Maar
In maar is yn Grinslân en East-Fryslân de namme foar in wetterrin. Dy namme is besibbe oan de Fryske mear. Maren binne meast smelle, ûndjippe, natuerlike, soms ek net-natuerlike streamkes (fearten of sleaten) dy't al iuwenlang besteane. Sy komme it meast foar yn de Grinslanner goaen Hunsingo en Fivelingo en yn de Krummhörn.
In stikmannich foarbylden:
- it Abbemaar
- it Bierumermaar
- it Biessumermaar
- it Eenumermaar
- it Kardingermaar
- it Lellenstermaar
- it Lustigemaar
- it Pieterbuurstermaar
- it Potmaar
- it Sauwerdermaar
- it Sint-Nicolaasmaar
- it Stedumermaar
- it Uitwierdermaar
- it Warffumermaar
- it Westerwijtwerdermaar
By wetterskip Noardersylfest binne mear as 100 wetters dy't de útgong "-maar" hawwe. Lytse wetters wurde meast oantsjut mei tocht. Yn it easten fan Grinslân wurdt faak praat fan diep(je) en watering.
Maren yn East-Fryslân
bewurkje seksjeDe maren yn East-Fryslân lizze hast allinne yn de Krummhörn, mar ek binne der in pear yn it Reiderlân en yn Moormerlân.[1] Foarbylden binne:
- Alte Maar (Rysum)
- Alte Maar (Oldersum)
- Alte Maar (Südbrookmerland)
- Borßumer Maar
- Campenerer Maar
- Dieler Maar (Weener)
- Gastmer Maar (Weener)
- Groothuser Maar
- Groothuser Neue Maar
- Große Maar (Loquard)
- Hammermaar (Rysum)
- Hamswehrumer Maar, no Hamswehrumer Tief
- Jarßumer Maar
- Kleine Maar (Loquard)
- Kurze Uphuser Maar
- Langemaar (Oldersum)
- Maar (Upgant-Schott)
- Maar-Tief (Arle)
- Neue Maar (Abbingwehr)
- Oldemaar (Hamswehrum)
- Oldemaar (Wybelsum)
- Oldemaar (Woquard)
- Pewsumer Maar
Yn Fryslân
bewurkje seksjeDe gritenij Opsterlân wurdt op it 14e-iuwske lânskipssegel ek oantsjut as S(uper) Haudmare, dat is 'boppe it Haadmaar' of 'boppe de haadstream (lizzend)'. Mei Haudmare waard sa't it liket de Boarn bedoeld.[2]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|