The Secret Life of Pets (film)

The Secret Life of Pets, yn Nederlân útbrocht ûnder de titel Huisdiergeheimen, is in Amerikaanske lange kompjûteranimearre aventoerekomeedzje en famyljefilm út 2016 ûnder rezjy fan Chris Renaud. De haadrollen waarden ynsprutsen troch Louis C.K., Eric Stonestreet, Kevin Hart en Jenny Slate. De titel betsjut "It Geheime Libben fan Húsdieren". It ferhaal giet oer de húsdieren yn New York en wat dy oerdeis útheve as harren baaskes op it wurk binne. Haadpersonaazje is de hûn Max, waans baaske op in dei thúskomt mei noch in oare hûn. De nuvere meneuvels fan 'e beide hûnen om faninoar ôf te kommen en it baaske foar harsels te krijen, bringe harren djip yn 'e swierrichheden. The Secret Life of Pets waard foar it earst fertoand op it Ynternasjonaal Tekenfilmfestival fan Annecy en krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy. Yn 'e bioskopen woeks de film út ta in reuseftich kommersjeel súkses. Dat joech oanlieding ta it ûntstean fan in mediafranchise mei deselde namme. Yn 2019 kaam in ferfolchfilm út, The Secret Life of Pets 2.

The Secret Life of Pets
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Chris Renaud
produsint Chris Meledandri
Janet Healy
senario Brian Lynch
Cinco Paul
Ken Daurio
muzyk Alexandre Desplat
filmstudio Illumantion
distribúsje Universal Pictures
spilers
haadrollen Louis C.K.
Eric Stonestreet
Kevin Hart
Jenny Slate
byrollen Lake Bell
Dana Carvey
Hannibal Buress
Bobby Moynihan
Albert brooks
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 8 july 2016
foarm lange tekenfilm
sjenre aventoerekomeedzjefilm
taal Ingelsk
spyltiid 86 minuten
budget en resultaten
budget $75 miljoen
opbringst $875,5 miljoen
filmsearje
filmsearje The Secret Life of Pets
● foarich diel The Secret Life of Pets 2

Max is in jack-russellterriër dy't nei beider tefredenens gearwennet mei syn baaske Katie yn har appartemint yn Manhattan. As sy oerdeis op har wurk is, bringt Max tiid troch mei syn freonen. Dat binne de obese sipertske kat Chloe, de mopshûn Mel, de tekkel Buddy en de parkyt Sweetpea, dy't allegearre mei harren baaskes yn itselde appartemintekompleks wenje. Yn it flatgebou oarekant strjitte, yn it appartemint lyk foar dat fan Katie en Max oer, wennet Gidget, in dwerchkeeshûntsje, dat (net sa) heimlik fereale op Max is. Mar Max sjocht har net stean.

Op in dei hellet Katie in twadde hûn út it asyl: in grut, brún, langhierrich bist fan mingd ras, dat Duke hjit. Max, dy't Katie altyd as syn persoanlike besit sjoen hat, is alhiel ferbjustere troch dizze ûntwikkeling. Hy wurdt jaloersk en fynt dat syn nije húsgenoat opsokkebalje moat, en dy miening stekt er net ûnder stuollen of banken. Duke wurdt poerrazen fan dy hâlding, en om't er wol fjouwer kear sa grut is as Max, ûntnaderet er him sûnder swierrichheden syn koer en syn iten.

Nei't er sadwaande in nacht op 'e keale flier sliept hat en foarbygien is fan iten, sjocht Max syn kâns skoan as de knoffelige Duke by ûngelok in faas omstompt, dy't oan gruzeleminten falt. Max begjint it appartemint ôf te brekken, yn it folste fertrouwen dat Duke dêr de skuld fan krije sil, want soks is ommers earder noch nea bard. Sa makket er Duke lytsman, wêrnei't de gruttere hûn dwaan moat wat Max seit, of oars… As se dy moarns yn it park útlitten wurde troch in hûne-útlitter dy't mear belangstelling hat foar in kreas fanke dat er dêr tsjinkomt as foar de hûnen, skuort Duke Max oan syn hûnerym mei it park út en dumpt him yn in steechje yn in efterbuert om fan him ôf te wêzen.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Yn it steechje wurde beide hûnen lykwols oanfallen troch in binde strjitkatten ûnder lieding fan 'e sfynkskat Ozone, dy't harren har halsbannen mei hûnepeinjes ôfsnije. De beämten fan 'e gemeentlike ûngediertebestriding, dy't fuort dêrnei troch de stege patrûljearje, miene sadwaande dat se in pear strjithûnen ûntdutsen hawwe, en Max en Duke wurde fongen om nei it asyl brocht te wurden. Duke is deabenaud om dêr wer hinne, om't er wit dat er in spuitsje krije sil as er dêr werombrocht wurdt nei't er der noch mar krekt weihelle wie. Underwilens is Gidget de iennichste dy't opmerkt dat Max en Duke net werombrocht wurde troch de ûnoplettende hûne-útlitter. Ynspirearre troch in telenovela (in oerdreaun dramatyske Latynsk-Amerikaanske soapsearje), dêr't se in grut fan fan is, beslút se har grutte leafde te rêden.

