Krummhörn
Krummhörn is in gemeente yn de Dútske dielsteat Nedersaksen. Oerflak: 159 kante kilometer. Bestjoerlik heart de gemeente by it distrikt Aurich. Krummhörn leit yn East-Fryslân. De gemeente hat sa'n 13.053 ynwenners.
Histoarysk-geografysk is it gea tusken Greetsiel en Oldersum bekend as Krummhörn. Dat betsjut dat de krite de hjoeddeiske gemeenten Krummhörn, Hinte, Emden en parten fan Moormerland omfiemet.
SkiednisBewurkje
De gemeente Krummhörn is yn 1972 ûntstien út in gemeentlike weryndieling; 19 ûnôfhinklike gemeenten binne doe gearfoege.
NammeBewurkje
De namme Krummhörn betsjut krûme hoeke (Krûmharne).
PolitykBewurkje
GemeenteriedBewurkje
De gemeenteried bestiet út 31 sitten, plus de sit foar de keazen boargemaster, dy't ek riedslid is. Gearstalling:
Partij | Sitten |
---|---|
SPD | 17 |
CDU/fbl | 7 |
RFK/KLG | 5 |
Unôfhinklike leden | 2 |
Boargemaster | 1 (fan rjochtswegen) |
(Boarne: riedsferkiezings 9 septimber 2001)
Bestjoerlik yndielingBewurkje
De gemeente Krummhörn bestiet út 19 doarpen:
Ferneamde persoanenBewurkje
- Ubbo Emmius, gelearde en earste Rector Magnificus fan de Akademy te Grins, komt út Greetsiel
- De famylje fan Ub Iwerks komt oarspronklik út Uttum
Keppeling om utensBewurkje
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Krummhörn fan Wikimedia Commons. |