Dom fan Milaan
De 'Dom fan Milaan (Lombardysk: Dom de Milan, Italjaansk: Duomo di Milano; offisjeel: Basilica cattedrale metropolitana di Santa Maria Nascente) is de oan 'e berte fan Marije wijde roomsk-katolike katedraal fan it aartsbisdom Milaan. It op it Piazza del Duomo steande goatyske bouwurk is ien fan 'e grutste tsjerken fan 'e wrâld en de bou derfan begûn yn 1386 ûnder hartoch Gian Galeazzo Visconti. Pas yn 'e 19e iuw waard de katedraal mei de bou fan 'e tsjintwurdige gevel foltôge.
Domtsjerke fan Milaan Duomo di Milano | ||
Lokaasje | ||
lân | Itaalje | |
regio | Lombardije | |
plak | Milaan | |
adres | Piazza del Duomo | |
koördinaten | 45° 27' N 9° 11' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | roomsk-katolyk | |
aartsbisdom | Milaan | |
patroanhillige | Marije | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1386-19e iuw | |
boustyl | gotyk, neogotyk | |
Webside | ||
Side domtsjerke | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeFoar de hjoeddeiske dom stiene der, nei't der noch arder in Romeinske timpel stien hie, twa tsjerken: de ier-kristlike tsjerke Santa Maria Maggiore en op it gebiet fan it tsjintwurdige plein in gruttere Romeinske basilyk, dy't letter oan 'e hillige Tekla wijd wie en yn 1548 ôfbrutsen waard. Beide tsjerken gyngen werom op 'e 4e iuw en waarden earder ferskate kearen ferneatige en yn in oare foarm wer opboud.
De bou sette yn 1386 útein yn opdracht fan stedshear Gian Galeazzo Visconti, letter de earste hartoch fan Milaan. Yn 1388 waarden de fûneminten lein en de bou fan 'e bûtenmuorren fan in trijeskippich gebou begûn fanôf de apsis. Oant 1402 wiene der njonken Italjaanske boumasters ek Frânske en Dútske boumasters oan it wurk. De Italjanen wurken noch neffens de tradisjonele, lânseigen tradysjes, de oaren sochten nei in maksimale hichte en ferljochting fan it gebou. De bûtenlanners waarden al gaueftich troch de Lombarden ferdrongen, mar de bou bleau ûnder ynfloed fan 'e Frânske en Dútske gotyk. Om 1400 kaam de apsis op hichte, wylst it jier 1402 neamd wurdt foar de foltôging fan it maaswurk fan it 22,5 meter hege koerfinster en yn 1409 waarden ek de dwersskippen foltôge.
Doe't paus Martinus V it haadalter yn 1418 wijde, wie de toer op 'e krusing noch net ôf. Yn 'e twadde helte fan 'e 15e iuw waard fierder nei it westen ta boud. It materjaal, moarmer út de stiengroeves fan Candoglia yn it Val d'Ossola oan it Lago Maggiore dêr't de bakstien fan 'e kearn fan it gebou mei beklaaid waard, kaam oer kanalen oanfierd nei Milaan. De blokken moarmer krigen it merk AUF (= ad usum fabricae), sadat elkenien wist dat it foar de domtsjerke ornearre wie en it materjaal sûnder kosten ynfierd wurde koe.
Doe't biskop Karel Borroméus yn 1572 de katedraal einlings ynwije koe, wie de katedraal noch net ôf en op de westlike kant mei in provisoaryske bakstiennen muorre ôfsletten. Yn 'e earste helte fan 'e 16e iuw waarden der noch wol ferskate ûntwerpen makke foar de gevel, dy't lywols net fierder ta útfiering kamen.
Sûnt 1567 wie boumaster Pellegrino Tibaldi yn tsjinst en dy liet it koer oant 1577 yn 'e iere barok ferbouwe. Fan syn renêssânse gevelûntwerp út 1570 waard allinne it portaal útfierd, mar Carlo Buzzi, boumaster sûnt 1630, brocht wer feroarings oan 'e gevel oan en makke de gevel wer wat goatysker.
-
Boutekening fan Cesare Cesariano, 1521
-
Untwerp mei tuorren fan Carlo Buzzi, 1647
-
Untwerp fan Francesco Maria Richini, 17e iuw.
-
Marc'Antonio Dal Re: de domsterke yn 1745
Pas yn opdracht fan Napoleon Bonaparte, dy't him op 26 maaie 1805 yn 'e dom as kening fan Itaalje kroane liet, waard de gevel fan Giuseppe Zanola yn neogoatyske styl fierder boud en yn 1813 troch Amati foltôge. De klokketoer waard yn 1858 ôfbrutsen, wylst de fialen oan it begjin fan 'e 1890 ree kamen. It yn in útskreaune wedstriid súksesfolle ûntwerp fan Giuseppe Brentanos waard net realisearre.
