Kriminaliteit

(Trochferwiisd fan Kriminele aktiviteiten)

Kriminaliteit (fan it Latynske criminalis, in ferbûging fan crimen, "misdie") kin algemien definiearre wurde as: "alles wat troch de wet strafber steld is". Wat as kriminaliteit beskôge wurdt kin dusferskille fan maatskippij ta maatskippij, neigeraden de hearskjende noarmen.

Yn de kriminology wurde meardere definysjes fan it wurd "kriminaliteit" brûkt.

De gedrachswittenskip dy't it fenomeen kriminaliteit bestudearret is de kriminology; it techysk ûndersyk nei eventueel strafbere feiten hjit soms ek noch wol kriminalistyk of tsjintwurdich faker forensysk ûndersyk.

Kriminaliteit yn Nederlân

bewurkje seksje

It Sosjaal en Kultureel Planburo hat, oan de hân fan slachtofferenkêtes, yn in ûndersyk fan april 2006 konkludearre dat de kriminaliteit yn Nederland yn de ôfrûne 25 jier tanomd is fan 3,9 nei 4,5 miljoen delikten. [1]

Ut de Lanlike kriminaliteitskaart 2006, opsteld troch de Dienst Nationale Recherche Informatie, docht bliken dat fergelike mei 2005 de kriminaliteit mei 7 persint sakke [2]. Slachtofferenkêtes toane oer dizze perioade lykwols gjin signifikant weromrinnen.[3]

It oantal minsken dat him faak ûnfeilich fielt, sakke fan 7% yn 1995[4] nei 3% yn 2004.

As wy sjogge nei de fertochten, falt op dat in oantal befolkingsgroepen oerfertsjintwurdige binne. Sjoch de grafyk fan it CBS fan desimber 2008. It CBS hat dêrby sjoen hokker persintaazje fan in bepaalde befolkingsgroep yn kontakt komt mei plysje en/of justysje.


Organisaasjes op it mêd fan kriminaliteit

bewurkje seksje
  1. Slachtoffers van criminaliteit: Feiten en achtergronden. Rapport fan SCP, april 2006.
  2. Minder criminaliteit, meer aanhoudingen.NRC Handelsblad, 20 novimber 2007.
  3. Veiligheidsmonitor Rijk 2007 Tabellerapport.
  4. NRC Handelsblad, 5 jannewaris 2007