1904
jier
Iuwen: | 15e | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e iuw | 21e | 22e | 23e | 24e | 25e |
Jierren: | 1899 | 1900 | 1901 | 1902 | 1903 | 1904 | 1905 | 1906 | 1907 | 1908 | 1909 |
Kalinders | |
Gregoriaanske kalinder |
1904 MCMIV |
Ab urbe condita | 2657 |
Armeenske kalinder | 1353 ԹՎ ՌՅԾԳ |
Etiopyske kalinder | 1896 – 1897 |
Hebriuwske kalinder | 5664 – 5665 |
Hindoekalinders | |
- Vikram Samvat | 1959 – 1960 |
- Shaka Samvat | 1826 – 1827 |
- Kali Yuga | 5005 – 5006 |
Iraanske kalinder | 1282 – 1283 |
Islamityske kalinder | 1322 – 1322 |
Juliaanske kalinder |
Gregoriaansk min 13 dgn. |
Sineeske kalinder | 4600 – 4601 庚卯 – 辛辰 |
1904 is in skrikkeljier dat begjint mei in freed. (Gregoriaanske kalinder foar 1904.)
Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1900-er jierren.
Foarfallen
bewurkje seksje- 12 jannewaris - Yn 'e koloanje Dútsk-Súdwest-Afrika komme de Herearo yn opstân. De Herearo-Opstân wurdt laat troch haadman Samuel Maharero. De ûnmeilydsume Dútske ûnderdrukking fan dizze opstân en fan dy fan 'e Nama liedt ta de Namibyske Genoside.
- 7 febrewaris - By de Grutte Brân fan Baltimore, yn 'e Amerikaanske stêd Baltimore, komme mar 5 minsken om. Mar der wurde yn 30 oeren 1.500 gebouwen yn 'e jiske lein, mei as gefolch dat 35.000 minsken wurkleas wurde.
- 8 febrewaris - Japan ferklearret de oarloch oan Ruslân en falt de Russyske marine yn Sina oan yn 'e Slach by Port Arthur. Dit is it begjin fan 'e Russysk-Japanske Oarloch, dy't draait om rivalisearjende koloniale ambysjes fan 'e beide lannen yn Mantsjoerije en Koreä.
- 23 febrewaris - Nei't it Keizerryk Koreä yn it ramt fan 'e Russysk-Japanske Oarloch troch Japanske troepen beset is, twingt Japan it Koreaanske regear in ferdrach op dat fan Koreä yn 'e praktyk in Japansk protektoraat makket sûnder wiere selsstannichheid.
- 14 maart - Op fersyk fan 'e gûverneur fan Dútsk-Súdwest-Afrika, Theodor Leutwein, stjoert it Dútske regear militêre fersterkings nei dy koloanje om 'e Herearo-Opstân te ûnderdrukken.
- 8 april - It Feriene Keninkryk en Frankryk slute de saneamde Entente Cordiale ("Hoflike Oerienkomst"), dy't û.m. in militêr bûnsgenoatskip omfiemet dat rjochte is tsjin Dútslân. Dit ferdrach makket in ein oan goed tûzen jier rivaliteit mei om de safolle tiid oarloch tusken de beide lannen.
- 1 maaie - Yn it ramt fan 'e Russysk-Japanske Oarloch ferslane de Japanners de Russen yn 'e Slach oan de Yalu oan 'e grins fan Koreä mei Mantsjoerije.
- 4 maaie - De Feriene Steaten nimme formeel de Panamakanaalsône yn besit.
- 15 juny - By de Brân op 'e SS General Slocum komme op 'e East River yn New York-Stêd 1.021 minsken om.
- 16 juny - By in oanslach wurdt Nikolaj Bobrikov, de Russyske gûverneur-generaal fan it Gruthartochdom Finlân, fermoarde troch de Finske ealman en nasjonalist Eugen Schauman.
- 28 juny - It Deenske passazjiersskip de SS Norge rint oan 'e grûn en sinkt deunby Rockall, in rotseilantsje yn 'e Atlantyske Oseaan. Dêrby komme 635 minsken om, wêrûnder 225 Noarske emigranten.
