Hamswehrum is in plak yn de Dútske gemeente Krummhörn, East-Fryslân, dielsteat Nedersaksen. It doarp leit sa'n twa kilometer fan de Waadsee en hat 493 ynwenners (2008).

Kaart fan Krummhörn

It plak wurdt foar it earst neamd yn in skriftlike boarne yn 1375; it is nei alle gedachten stifte troch de bewenners fan in plak dat ferdwûn is, "Hamswehr" of "Hayenswehr". Hieltiten wer dûkt yn de skiednis de namme Giele boarch op. Tsjintwurdich libbet de namme fan dy boarch allinne noch yn dy fan in pleats mei deselde namme. De 15e iuwske tsjerke waard yn 1967 ôfbrutsen, útsein it tuorke, en ferfongen troch in nijeren. De befolking moat it hawwe fan lânbou en toerisme.

Tsjerke fan Hamswehrum

Keppeling om utens

bewurkje seksje