It Hegelân

It Hegelân (Grinslânsk: ’t Hoogelaand; Nederlânsk: het Hogeland) is in gemeente yn it noardwestlik diel fan de provinsje Grinslân. De gemeente ûntstie op 1 jannewaris 2019 troch gearfoeging fan de gemeenten Bedum, Iemsmûn, De Marne en in diel fan Winsum. It Hegelân is wat oerflak oanbelanget in tige grutte gemeente en de plakken Bedum, Liens, Winsum en Uthuzen binne gemeentlike sintra. Yn Uthuzen komt it gemeentebestjoer en de gemeenteried by inoar. De gemeente hie op 31 jannewaris 2023 48.255 ynwenners (boarne: CBS).

It Hegelân

Het Hogeland

flagge wapen
Het Hogeland vlag.svg Het Hogeland wapen.svg
lokaasje
Gem-Het Hogeland-OpenTopo.jpg
polityk
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Flag of Groningen.svg Grinslân
boargemaster Henk Jan Bolding (waarnimmend)
sifers en geografy
haadplak Uthuzen
grutste plak Bedum
ynwennertal 48.255 (31 jannewaris 2023)
befolkingstichtens 55 / km²
oerflak 907,71 km²
● wêrfan lân 482,82 km²
● wêrfan wetter 424,89 km²
tal doarpen 51
ferkearsieren N361, N363, N46,
skiednis
oprjochte 2019
Oant 2019 De Marne vlag.svg De Marne
Flag of Bedum.svg Bedum
Flag of Eemsmond.svg Iemsmûn,
VlagWinsum.svg Winsum (foar in part)
oar
netnûmer 050, 0595, 0596
postkoade 9350, 9351, 9363, 9800, 9801, 9860, 9861
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
webside hethogeland.nl

NammeBewurkje

De namme is ûntliend oan dy fan it histoaryske distrikt Hogeland of Hoogeland. De ynwenners mochten yn 2017 stimme foar de definitive namme middels in enkête. 75% keas foar Het Hogeland. De alternativen Het Marenland en Hunsingo hellen it net.

PlakkenBewurkje

Yn de gemeente lizze 51 doarpen. Dêrnjonken hat de gemeente noch in grut tal buorskippen. De waadeilannen Rottumereach en Rottumerplaat falle ûnder de gemeente It Hegelân.

DialektBewurkje

Yn de gemeente wurdt in fariant fan it Nedersaksysk, it saneamde Hegelânsk (Hoogelaandsters of Noordgrunnegs) praat.

 
Grinslân
 
Aldamt - Feandam - Grins (haadstêd) - It Hegelân - Iemsdelta - Midden-Grinslân - Pekela - Stedskanaal - Westerkertier - Westerwâlde