- 1 july - Yn it Amerikaanske St. Louis begjinne de tredde Olympyske Spullen.
- 3 july - It regear fan it Feriene Keninkryk publisearret in rapport dat in ferneatigjend oardiel útsprekt oer it skrikbewâld dat út namme fan 'e Belgyske kening Leopold II fierd wurdt yn 'e Kongofrijsteat, dy't syn priveekoloanje is.
- 28 july - Yn Moskou wurdt de Russyske minister fan Binnenlânske Saken, Vjatsjeslav Plehve, by in bomoanslach op syn koets fermoarde.
- 28 july - Yn Kolombia, dat noch altyd yn ûnstjoer ferkeart nei it fernederjende ferlies fan 'e provinsje Panama, yn 1903, fêstiget generaal Rafael Reyes in diktatuer.
- begjin augustus - Easterein wint mei A.Terpstra, A.H.Dijkstra en M.Bonnema de 2e Freulepartij
- 10 augustus - Yn 'e Slach yn de Giele See, dy't útfochten wurdt yn it ramt fan 'e Russysk-Japanske Oarloch, foarkomt de Japanske Keizerlike Marine in útbraak fan 'e Russyske float fan it Fiere Easten út 'e Sineeske haven fan Port Arthur.
- 11-12 augustus - Yn it ramt fan 'e Herearo-Opstân ferslacht de Dútske generaal Lothar von Trotha yn Dútsk-Súdwest-Afrika de Herearo ûnder haadman Samuel Maharero yn 'e Slach by Waterberg. Neitiid driuwe de Dútsers de oerlibjende Herearo-krigers mei froulju en bern de woastyn yn. Dit is it begjin fan 'e Namibyske Genoside troch de Dútsers op 'e lânseigen Herearo en Nama.
- 24 augustus - It Feriene Keninkryk driget mei aktive stipe oan Japan yn 'e Russysk-Japanske Oarloch as Dútslân net ophâldt mei wapenleverânsjes oan Ruslân.
- 7 septimber - As gefolch fan 'e Britske Tibet-ekspedysje slút it Feriene Keninkryk in hannelsferdrach mei Tibet.
- 20 oktober - Sily en Bolivia slute it Ferdrach fan Frede en Freonskip wêrmei't nei in fearnsiuw einlings formeel in ein komt oan 'e Salpeteroarloch fan 1879-1884. Bolivia jout syn oanspraken op 'e kuststripe fan noardlik Sily op, dy't de Silenen yn dy oarloch feroveren en anneksearren.
- 21 oktober - De Eastseefloat fan Ruslân, ûnderweis fan 'e Eastsee nei it Fiere Easten om it yn it ramt fan 'e Russysk-Japanske Oarloch op te nimmen tsjin 'e Japanners, iepenet op 'e Noardsee it fjoer op in fyftichtal Britske fiskersskippen dy't troch de Russyske bemannings oansjoen wurde foar Japanske torpedoboatjagers. By it tweintich minuten duorjende bombardemint wurdt ien fiskersboat ta sinken brocht en fergiet mei man en mûs, wylst op in oarenien twa leden fan 'e bemanning omkomme. It Britske regear yn Londen is sawol ferbjustere as poerrazen oer dit Doggerbankynsidint, en slút it Suëzkanaal foar de Russyske float, sadat dy hielendal om Kaap de Goede Hoop hinne farre moat om it Fiere Easten te berikken.
- 28 novimber - Yn Dútsk-Súdwest-Afrika wurde de opstannige Nama (foarhinne yn 'e regel Hottentotten neamd) yn 'e Slach by Warmbad troch de Dútsers ferslein.
- 29 novimber - Demonstraasjes tsjin 'e Russysk-Japanske Oarloch yn frijwol alle grutte Russyske universiteitsstêden wurde troch de plysje en de kozakken ûnmeilydsum de kop yn drukt.
- 6 desimber - De Amerikaanske presidint Theodore Roosevelt komt yn in taspraak foar it Amerikaanske Kongres mei in fariant op 'e Monroe-doktrine út 1824: de Feriene Steaten behâlde harrensels it rjocht foar om militêr yn te gripen yn elts lân op it Westlik Healrûn as dêr Amerikaanske belangen yn 'e knipe driigje te kommen. Dit útgongspunt fan bûtenlânsk belied komt bekend te stean as de Roosevelt Corollary.
