Milaan
Dit artikel is in stobbe oer geografy.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta. |
Milaan (Italjaansk: Milano, West-Lombardysk: Milan) is de twadde stêd fan Itaalje en de wichtichste yn Noard-Itaalje. De namme komt fan it Latynske Mediolanum wat betsjut "yn de midden fan de flakte" en dat ferwiist nei it feit dat de stêd yn de midden fan de Poflakte leit. De stêd leit noardeastlik fan Turyn en bewesten Ferona.
Milaan | ||
![]() | ||
Dom fan Milaan | ||
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.317.882 (juny 2010) | |
Oerflak | 183.77 km² | |
Befolkingsticht. | 7.171/km² | |
Hichte | 120 m | |
Polityk | ||
Lân | Itaalje | |
Regio | Lombardije | |
Provinsje | Milaan | |
Boargemaster | Giuliano Pisapia, sûnt 2011 | |
Oar | ||
Stifting | 600 f.Kr. (Kelten) 222 f.Kr. (Romeinske ferovering) | |
Koördinaten | ||
Offisjele webside | ||
City of Milan – Virtuele omgong |
Milaan is ek haadstêd fan de Italjaanske regio Lombardije. Teffens is it haadstêd fan de provinsje mei deselde namme. Yn de stêd wenje om-ende-by 1,3 miljoen minsken, mar de bewenners fan de stêdekloft derom hinne der by rekkene komt dat wol op fjouwer miljoen.
BoargemastersBewurkje
- 2016 - Giuseppe Sala
- 2011 - Giuliano Pisapia
- 2006 - Letizia Moratti (PdL)
BerneBewurkje
- Giovanni D'Anzi (1906-1974), komponist en sjonger
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Milaan fan Wikimedia Commons. |