Hieltiten wer kaam ek de kwestje op it aljemint om de dom in passende klokketoer te jaan. Der wiene plannen fan Seregni en Buzzi om de dom twa tuorren te jaan. Op it lêst soe yn 1938 in project út 1927 fan Vico Viganò útfierd wurde. De toer, dy't de namme Torre delle Memorie delle Vittorie e delle Glorie krije soe, moast de heechste tsjerketoer fan 'e wrâld en yn 1942 foltôge wurde, mar brek oan jild wie de oarsaak dat ek dit projekt net útfierd waard.
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe tsjerke is útfierd yn 'e goatyske styl en foarmet dêrmei in útsûndering yn 'e Italjaanske arsjitektuer. De gevel waard pas ûnder Napoleon oanbrocht. It oanlizzen fan it grutte plein om de katedraal fûn tusken 1865 oant 1873 plak.
Eksterieur
bewurkje seksjeDe sydmuorren fan 'e domtsjerke datearje út de 15e oant de 18e iuw en wurde troch mei fialen bekroande steunbearen en hege finsters ûnderbrutsen. By de dwersskippen binne de steunbearen dûbel útfierd, om sa treppen binnen nei boppe mooglik te meitsjen. De muorren binne mei mear as 2000 bylden en 135 fialen fersierd fan ferskillende keunstners út ferskate tiden.
Foar toeristen is it mooglik om tsjin in fergoeding it dak op te gean om sa de details fan 'e bou te besjen. Op in heldere dei kin it sicht oer de stêd oant de Alpen ta rikke.
Krusingstoer
bewurkje seksjeDe achthoekige toer op 'e krusing waard yn 'e 15e en 16e iuw boud. Op de sintrale spits stiet in ferguld byld fan Marije, dy't yn 'e himel opnommen wurdt. Yn 'e folksmûle hjit it byld La Madonnina en it krige yn 1774 in plak op 'e spits.
Portalen
bewurkje seksjeDe gevel hat fiif portalen. De brûnzen doarren fan it haadportaal fan Lodovico Poliaghi toant op 'e iene doar de Sân Freugdes fan Marije en de oare doar de Sân Smerten. De reliëfs binne yn in mingfoarm fan gotyk en Jugendstil foarmjûn.
It bûtenste noardlike sydportaal út 1948 is wijd oan 'e frede yn it kristendom. De grutte tafels fan it Edikt fan Milaan yn it sintrum wurde begeliedt mei sênes fan 'e ferfolging en befrijing fan kristenen. De fleugels fan 'e doarren fan it folgjende portaal binne wijd oan it libben fan 'e hillige Ambrosius. Rjochts fan it haadportaal giet it dan fierder mei de midsiuwske striid tsjin it Hillich Roomske Ryk en de houten doar hielendal rjochts út 1965 toant de skiednis fan 'e dom yn 'e tiid fan Karel Borroméus.
Ynterieur
bewurkje seksjeIt grûnflak fan 'e katedraal hat de foarm fan in latynsk krús. De maten fan 'e fiif skippen, it trijeskippige transept en de koeromgong folgje neffens Frânsk foarbyld fêste ferhâldings: middenskip en krusing binne dûbel sa breed as dy fan 'e sydskippen.
Alhoewol't de bou basilikaal is, binne de hichteferskillen tusken de skippen lyts, lykas wenst is yn 'e Lombardyske boukeunst. De ferwulften wurde troch 52 bundelpylders droegen. Bysûnder oan 'e pylders binne de oant seis meter hege kapitelen mei nissen, dêr't hilligen yn steane ûnder baldakinen, dêr't lytse byldsjes fan profeten op steane.
De flier fan 'e dom waard yn 'e hjoeddeiske foarm sûnt 1585 yn wite, reade en swarte moarmer en oarssoartige stien lein en healwei de 20 iuw foltôge. De ramen fan 'e katedraal datearje foar in part út de 14e iuw.
Middenportaal
bewurkje seksjeIt middenportaal is oan 'e binnenkant mei ierbarokke arsjitekturale elementen foarsjoen en fan let-klassisistyske bylden út 1837 fan 'e hilligen Ambrosius en Karel Borroméus flankearre. In gevelstien betinkt de wijing fan 'e dom yn 1418 en 1577. In smelle trep bringt de besikers nei de argeologyske opgravings (resten fan de foargongers) en de eardere doopkapel, dêr't de hillige Augustinus yn 387 troch biskop Ambrosius doopt waard.
Lofter sydskip
bewurkje seksjeYn it lofter sydskip binne alters mei wichtige keunstskatten út de 16e oant 19e iuw, 12e iuwske moarmeren plakettes mei apostelfiguren en it houten krús, dat Karel Borroméus meitôge yn in prosesje doe't de pest yn Milaan omspûke. Fierders is de doopkapel mei in Romeinsk bekken, dy't oarspronklik yn it middenskip stie, yn 'e 17e iuw hjirhinne ferhûze.