Berne
bewurkje seksje- febrewaris
- 17 - Hans Morgenthau, Amerikaansk-Dútsk politikolooch († 1980)
- 19 - Havank (Hans van der Kallen), Frysk skriuwer († 1964)
- 20 - Ruurd Wiersma, Frysk keunstskilder († 1980)
- 29 - Jimmy Dorsey, Amerikaansk orkestlieder († 1957)
- maart
- 6 - Chris Baay, Nederlânsk akteur († 1991)
- 7 - Ivar Ballangrud, Noars reedrider († 1969)
- 23 - Ulbe van Houten, Frysk skriuwer († 1974)
- 26 - Jan Harm Kruis, Frysk feehâlder en fersetsstrider († 1945)
- 26 - Joseph Campbell, Amerikaansk professor yn de mytology († 1987)
- 30 - Pieter Oosterhoff, Frysk astronoom († 1978)
- april
- 2 - Hendrik Twerda, Frysk skiedkundige († 1985)
- 8 - Dirk de Zee, Frysk politikus († 1985)
- 10 - Sybrandus Johannes Fockema Andreae, Frysk argivaris en bestjoerder († 1968)
- 12 - Mien Ruys, Nederlânsk túnarsjitekte († 1999)
- 14 - Pieter Willem ter Haar, Nederlânsk boargemaster († 1996)
- 14 - John Gielgud, Ingelsk akteur († 2000)
- 15 - Antje Aans-Jelsma, âldste ynwenner fan Fryslân († 2012)
- 21 - Jurjen Koksma, Frysk wiskundige († 1964)
- maaie
- 9 - Ansco Dokkum, Frysk roeier en hurdsiler († 1985)
- 11 - Salvador Dalí, Spaansk keunstskilder († 1989)
- 16 - Auke Komter, Frysk arsjitekt († 1982)
- 18 - Hein Buisman, Frysk bûterkeapman en natoerbeskermer († 1963)
- juny
- 10 - Cornelis Brandsma, Frysk politikus († 1982)
- 25 - Tjeerd Pasma, Frysk moderne-fiifkamper († 1944)
- july
- 12 - Pablo Neruda, Sileensk dichter en Nobelpriiswinner († 1973)
- 22 - Klaas Toxopeus, Nederlânsk stjoerman en skipper op de rêdingboaten fan de KNZHRM († 1981)
- augustus
- 18 - Max Factor jr., Amerikaansk ûndernimmer († 1996)
- oktober
- 3 - Roelof Hommema, Frysk roeier († 1956)
Ferstoarn
bewurkje seksje- 1 maaie - Antonín Dvořák, Tsjechysk komponist (* 1841)
- 10 maaie - Henry Morton Stanley, Welsk-Amerikaansk sjoernalist en ûntdekkingsreizger (* 1841)
- 28 maaie - Skoppende Bear (Kicking Bear), opperhaad fan 'e Lakota (* 1846)
- 14 july - Paul Kruger, presidint fan de Súdafrikaanske Republyk (* 1825)
- 12 augustus - Wite Swan (White Swan), Kriesk ferkenner yn 'e tsjinst fan it Amerikaanske Leger (* 1851)
- 29 augustus - Moerad V, sultan fan it Osmaanske Ryk (* 1840)
- 5 oktober - Christoffel Bisschop, Nederlânsk keunstskilder (* 1828)
- 31 desimber - Folkert Harmens Kuipers, Frysk-Amerikaansk ûndernimmer en filantroop (* 1843)
- datum ûnbekend
- Lytse Wolf (Little Wolf), opperhaad fan 'e Noardlike Sjajinnen (* 1820)
Literatuer
bewurkje seksje- Joseph Conrad, Nostromo (oerset nei it Frysk as Sulver en Minsken)
Jierren: | 1899 | 1900 | 1901 | 1902 | 1903 | 1904 | 1905 | 1906 | 1907 | 1908 | 1909 |
Iuwen: | 15e | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e iuw | 21e | 22e | 23e | 24e | 25e |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|