Ear't se it asyl berikke kinne, wurdt it buske fan 'e ûngediertebestriders oerfallen en kaapt troch Snowball, in wite (en psychoatyske) nuete knyn, en dy syn trewanten, in baarch en in hagedis. Se wolle harren maat rêde, in Amerikaanske bulldog dy't ek fongen is. Snowball blykt de lieder te wêzen fan 'e Trochspielde Húsdieren: in groep rioelbewenjende eardere húsdieren dy't troch harren baaskes yn 'e steek litten binne en no op wraak út binne. Snowball-en-dy befrije ek Max en Duke nei't se in ferhaal ophongen hawwe oer hoe't se harren baaske fermoarde hawwe. Snowball-en-dy nimme harren mei nei it rioel, dêr't se as leden opnommen wurde sille yn 'e binde nei't se harren trou bewiisd hawwe troch ta te stean dat in njirre mei mar ien giftosk harren byt.

Ear't dat syn beslach krije kin, ûntdekt Snowball dat er bedragen is as in stikmannich katten út 'e stege opdaagjen komt en útbringt dat Max en Duke hielendal gjin baaskefermoardzjende frijbûtsers binne. It slagget Max en Duke mar nauwerneed om troch de rioelen te ûntkommen, wêrby't se by ûngelok de njirre deadzje. As se úteinlik mear troch lok as wiisheid in útwei út it rioel fine, bedarje se yn 'e East River, wêrnei't se oan board kladderje fan in skip. Dat blykt in fearboat te wêzen dy't harren nei Brooklyn op Long Island bringt, oan 'e ferkearde kant fan it wetter. Snowball en syn binde hawwe de efterfolging lykwols net opjûn, mei't de knyn wraak sward hat nei de dea fan syn njirre.

Underwilens komt Gidget op it dak fan it flatgebou fan Max-en-dy yn 'e kunde mei de iensume readsturtmûzefalk Tiberius, dy't dêr troch syn eigner yn in rynkrank hokje holden wurdt. Hy besiket it lytse hûntsje earst op te iten, mar as se oanbiedt om syn bêste freon te wurden, betinkt er dat der bisten by 't folop binne dy't er opite kin, mar dat noch nea ien oanbean hat om syn bêste freon te wurden. Hy beslút har te helpen om Max te finen en bringt de kat Ozone by Gidget. It lytse hûntsje is in stik ferfrettender as it derút sjocht, en slacht de dwarse strjitkat yninoar oant er wol omlyk wol en fertelt dat Max en Duke troch Snowball meinommen binne it rioel yn.

Neitiid ropt Gidget de help yn fan Chloe, Buddy, Mel, Sweetpea en in ferdwaalde kavia dy't Norman hjit. Om't se net ien fan allegear bekend binne yn it rioel, nimt Buddy harren mei nei Pops, in âlde bassethound mei in ferlamme ûnderlichem dy't dêrom fan efteren tsjiltsjes oanbûn krigen hat. Pops nimt de hiele groep mei it rioel yn, dêr't se út it gerop en geraas fan 'e wrokjende Snowball opmeitsje wat der bard is. As Snowball foar it ferstân kriget dat se freonen fan Max binne, besiket er harren finzen te nimmen, mar syn trewanten krije inkeld Norman de kavia te pakken, wylst de oaren ûntkomme.

Yn Brooklyn ûntdekke Duke en Max troch harren noazen te folgjen in woarstfabryk dat se binnenkringe om harsels fol te fretten. De bedriuwslieder skillet de ûngediertebestriding, mar de beide hûnen ûntkomme op 'e nij. Neitiid fertelt Duke Max dat er dizze buert weromken en dat er hjir foarhinne wenne mei syn eardere eigner Fred, in âldere swarte man dy't him as jonghûntsje yn in dierewinkel kocht hie. Hja wiene de bêste freonen en hiene in hearlik libben, oant Duke op in dei te fier efter in flinter oan jachte en it paad nei hûs net mear weromfine koe. Hy waard fongen troch de ûngediertebestriding en belâne yn it asyl. Fred kaam dêr net om him te sykjen en Duke freget him ôf oft syn baaske soms net fan him hold. Max kriget begrutsjen mei him en fiteret him oan om syn âlde hûs op te sykjen, mei't er der wis fan is dat Fred noch fan him hâldt en him weromnimme sil.

