Tekenfilm
In tekenfilm is in film dy't net út live-action bestiet, mar út in grut tal opienfolgjende tekene bylden dy't it lykje litte as oft personaazjes en oare eleminten bewege, as se fluch genôch efterinoar ôfspile wurde. De earste tekenfilm wie Fantasmagorie, út 1908, fan 'e Frânske filmmakker Émile Cohl. De term animaasjefilm wurdt gauris lykslein mei 'tekenfilm', mar is eins in breder begryp, dêr't alles ûnder falt dat gjin live-action is. Sa wurdt by stop-motionanimaasje gebrûk makke fan opnommen bylden fan wiere foarwerpen, dy't by elts byld in lyts stikje fan posysje feroare wurde, mei úteinlik deselde suggestje fan beweging as de bylden efterinoar ôfspile wurde, as by tekenfilms. (In bekende foarm fan stop-motion is claymation of klaai-animaasje, wêrby't mei klaaiene popkes wurke wurdt.) Men kin dus stelle dat alle tekenfilms wol animaasjefilms binne, mar alle animaasjefilms binne gjin tekenfilms.
- Animaasjefilm wiist troch nei dizze side. Foar oare betsjuttings fan dat begryp, sjoch: animaasjefilm (betsjuttingsside).
It meitsjen fan tekenfilms
bewurkje seksjeLju dy't tekenfilms (en oare animaasjefilms) meitsje, wurde animators neamd. It meitsjen fan tekenfilms waard foarhinne hielendal mei de hân dien, wat in tiidrôvjend putsje wie, om't foar eltse sekonde fan in tekenfilm tweintich ûnderskate bylden tekene wurde moasten. Dat wie ek djoer, want alle wurktiid dy't in animator oan in tekenfilm bestege, moast fansels wol betelle wurde. Dêrom sjocht men yn âldere tekenfilms faak ek neat bewegen, útsein de personaazjes: wyn, bygelyks, dy't de planten op 'e eftergrûn hinne en wer beweegt, komt dan net foar, om't soks it meitsjen fan in tekenfilm wer safolste djoerder makke hawwe soe. Sûnt de ein fan 'e 1990-er jierren is it mooglik wurden om tekenfilms mei de kompjûter te meitsjen: saneamde kompjûtertekenfilms (of kompjûteranimaasjefilms). Dat is folle goedkeaper (as men de djoere software ienris oankocht hat) en jout ek folle mear mooglikheden.
Fanwegen de kosten dy't ferbûn binne oan it meitsjen fan tekenfilms, dy't folle heger binne as dêr't men by live-actionfilms mei te krijen hat, wurdt de wrâldwide merk foar it meitsjen fan tekenfilms al hiel lang behearske troch in beheind tal grutte filmstudio's. Sa namen de Walt Disney Animation Studios hiel lang in dominante posysje yn. Pas sûnt de yntree fan kompjûtertekenfilms is de merk wat mear iepenbrutsen.
Tekenfilmsearjes
bewurkje seksjeYn it ferline wie it faak sa, dat as in lange tekenfilm súkses hie, de studio in rige fan koarte films mei itselde haadpersonaazje makke. Sokke tekenfilmfigueren waarden faak bekender as de lange films fan 'e studio's. Se ferskynden yn 'e regel ek al gau as stripfigueren yn stripferhalen. Mei de komst fan 'e tillefyzje kaam der ek mear romte foar dy koarte films, en guon saneamde tekenfilmsearjes waarden doe net mear foar de bioskoop makke, mar allinne foar útstjoering fia de eter. Ien fan 'e langst rinnende tekenfilmsearjes is The Simpsons, in satiryske Amerikaanske rige.
Doelgroep
bewurkje seksjeHoewol't tekenfilms faak beskôge wurde as in filmformat dat benammen gaadlik is foar bern, en hoewol't in soad tekenfilms en tekenfilmsearjes ek wier foar bern makke wurde, binne tekenfilms net beheind dat dy doelgroep. In soad fan 'e tekenfilms fan Disney binne bygelyks famyljefilms, dy't ek ûnderhâldend binne foar folwoeksenen. Fierders rinne der tsjintwurdich ferskate tekenfilmsearjes op 'e tillefyzje, lykas The Simpsons, mar ek Family Guy en American Dad!, dy't foar folwoeksenen makke binne. Der wurde, benammen yn Japan, ek pornografyske tekenfilms makke, lykas de Urotsukidoji-rige.
Studio's en harren produksjes
bewurkje seksjeFerneamde tekenfilmstudio's en harren bekendste produksjes binne:
- Blue Sky Studios (sûnt 1987): lange tekenfilms as de Ice Age-franchise, Rio, Epic, Rio 2, Ferdinand;
- Disneytoon Studios (1990-2018): lange tekenfilms as DuckTales the Movie: Treasure of the Lost Lamp, The Return of Jafar, A Goofy Movie, Aladdin and the King of Thieves, Pocahontas II: Journey to a New World, The Lion King II: Simba's Pride, The Little Mermaid II: Return to the Sea, Tinker Bell, Planes, Planes: Fire & Rescue, Tinker Bell and the Legend of the NeverBeast;
- DreamWorks Animation (sûnt 1994): lange tekenfilms as de Shrek-, Madagascar-, Kung Fu Panda- en How to Train Your Dragon-franchises, Antz, The Prince of Egypt, Spirit: Stallion of the Cimarron, Sinbad: Legend of the Seven Seas;
- Hanna-Barbera Productions (1957-2001): tekenfilmfigueren as Tom, Jerry, Scooby Doo, Fred Flintstone; tekenfilmsearjes as The Flintstones, Tom and Jerry, The Jetsons, Scooby Doo, Where Are You!, De Smurfen, Hong Kong Phooey, The Yogi Bear Show;
- Illumination (sûnt 2007): lange tekenfilms as de Despicable Me-franchise, Minions, The Secret Life of Pets, Sing;
- Marvel Animation (sûnt 2008): tekenfilmfigueren as de Hulk, Iron Man, Spider-Man, Wolverine; tekenfilmsearjes as The Spectacular Spider-Man, Wolverine and the X-Men, Iron Man: Armored Adventures, The Avengers: Earth's Mightiest Heroes, Guardians of the Galaxy;
- Pixar Animation Studios (sûnt 1986): lange tekenfilms as de Toy Story-franchise, Monsters, Inc., Finding Nemo, The Incredibles, Cars, Ratatouille, WALL-E, Up, Brave, The Good Dinosaur, Inside Out, Finding Dory;
- Walt Disney Animation Studios (sûnt 1923): tekenfilmfigueren as Donald Duck, Mickey Mouse, Goofy en Pluto; lange tekenfilms as Snow White and the Seven Dwarfs, Fantasia, Dumbo, Bambi, Cinderella, One Hundred and One Dalmatians, The Jungle Book, The Fox and the Hound, The Little Mermaid, Beauty and the Beast, Aladdin, The Lion King, Pocahontas, Mulan, Lilo & Stitch, Wreck-It Ralph, Frozen, Zootopia, Moana;
- Warner Bros. (sûnt 1935): tekenfilmfigueren as Bugs Bunny, Daffy Duck, Porky Pig, Elmer Fudd, Tweety Bird, Sylvester the Cat; tekenfilmsearjes as Looney Tunes, Merrie Melodies, Road Runner.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |