Ub Iwerks
Ub Iwerks (útspr.: [ʌb 'aiwœrks], likernôch "ab ai-û-urks"; folút: Ubbe Eert Iwerks; Kansas City (Missoury), 24 maart 1901 – Burbank (Kalifornje), 7 july 1971) wie in Amerikaansk animator, cartoonist, special effects-technikus en regisseur en produsint fan tekenfilms. Hy wie fan Eastfrysk etnysk komôf. Iwerks wie, njonken Walt Disney sels, de wichtichste animator fan 'e Disney-studio's. Mei Disney betocht er it wrâldferneamde tekenfilmpersonaazje Mickey Mouse, wylst er folslein op eigen manneboet ferskate bekende Disney-eftergrûnfigueren ûntwurp.
Ub Iwerks | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Ubbe Eert Iwerks | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 24 maart 1901 | |
berteplak | Kansas City (Missoury) | |
stoarn | 7 july 1971 | |
stjerplak | Burbank (Kalifornje) | |
etnisiteit | Eastfrysk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | animator, cartoonist, filmprodusint, útfiner | |
jierren aktyf | 1920 – 1971 | |
reden bekendheid |
ien fan 'e wichtichste animators fan 'e Disney- studio's |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeKomôf
bewurkje seksjeIwerks waard yn 1901 berne yn Kansas City, yn 'e steat Missoury. Syn heit, Eert Ubbe Iwerks, wie in Eastfries dy't yn 1869 út it doarp Uttum (dat tsjintwurdich diel útmakket fan 'e gemeente Krummhörn) nei de Feriene Steaten emigrearre wie.
Karriêre
bewurkje seksjeIwerks wie ien fan 'e âldste freonen fan 'e wrâldferneamde animator Walt Disney, mei wa't er yn 1919 yn 'e kunde kaam doe't se allebeide for de Pesmen-Rubin Art Studio yn Kansas City wurken. Letter setten se har gearwurking fuort as yllustrators by de Kansas City Slide Newspaper Company (letter omneamd ta de Kansas City Film Ad Company). Doe't Disney yn 1922 besleat om ûnder de namme Laugh-O-Gram Films in eigen tekenfilmstudio te begjinnen, wie Iwerks dêr ien fan 'e earste wurknimmers. Disney syn earste ûndernimming wie lykwols gjin lang libben beskern, en gie yn 1923 oer de kop.
Walt Disney besleat dêrop nei Hollywood te ferfarren, dêr't syn broer Roy O. Disney him al fêstige hie. Tegearre begûnen se in nij bedriuw, dat him nei ferskate nammeferoarings ta de hjoeddeistige Walt Disney Company ûntjaan soe. Iwerks folge Disney noch yn 1923 nei Kalifornje, dêr't er njonken Walt Disney sels de wichtichste animator fan 'e Disney-studio's waard. It earste wurk fan 'e nije studio wie in rige filmkes wêryn't in echte aktrise de rol fan Alice út Lewis Carroll syn Alice's Adventures in Wonderland spile, wylst de oare personaazjes allegear tekenfilmfigueren wiene. Neitiid betocht Disney it personaazje Oswald the Lucky Rabbit, dat lykwols eigendom wie fan distributeur Universal Studios. De earste Oswald the Lucky Rabbit-tekenfilm wie folslein Iwerks syn wurk, mar neitiid waard it personaazje yn 1927 op oanstean fan Universal op 'e nij ûntwurpen.