Dêr oankommen, docht lykwols bliken dat it hûs nije bewenners hat. De hûnen krije fan 'e kat Reginald te hearren dat Fred ferstoarn is. Mâl fan fertriet beskuldiget Duke Max derfan dat syn oanmoedigings om syn âlde hûs werom te finen gewoan in nije streek wiene om fan him ôf te kommen. As de hjoeddeistige bewenners fan it hûs thúskomme, blaft sa driigjend tsjin harren, dat se harsels opslute yn har auto en de ûngediertebestriding belje, dy't Max fangt. Duke, dy't no al wer spyt hat fan syn kwetsende wurden fan earder, komt Max te help en wit him te befrijen, mar wurdt dan sels fongen.

As er it buske fan 'e ûngediertebestriding efterfolget om Duke te rêden, wurdt Max oanfallen troch Snowball en syn trewanten, dy't him deadwaan wolle. Mar as de ûngediertebestriders Tattoo de baarch en inkelen fan Snowball syn oare bindeleden fange en meinimme, kriget de knyn foar it ferstân dat hy en Max gearwurkje moatte sille as se har freonen ea noch weromsjen wolle. Se stelle in stedsbus en ride dêrmei it buske fan 'e ûngediertebestriding fan 'e Brooklynbrêge ôf, sadat it op in oansjenlike hichte boppe it wetter fan 'e East River komt te hingjen. By de oanriding rekket Snowball ferwûne, en as Max mei de slop delhingjende knyn yn 'e bek út 'e stedsbus komt, wurdt er besingele troch de oare leden fan 'e Trochspielde Húsdieren, dy't miene dat hy harren lieder deabiten hat.

Gidget en har freonen komme krekt op 'e tiid om tsjin te kearen dat Max troch de bindeleden fermoarde wurdt. De lytse Gidget blykt oer ûnfermoede krêften te beskikken as se har leave Max rêde moat, en jout de hiele binde in bêst wan bruien. Wylst se dat docht, is it krekt as sjocht Max har foar it earst, en hy rekket op slach fereale op har. Tattoo en de oare bindeleden dy't troch de ûngediertebestriding fongen wiene, witte ûnderwilens út it nuodlik hingjende buske te ûntsnappen, mar Duke sit fêst yn in koai. Max weaget him yn it buske om syn maat te befrijen, mar rekket de kaai fan 'e koai kwyt as it buske einlings komt te fallen en weisinkt yn it wetter fan 'e East River mei de beide hûnen der noch yn. Op dat stuit dûkt Snowball, dy't wer by besleur kommen is, harren efternei mei de kaai, dy't Max brûkt om 'e koai te iepenjen, wêrnei't se alle trije krekt op 'e tiid it wetteroerflak berikke foar't se ferdrinke kinne.

Yn in kaapte taksy dy't fan in baarch bestjoerd wurdt, riidt de hiele groep werom nei Manhattan. Max en Gidget krije offisjeel ferkearing. Snowball en de Trochspielde Húsdieren besykje in nij plan te betinken dat ta de ferneatiging fan 'e minskheid liede moat, mar hy en syn trewanten wurde opmurken troch it lytse famke Molly. Wylst syn trewanten op 'e tiid yn it rioel witte fuort te dûken, wit Molly Snowball te pakken te krijen, wêrnei't se fan har mem tastimming kriget om him te hâlden. Mei saksearjende tsjinnichheid lit Snowball it aaien en oanheljen troch it famke oer him komme. De oare húsdieren geane nei hûs, dêr't se krekt op 'e tiid arrivearje om harren fan neat wittende baaskes te ferwolkomjen as dy thús kommen nei in dei op it wurk. Max en Duke, dy't troch harren mienskiplike aventoer no goede freonen wurden binne, wachtsje tegearre Katie op.

Rolferdieling

bewurkje seksje
 
Louis C.K..
 
Eric Stonestreet.
 
Kevin Hart.
 
