Warfhuzen

(Trochferwiisd fan Warfhuizen)

Warfhuzen (Grinslânsk: Waarfhoezen)is in doarp yn it noardwesten fan de provinsje Grinslân. Der wenje 210 minsken (2008). Sûnt 2019 is Warfhuzen part fan de gemeente It Hegelân (Foarhinne gemeente De Marne). Warfhuzen leit op twa terpen, in grutte mei de tsjerke en buorren en in lytsere dy't Burum neamd wurdt.

Tsjerke fan Warfhuzen
Strjitte Burum yn Warfhuzen

Warfhuzen hie eartiids twa boargen, de Gaykingaboarch en de Lulemaboarch. De Gaykingaboarch wie yn de 15e en iere 16e iuw bewenne fan haadlingen en rjochters. Yn de Tachtichjierrige oarloch holden Spaanske troepen yn de Gaykingaboarch ta. Nei de Tachtichjierrige oarloch bleaune de ynwenners fan Warfhuzen roomsk. De Gaykingaboarch rekke nei 1717 yn it neigean. Op it plak dêr't foarhinne de boarch stie waard yn 1789 in boerepleats boud.

Warfhuzen wie yn de 18e en 19e iuw in frij grut doarp mei ferskate winkels en kroegen. Yn de tweintichste iuw rekke it ynwennertal yn it neigean en sakke nei 210 ynwenners yn 2008. Warfhuzen is sûnt 2003 ferneamd wurden as roomsk beafeartsplak.

  • 1795 - 512
  • 1849 - 465 (ynkl. 12 yn it herv. earmehûs)
  • 1859 - 353 (ekskl. 183 yn it bûtengebiet)
  • 1869 - 414
  • 1879 - 407 (ynkl. skipsbewenners: 16)
  • 1889 - 414 (ynkl. skipsbewenners: 32)
  • 1899 - 424 (ynkl. skipsbewenners: 30)
  • 1909 - 505
  • 1920 - 419 (ynkl. skipsbewenners: 11)
  • 1930 - 434
  • 1947 - 432
  • 1960 - 384
  • 1971 - 315
  • 2008 - 210
  • 2016 - 205