Doe't konkurrint Charles Mintz yn febrewaris 1928 de distribúsje (en dêrmei it personaazje Oswald the Lucky Rabbit) oernaam fia in mêsk yn it kontrakt, kaapte er dêropta ek noch fjouwer fan 'e fiif wichtichste tekeners fan Disney om syn eigen tekenfilmstudio, Snappy Comedies, te begjinnen. De iennichste animator dy't Disney trou bleau, wie Ub Iwerks. It wie Iwerks dy't ferantwurdlik wie foar de karakteristike styl fan 'e iere Disney-tekenfilms, en nei de tebeksetter mei Oswald the Lucky Rabbit frege Disney him om in nij personaazje te betinken. Iwerks kaam dêrop mei in hiele rige kikkerts, hûnen, katten en oare bisten, mar net ien dêrfan spriek Disney oan. Letter soene twa fan dy ôfwiisde personaazjes, in ko en in hynst, yn 'e Disney-films en -strips as eftergrûnfigueren opdûke: Clarabelle Cow (fernederlânske ta Clarabella Koe) en Horace Horsecollar (Karel Paardepoot). Uteinlik betocht Iwerks yn gearwurking mei Walt Disney in personaazje dat in mûs wie, de wrâldferneamd wurden Mickey Mouse.
De earste Mickey Mouse-tekenfilms, en ek de iere Silly Symphonies, wiene suver folslein animearre troch Iwerks. Mar trochdat Disney him oerlade mei wurk, wylst Iwerks it gefoel hie dat Disney sels alle ear opeaske, krigen de beide freonen spul. Uteinlik stapte Iwerks op en sette er yn 1930 útein mei syn eigen tekenfilmstudio, dy't finansiere waard troch Disney-konkurrint Pat Powers. Dat levere de produksje fan 'e Disney-studio's in flinke klap op, mar trochdat Disney gau-gau in stikmannich jonge en tige talintearre animators oannaam, kaam it bedriuw der al rillegau boppe-op. Iwerks syn studio, oan 'e oare kant, waard nea in súkses. Hy betocht en ûntwurp twa haadpersonaazjes, Flip the Frog en letter Willie Whopper, mar it slagge him nea om in wichtige konkurrint fan Disney te wurden. Fan 1933 oant 1936 produsearre Iwerks in rige koarte tekenfilms yn kleur, de saneamde ComiColor Cartoons, dy't rûchwei werfertellings fan mearkes wiene sûnder ferbinend haadpersonaazje. Ek dat waard gjin grut súkses, en doe't yn 1936 syn jildsjitters har weromloeken, gie Iwerks syn studio fajyt.
Yn 1937 waard Iwerks troch Leon Schlesinger Productions oannommen om fjouwer Looney Tunes-filmkes te produsearjen, mei yn 'e haadrollen Porky Pig en Gabby Goat. Iwerks regissearre de earste beide filmkes en wurke foar de oare beide ûnder rezjy fan animator Robert Clampett. Neitiid wied er noch wurksum foar Screen Gems, de doetiidske tekenfilmdifyzje fan filmmaatskippij Columbia Pictures, oant hy en Disney yn 1940 de rûzje byleine en Iwerks wer by de Disney-studio's kaam te wurkjen.
Fan dy tiid ôf hold Iwerks him foar Disney benammen dwaande mei it ûntwikkeljen fan special effects, wêrby't er ûnderskate nije techniken útfûn, û.m. foar it kombinearjen fan animaasje en live-aktearwurk, sa't dat dien waard yn 'e film Song of the South, út 1946. Yn de sechtiger jierren wurke Iwerks fierders by WED Enterprises (no Walt Disney Imagineering), dêr't er holp by it betinken en ûntwikkeljen fan withoefolle attraksjes foar de ferdivedaasjeparken fan 'e Disney Company. Iwerks wie as special effects-man ek op eigen titel yn 'e filmyndustry aktyf, en foar syn wurk oan 'e Alfred Hitchcock-klassiker The Birds, út 1963, waard er nominearre foar in Oscar.
Priveelibben en ferstjerren
bewurkje seksjeIwerks wie de heit fan kameratechnikus Don Iwerks, dy't ek wurksum wie foar Disney, en de pake fan dokumintêremakster Leslie Iwerks, dy't yn 1999 oer him de dokumintêre The Hand Behind the Mouse: The Ub Iwerks Story makke. Ub Iwerks kaam op 7 july 1971 te Burbank, yn súdlik Kalifornje, yn 'e âlderdom fan 70 jier te ferstjerren oan in hertynfarkt.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side. |