Jenny Slate.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
oarspronklike ferzje
akteur/aktrise Nederlânsk
neisyngronisearre ferzje
Max, in jack-russellterriër Louis C.K. Fedja van Huêt
Duke, in grutte hierrige hûn fan mingd ras Eric Stonestreet Frank Lammers
Snowball, in wite nuete knyn Kevin Hart Jandino Asporaat
Gidget, in wite dwerchkeeshûn Jenny Slate Peggy Vrijens


byrollen
personaazje akteur/aktrise
oarspronklike ferzje
akteur/aktrise Nederlânsk
neisyngronisearre ferzje
Chloe, in sipertske kat Lake Bell Karin Bloemen
Katie, it baaske fan Max en Duke Ellie Kemper Georgina Verbaan
Pops, in bassethound Dana Carvey Erik van Muiswinkel
Buddy, in tekkel Hannibal Buress Roué Verveer
Mel, in mopshûn Bobby Moynihan Hardwell
Tiberius, in readsturtmûzefalk Albert brooks Derek de Lint
Sweetpea, in parkyt Tara Strong Tara Strong
Ozone, in sfynkskat Steve Coogan Murth Mossel
Tattoo, in baarch Michael Beattie ?
Norman, in kavia Chris Renaud Henry van Loon
Reginald, in Himalayakat Steve Coogan ?
Molly, in lyts famke Kiely Renaud ?
Maria út La Pasión de la Pasión Sandra Echeverría ?
Fernando út La Pasión de la Pasión Jaime Camil ?

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

The Secret Life of Pets waard regissearre troch Chris Renaud nei in senario fan Brian Lynch, Cinco Paul en Ken Daurio. As produsinten wiene Chris Meledandri en Janet Healy by it projekt belutsen foar de tekenfilmstudio Illumination. Foar de film wie in budget beskikber fan $75 miljoen. De filmmuzyk waard fersoarge troch Alexandre Desplat.

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan The Secret Life of Pets waard fersoarge troch Universal Pictures. De film waard op 16 juny 2016 foar it earst fertoand op it Ynternasjonaal Tekenfilmfestival fan Annecy, yn Frankryk. Op 8 july 2016 gie The Secret Life of Pets yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. It byhearrende soundtrackalbum kaam op 1 july fan dat jier út by platemaatskippij Back Lot Music. Op 22 novimber 2016 kaam The Secret Life of Pets beskikber as digitale download en op 6 desimber waard de film útbrocht op dvd en blu-ray.

Fan 'e filmkritisy krige The Secret Life of Pets oer it algemien positive resinsjes. Peter Travers fan it tydskrift Rolling Stone joech de film 3 fan 4 stjerren en neamde it "in animearre bal dûns" en "folslein ûnwjersteanber". Scott Tobias, dy't foar NPR skreau, karakterisearre de film as "Toy Story, mar dan mei húsdieren." Ferskate oare kritisy loeken deselde ferliking, en guon, ûnder wa Matthew Parkinson fan The Escapist, fûnen dat de oerienkomsten tusken de beide films sa sterk wiene dat it wol wei hie fan plagiaat.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie The Secret Life of Pets in goedkarringspersintaazje fan 73%, basearre op 216 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Mei in heech tempo, humor en in talintearre cast fan stimakteurs biedt [de film] in prachtich animearre, fleurich beskieden, famyljefreonlik fermaak." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle The Secret Life of Pets in goedkarringspersintaazje fan 61%, basearre op 39 resinsjes.

The Secret Life of Pets brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $368,4 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $507,1 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $875,5 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $75 miljoen betsjut dat in winst fan $800,5 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie The Secret Life of Pets in reuseftich kommersjeel súkses en de op fiif nei meast opbringende film fan 2016 (nei Captain America: Civil War, Rogue One: A Star Wars Story, Finding Dory, Zootopia en The Jungle Book). It tydskrift Deadline Hollywood berekkene de skjinne winst fan The Secret Life of Pets op $374,6 miljoen, wat betsjutte soe dat it (netto) de meast opbringende film fan 2016 wie.

The Secret Life of Pets waard nominearre foar in BAFTA, twa Annie Awards, twa People's Choice Awards en in NAACP Image Award. De film waard ek nominearre foar fjouwer Kids' Choice Awards, wêrfan't er twa wûn, de prizen foar favorite smjunt en populêrste húsdier, dy't beide nei Kevin Hart yn 'e rol fan Snowball giene.

Ferfolchfilm

bewurkje seksje

It súkses fan The Secret Life of Pets joech oanlieding ta it meitsjen fan in ferfolchfilm fan deselde makkers, dy't mids 2019 útkaam. Deselde stimakteurs keare dêrfoar yn deselde rollen werom, útsein komyk Louis C.K., dy't yn 'e earste film de rol fan Max ynspriek. C.K. wie yn 2018 behelle rekke yn it #MeToo-skandaal, en waard dêrom foar it ferfolch ferfongen troch Patton Oswalt.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

The Secret Life of Pets (filmsearje)
lange films
The Secret Life of Pets (2016) • The Secret Life of Pets 2 (2019)
koarte films
Norman Television (2016) • Weenie (2016) • Super Gidget (2019)