Haadmenu iepenje
Leden fan 'e Paryske Apache-binde yn gefjocht mei de Frânske plysje yn 1904.

In binde is in groep bekenden, freonen of famyljeleden mei in dúdlike lieder en in ynterne organisaasjestruktuer, dy't him skuldich makket oan kriminele aktiviteiten. Dêrby kin it gean om dingen lykas dieverij, ynbraken, drugshannel, drugssmokkel, eksploitaasje fan prostitúsje, ferkrêfting, moard, ensfh. In soad bindes claime in beskaat territoarium binnen in mienskip (lykas in stêd), en ferdigenje dat mei geweld tsjin ynkringing troch oare bindes, en soms ek tsjin 'e autoriteiten. Konflikten tusken bindes kinne liede ta in saneamde binde-oarloch, wêrfan't gauris ek ûnskuldige omstanners it slachtoffer wurde. Yn guon bindes moatte nije leden in inisjaasjerite ôflizze; faak hat dat te krijen mei geweld fan 'e oare bindeleden yn 'e rjochting fan it nije lid (dat dan 'troch de spitsroeden rinne' moat). It kin der ek op delkomme dat it nije lid him bewize moat troch geweld te dwaan tsjin in lid fan in oare binde of tsjin in oare oanwiisde persoan.

SkiednisBewurkje

De Amerikaanske histoarikus Barrington Moore jr. hat bindefoarming omskreaun as "in foarm fan selshelp dy't oaren ta slachtoffer makket." Neffens him komt soks benammen foar yn maatskippijen en dielen fan maatskippijen dêr't sterke krêften op it mêd fan hanthavening fan 'e wet en de iepenbiere oarder ûntbrekke. Yn dat ramt suggerearret er dat it Jeropeeske feodale systeem út 'e Midsiuwen "foar it meastepart in bindefoarmingsproses" wie, dat sa ynfloedryk wurden wie dat it de hiele maatskippij oernommen hie "en respektabel wurden wie troch de ideeën oer ridderlikheid."

In grut ferskaat oan bindes, lykas de Assassinen út it Heine Easten, de Damned Crew út Londen, de Thuggee fan Yndia, de Sineeske Triaden, de Yakuza fan Japan, de Italjaanske maffia, de Ierske maffia en de Russyske maffia, hiene of hawwe in skiednis dy't iuwen tebek giet. It santjinde-iuwske Londen waard terrorisearre troch in hiele rige bindes, lykas de Mims, Hectors, Bugles en Dead Boys, dy't geregeldwei mei-inoar yn konflikt kamen. Leden droegen linten yn ferskillende kleuren om dúdlik te meitsjen ta hokker binde se hearden. Moderne bindes litte harren om deselde reden faak tatoeëarje mei bindetatoeaazjes.

Yn 'e Feriene Steaten begûn de skiednis fan 'e bindes oan 'e eastkust yn 1783, fuort nei de Amerikaanske Unôfhinklikensoarloch. De bindefoarming yn dy tiid wurdt troch saakkundigen taskreaun oan 'e grutte trek nei de stêd fan 'e plattelânsbefolking. Fan omtrint 1825 ôf wie yn New York de earste 'moderne' strjitbinde aktyf, de Forty Thieves.

Yn it Wylde Westen, yn 'e westlike helte fan 'e Feriene Steaten yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw, kaam in grut tal bindes foar, dy't benammen bestiene út banditen. Leden fan Meksikaanske bindes dy't oer de grins kamen, waarden oantsjut as bandolero's. Bekende foarbylden fan bindes út dy tiid binne The Cowboys (ferneamd wurden troch de Sjitpartij by de O.K.-Kraal), de Dalton-binde, de James-Younger-binde (fan Jesse James), de Wild Bunch en Butch Cassidy's Wild Bunch.

Under de Drûchlizzing, yn 'e 1920-er jierren, doe't de smokkel en ferkeap fan alkohol de organisearre misdie ryk makke, wiene der allinne yn 'e stêd Chicago al mear as tûzen bindes aktyf. Iere bindes wiene belutsen by withoefolle kriminele aktiviteiten, mar se koene pas profitearje fan drugshannel nei't drugs yn 'e rin fan 'e tweintichste iuw yllegaal makke waarden. Yn 'e 1970-er en 1980-er jierren waard drugshannel de wichtichste aktiviteit fan in protte kriminele organisaasjes, hoewol't oare bindes der noch altyd minimale belutsenens by hawwe. Yn 2011 wiene der neffens de FBI 1,4 miljoen aktive bindeleden yn 'e Feriene Steaten.

FoarbyldenBewurkje

Foarbylden fan bekende bindes binne:

Aparte soarten bindes binne fierders de motorbindes lykas de Hells Angels en de Bandidos. Ek terroristyske organisaasjes lykas Al-Qaida, IS en de Hofstadgroep kinne oantsjut wurde as bindes.

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.