Rjochter sydskip
bewurkje seksjeNjonken alters út de 14e en 15e iuw binne hjir in soad sarkofagen fan hilligen en begeunstigers fan 'e tsjerke ûnderbrocht. De finsters binne it wurk fan Flaamske, Lombardyske en Rynlânske keunstners út de 15e iuw.
Dwersskip
bewurkje seksjeIt rjochter transept mei it grêfmonumint fan Gian Giacomo Medici is lykas it lofter transept ynrjochte mei bylden. Dêrûnder is it byld fan 'e strûpte hillige Bartoloméus fan Marco d'Agrate út it jier 1562. Yn it lofter transept stiet de Trivulzio-kandler. De fiif meter hege ljochter mei sân earms is in iergoatysk masterwurk fan in brûnsjitter út it Rynlân, it Maasgebiet of Loataringen. De kandler datearret yn alle gefallen út ± 1200 en is fersierd mei bibelske en wrâldske foarstellings.
Koer
bewurkje seksjeYn 'e twadde helte fan 'e 16e iuw krige it koer de hjoeddeiske ynrjochting. De houten koerbanken steane om it heechalter, dat in siboarium yn 'e foarm fan in rûne timpel hat mei dêrûnder in yn 1590 troch Francesco Brambilla makke en fan brûnzen ingels droegen tabernakel. De koepel fan it siboarium wurdt bekroand mei in byld fan 'e triomfearjende Kristus.
Allinne mei Peaske wurdt de bylderike peaskeljochter fan 1439 boppe it alter ophongen.
Alle jierren fynt yn septimber mei it feest fan 'e Krúsferheffing it ritueel La Nivola yn 'e domtsjerke plak. Sûnt 20 maart 1461 wurdt de Hillige Spiker fan it Krús (Santo Chiodo della Croce) yn 'e domtsjerke bewarre, neffens de tradysje in oerbliuwsel fan it lijen fan Jezus. It wurdt yn in krúsfoarmich relikwarium bewarre dat yn it ferwulft hinget en wêrfan't it plak mei in read lampke wurdt oanjûn. Alle jierren wurdt yn septimber it relyk mei it feest fan 'e Krúsferheffing út it kastje oan it ferwulft nommen, yn in krús hongen en mei in 17e-iuwske lift nei ûnderen helle. It wurdt dan yn in prosesje troch de tsjerke droegen.
De reliëfs oan 'e achterkant fan 'e koermuorre binne 17e-iuwsk en stelle sênes út it libben fan Marije foar.
Krypte
bewurkje seksjeDe rûnfoarmige krypte ûnder it heechalter datearret út 1606 en is tagonklik troch in yngong achter it koer. Fan dêr wei is it mooglik de Scurolo di San Carlo yn te gean, in achthoekige kapel dêr't yn in kristallen urn de resten fan 'e hillige Karel Borroméus bewarre wurde. De sulveren reliëfs oer it libben fan 'e hillige binne 19e-iuwsk.
Sakristy
bewurkje seksjeOan beide kanten fan it koer is in sakristy en se stamme alletwa út de 14e iuw. De bekroaning fan it portaal fan 'e súdlike sakristy (1391) is fan de Dútske byldhouwer Hans fan Fernach. Fierder is dêr in lavabo fan 1396 en in Kristusbyld oan 'e martlerspylder fan Christophoro Solari. De noardlike sakristy hat in portaal fan 1396, de moarmeren flier datearret fan 1407 en de fresko's dêr binne om 1600 hinne oanbrocht.
Oargels
bewurkje seksjeIt earste oargel fan 'de domtsjerke waard yn 1397 opsteld. Yn 'e jierren 1533-1577 folge de bou fan it noardlike oargel mei tolve registers. In súdlike oargel waard sûnt 1583 boud, dat yn 1590 foltôge waard en it âldere ynstrumint fan 1397 ferfong. It neamen wurdich binne de âld- en nijtestamintyske beskilderings fan it súdlike oargelfront.
Beide ynstruminten waarden yn 'e rin fan 'e tiid jimmeroan ferboud, fergrutte en lang om let yn 'e jierren 1985-1986 troch de oargelboufirma Tamburini folslein op 'e nij organisearre. It hiele oargel bestiet no út meardere dieloargels, dy't fanôf in mienskiplike spyltafel bespile wurde kin. Mei 186 klinkende registers en likernôch 16.000 pipen op fiif manuaalwurken en oerienkomstich selsstannige pedaalwurken is it dêrmei ien fan 'e grutste oargels fan 'e wrâld. De traktueren binne elektrysk.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|