In sakramintshúske of tabernakel is in lytse romte yn it alter dêr't nei in eucharistyfiering de oerbleaune konsekrearre hosty's bewarre wurde. Om't de konsekrearre hosty's as it lichem fan Kristus it alderhillichste sakramint foarmje, wurdt der, foardat it tabernakel iepene wurdt, altiten in knibbelfal makke. Konsekrearre hosty's wurde mei de grutste earbied behannele en wurde dêrom yn in feilige romte bewarre dêr't net elkenien by kin.

Tabernakel fan de Klústsjerke yn Warfhuizen.

Yn âlde midsiuwske tsjerken siet it sakramintshúske yn 'e noardlike muorre fan it koer. Yn protestantske tsjerken dy't oant de reformaasje noch roomsk wiene, binne yn guon gefallen noch altiten of wer foar it ljocht helle sakramintshúskes yn 'e koermuorre te sjen, lykas yn 'e tsjerken fan Eanjum, Burgum en Rinsumageast. Oarspronklik hiene de alters gjin opbou, sa't dat hjoed-de-dei wenst is. Yn 'e goatyske tiid waarden de ynearsten tige ienfâldige tabernakels hieltiten moaier fersierd en ûnstiene oan 'e muorren de saneamde sakramintstuorren. Mei de ûntwikkeling fan 'e opsetstikken op 'e alters sûnt de 12e iuw ûnstie der ek romte foar in tabernakel yn it alter.

De yn in tabernakel bewarre konsekrearre hosty's wurde by in folgjende eucharistyfiering wer út it sakramintshúske helle en oan 'e leauwenden oanrikke. Guon fan 'e konsekrearre hosty's wurde ek brûkt om oan minsken te jaan dy't net by de misse oanwêzich wêze kinne fanwegen bygelyks sykte. De konsekrearre hosty wurde dan ferfierd yn in pyksis, in hostydoaske, om earne oars oan 'e persoan út te rikken.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: