Haadmenu iepenje

De 1900-er jierren wiene in desennium fan 'e 20e iuw neffens de Gregoriaanske kalinder. Rekkenkundich sjoen begûn it op 1 jannewaris 1901 en duorre it oant en mei 31 desimber 1910, mar yn 'e regel wurdt ornearre dat it duorre fan 1 jannewaris 1900 oant en mei 31 desimber 1909. Dit desennium hearde ta de Belle Époque. It waard behearske troch de oanrin nei de Earste Wrâldoarloch, wat ta utering kaam yn 'e krises dy't om 'e safolle tiid útbrieken tusken de Jeropeeske grutmachten dy't yn dizze snuorje de ynternasjonale polityk dominearren. Benammen ûnder de Bosnyske Krisis fan 1908-1909 balansearre de wrâld op it rântsje fan in grutte oarloch, mar úteinlik waard it skeel bylein en soe it noch fiif jier duorje ear't de Earste Wrâldoarloch útbriek.

1900-er jierren
De Amerikaan Orville Wright makket yn 1903 op it strân fan Noard-Karolina de earste flecht yn in fleanmasine.
De Amerikaan Orville Wright makket yn 1903 op it strân fan Noard-Karolina de earste flecht yn in fleanmasine.
<< 1890-er jrn  •  1900-er jrn  •  1910-er jrn >>
1900   •   1901   •   1902   •   1903   •   1904
1905   •   1906   •   1907   •   1908   •   1909

Ynhâld

OersjochBewurkje

De 1900-er jierren makken diel út fan 'e Belle Époque, de tiid tusken de Frânsk-Dútske Oarloch (1871-1872) en de Earste Wrâldoarloch (1914-1918). Oan it begjin fan dit desennium kaam yn it Feriene Keninkryk in ein oan it lange regear fan keninginne Fiktoaria en dêrmei oan it nei har ferneamde Fiktoriaanske Tiidrek. It dêropfolgjende Edwardiaanske Tiidrek (1901-1910), dat de regearperioade fan har soan en opfolger Edwert VII besloech, foel frijwol gear mei de 1900-er jierren.

Yn dit desennium waard de wrâld noch behearske troch de Jeropeeske grutmachten: it Feriene Keninkryk, Frankryk, Dútslân, Ruslân, Itaalje, Eastenryk-Hongarije en it Osmaanske Ryk. Tsjin 1900 hiene dy riken sa'n bytsje alle beskikbere lân ta koloanje makke en wie dêrmei de Wedrin om Afrika beëinige, dy't it lêste haadstik wie fan it tiidrek fan it ekspansjonistysk kolonialisme. Wat oerbleau wie in sitewaasje wêrby't de grutmachten inoar it ljocht yn 'e eagen net gunden en allegeduerigen besochten en stek inoar foar eigen gewin de loef ôf. Dat soarge om it hoartsje foar in grutte krisis, wêrby't de spannings soms gefaarlike heech oprûnen. De wrâld sette op dy manear ûntsjinkearber ta op in grutte oarloch, dy't úteinlik yn 1914 ek wier útbrekke soe. Punten op it paad dêrhinne wiene yn 'e 1900-er jierren de Fenezolaanske Krisis fan 1902-1903; it sluten fan 'e Britsk-Frânske Entente Cordiale, de "Hoflike Oerienkomst", yn 1904; de Earste Marokkaanske Krisis fan 1905-1906; de Britsk-Russyske Konvinsje fan 1907; en de Bosnyske Krisis fan 1908-1909.

Fan 'e sân Jeropeeske grutmachten stie it Osmaanske Ryk bekend as de 'Sike Man fan Jeropa'. Al sûnt de iere njoggentjinde iuw krommele dat ryk stadichoan mear ôf. Sa snie yn 1908 it Keninkryk Bulgarije alle bannen troch mei it regear fan 'e sultan yn Konstantinopel, wylst Eastenryk-Hongarije datselde jiers de Osmaanske gebietsdielen Bosnje en Hertsegovina anneksearre. Ruslân hie yn deselde tiid almar mear te krijen mei ynterne swierrichheden, dy't feroarsake waarden trochdat fral de fabryksarbeiders yn 'e stêden har net mear deljaan woene ûnder it autokratyske bewâld fan 'e tsaar. It belied fan ûnmeilydsume ûnderdrukking fan eltse foarm fan opposysje, dat yn it ferline altiten fertuten dien hie, wie net mear ôfdwaande om 'e status quo te hanthavenjen en wurke boppedat de opkomst fan radikale ideologyen yn 'e hân, lykas it anargisme en it kommunisme.

Underwilens kamen ek inkele oare grutmachten op. De Feriene Steaten, mei harren polityk fan isolasjonisme, wiene in slommerjende reus allyk, dy't inkeld acht sloech op wat der yn 'e widere wrâld barde as syn belangen yn 'e knipe kamen, sa't mei de Fenezolaanske Krisis it gefal wie. Oan 'e oare kant fan 'e wrâld hie Japan him stilwei ûntjûn ta in modern lân mei in sterke kriichsmacht. Dat waard de rest fan 'e wrâld op minder as subtile wize ûnder de noas wreaun doe't de Japanners yn 'e Russysk-Japanske Oarloch fan 1904-1905 de flier oanfagen mei de Russen.

 
In politike spotprint oangeande de opdieling fan Sina yn ynfloedssfearen fan 'e grutmachten: in skokte mandaryn yn Mantsjoe-klaaiïng moat tasjen hoe't keninginne Fiktoaria (it Britske Ryk), keizer Willem II (Dútslân), tsaar Nikolaas II (Ruslân), Marianne (Frankryk) en in samoerai (Japan) it mês yn in taart sette dêr't yn it Frânsk Chine (Sina) op stiet.
 
Troepen fan 'e Alliânsje fan de Acht Naasjes brekke ûnder de Bokseropstân troch de Suderpoarte fan 'e Sineeske stêd Tianjin. Britten oan 'e lofterkant, Japanners yn 'e midden en Frânsen oan 'e rjochterkant.
 
De opstiging fan it earste loftskip te Friedrichshafen oan 'e Bodenmar, yn 1900.
 
Rêdingswurkers yn 'e Teksaanske stêd Galveston nei't dy troffen is troch de swiere orkaan fan Galveston, yn septimber 1900.

Wichtichste foarfallenBewurkje

1900
 
In neitekening fan 'e moardoanslach op 'e Amerikaanske presidint William McKinley troch de anargist Leon Czolgosz yn 1901. (McKinley kaam 8 dagen letter oan syn ferwûnings te ferstjerren.)
1901
1902
 
De ynname fan it fort Kuto Reh troch troepen fan it Keninklik Nederlânsk-Yndysk Leger (KNIL) ûnder de Atjee-oarloch (1904).
 
De Ford Model A wie de earste auto dy't yn produksje nommen waard troch de Ford Motor Company (1903).
1903
 
Bern en folwoeksenen skeind foar it libben ûnder it skrikbewâld fan Leopold II fan Belgje yn 'e Kongofrijsteat.
 
Marianne, it symboal fan 'e Frânske Republyk, en Brittannia, wêrmei't op it Feriene Keninkryk doeld wurdt, dûnsje mei-inoar op in Frânske ansichtkaart út 1904, útjûn ta gelegenheid fan it sluten fan 'e Entente Cordiale tusken de beide lannen.
1904
 
Russyske troepen op 'e flecht nei harren nederlaach tsjin 'e Japanners yn 'e Slach by Mukden yn it ramt fan 'e Russysk-Japanske Oarloch (1905).
 
It Noarske parlemint, it Storting, stimt op 7 juny 1905 unanym foar de opheffing fan 'e Uny mei Sweden.
1905
 
San Francisco frijwol mei de grûn lyk makke nei de swiere ierdbeving fan 1906.
1906
 
De oanlis fan it Panamakanaal, yn 1907.
1907
 
Platsleine beammen yn Sibearje troch it Tûngûska-foarfal (1908). (Foto út 1927.)
 
Tsaar Ferdinand I fan Bulgarije ropt op 5 oktober 1908 yn Veliko Tarnovo de ûnôfhinklikheid fan Bulgarije út.
1908
 
Kening Leopold II fan Belgje stjert yn 1909 nei in regear fan 49 jier.
1909

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.