yn 'e oantsjutting "moard" besletten leit. Op moard stiet ûnder it Nederlânsk strafrjocht in finzenisstraf dy't oprinne kin oant libbenslang (wat yn 'e praktyk nea langer is as 30 jier). Foar moard tusken kriminelen ûnderling sprekt men gauris fan in likwidaasje.

De moard fan Kaïn op syn broer Abel, neffens de Bibel de earste moard út 'e skiednis fan 'e minskheid (byld by de dom fan Milaan).

Underskie mei soartgelikense misdriuwen

bewurkje seksje

Moard wurdt troch alle rjochtsstelsels, sawol dy út it ferline as fan tsjintwurdich, beskôge as in tige earnstich misdriuw en der wurdt yn 'e regel dan ek in swiere straf foar oplein. Dochs is der altiten al ûnderskie makke tusken moard en oare foarmen fan it deadzjen fan minsken, ek al wurdt dat ûnderskie bûten it gerjocht faak net ûnderkend. Njonken moard binne der:

  • deaslach (of manslach): it ûnwettich en mei opsetsin deadzjen fan in oar sûnder dat men foarôf dy bedoeling hie (yn 'e hite hei, dus)
  • kwalifisearre deaslach: deaslach yn kombinaasje mei in oar misdriuw (bgl. berôving)
  • dea troch skuld: it ûnwettich mar by fersin deadzjen fan in oar troch ferwytber hâlden en dragen of troch neilittichheid
  • needwar: it ûnwettich deadzjen fan in oar út selsferdigening (needwarekses oftewol disproporsjonele needwar is strafber, útsein as dat daliks folget op (in besykjen ta) oantaasting fan liif, earberheid of eigendommen – dan komt men telâne yn in tige yngewikkelde regeljouwing)
  • wettich deadzjen: it deadzjen fan kriminelen of fertochten troch de plysje, ynsafier't dy troch it hanneljen fan dy persoanen dêrta twongen wurdt, of it deadzjen fan soldaten yn tiid fan oarloch
  • eksekúsje: it útfieren fan 'e deastraf troch fan oerheidswegen spesjaal dêrta oanstelde boalen
  • selsmoard: it deadzjen fan jinsels

It ûnderskie tusken moard en dizze oare foarmen fan deadzjen is net altyd like dúdlik, fral net as it derom giet oft dejinge dy't in oar deade hat dat yn 't foar fan doel wie (moard) of dat er op it eigenste stuit sa opsternaat waard dat er it yn 'e hite hei die (deaslach). It útfieren fan in deastraf nei in proses wêrby't te min bewiis oanfierd waard tsjin 'e ferklage, of wêrby't de ferklage net of net goed ferdigene waard, of wêrby't de rjochter partijich wie, sil troch objektive waarnimmers as moard beskôge wurde moatte, en allyksa as der in deastraf útfierd wurdt sûnder dat der in proses plakfûn hat. Oan 'e oare kant wurde de likwidaasjes dy't yn 'e Twadde Wrâldoarloch útfierd waarden troch it Nederlânske ferset yn 'e regel net as moard beskôge.

Underskate foarmen fan moard

bewurkje seksje

Foar ûnderskate soarten moarden wurde gauris oantsjuttings brûkt dy einigje op "-side", in ferfrysking fan it efterheaksel -cide, dat weromgiet op it Latynske wurd cīdere, dat "deadzje" betsjut. Sa hat men:

Dizze foarmen fan moard tsjutte allegear oan wa't it slachtoffer fan 'e moard is. Oare termen foar spesifike moarden geane mear oer de manear wêrop, of it doel fan 'e moard. Sokke oantsjuttings binne bygelyks:

  • hiermoard (in moard dy't útfierd wurdt troch immen (in hiermoardner), dy't him (of har) foar dat putsje ynhiere litten hat troch in opdrachtjouwer)
  • lustmoard (in moard dy't om seksuële motiven dien wurdt)
  • passymoard (of crime passionel; in moard út hertstocht)
  • politike moard (in polityk motivearre moard, ornaris op in bekend persoan; as sa'n moard mislearret, sprekt men fan in moardoanslach)
  • rôfmoard (in moard dy't by in berôving plakfynt)
  • searjemoard (in moard dy't ien út in rige is dy't allegear dien binne troch in searjemoardner; men wurdt in searjemoardner neamd as men teminsten 3 persoanen op ferskillende tiidstippen om hals brocht hat – in searjemoardner moat net betize wurde mei in massamoardner, dy't teminsten 3 persoanen tagelyk om hals brocht hat)
  • slûpmoard (in moard dy't tige stikem of ferriedlik útfierd wurdt)

Wer in oar soarte fan moard is it as de dieder fuort nei de moard of tagelyk mei de moard selsmoard docht. Yn Nederlân giet it yn sokke gefallen faak om in moard-selsmoard, wêrby't in heit of mem syn of har gesin of bern ombringt en dêrnei him- of harsels. Yn polityk ynstabile lannen komme faak selsmoardoanslaggen foar; dat binne moardoanslaggen wêrby't de dieder him- of harsels ek fan kant makket, gauris troch in bom ta ûntploffing te bringen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.