Vancouvereilân (Ingelsk: Vancouver Island; Frânsk: Île de Vancouver) is in grut eilân foar de kust fan westlik Noard-Amearika, dat ta de Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia heart. It is it grutste eilân yn 'e Stille Oseaan eastlik fan Nij-Seelân. Oarspronklik hiet it fan Quadra and Vancouver Island, nei twa ûnderskate achttjinde-iuwske ûntdekkingsreizgers, de Spanjert Juan Francisco de la Bodega y Quadra en Brit George Vancouver, mar de namme waard úteinlik ynkoarte ta Vancouver Island. It klimaat fan it eilân is it myldste fan Kanada, en sels yn jannewaris is it der hast altyd boppe it friespunt, sels nachts.

Vancouvereilân
Vancouver Island
flagge wapen

(ûnoffisjele flagge)
gjin offisjeel biedwurd
lokaasje yn Kanada
algemien
ôfkoarting n.f.t.
lân Kanada
status (jier) regio fan Britsk-Kolumbia (1866)
haadstêd Victoria
grutste stêd Victoria
offisjele taal Ingelsk (de facto)
sifers
ynwennertal 759.366 (2011)
befolkingstichtens 23,9 / km²
oerflak 32.100 km²
(wêrfan 31.285 km² lân)
bykommende ynformaasje
tiidsône UTC -8
webside (gjin offisjele webside)
It reinwâld op 'e westlike helte fan Vancouvereilân.

Vancouvereilân leit yn it uterste súdwesten fan 'e Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia, en wurdt alhiel omjûn troch de Stille Oseaan. Yn it easten wurdt it fan it Kanadeeske fêstelân skaat troch de smelle Strjitte fan Johnstone, wylst yn it noarden de See-ingte fan Keninginne Sjarlotte in folle bredere skieding foarmet mei de Keninginne Sjarlotte-eilannen. Yn it súdeasten en suden foarmje de Georgiastrjitte en de Strjitte fan Juan de Fuca de grins mei de Amerikaanske steat Washington. Dy beide see-ingten meitsje diel út fan 'e Salisjaanske See. Oan 'e westkant wurdt it eilân beswette troch de iepen oseaan.

 
Nootka Sound, dêr't James Cook yn 1778 oan lân gie.

Vancouvereilân hat in lânoerflak fan 31.285 km², mei in rûge fjordekust en withoefolle rivieren en ek marren yn it binnenlân. It eilân wurdt rûchwei midstwa spjalte troch it Vancouvereilânberchtme, dat as in soarte fan rêchbonke troch de midden fan it eilân rint, fan it noarden nei it suden. It heechste punt fan dy bergen is de Gouden Hine, mei in hichte fan 2.195 m. Bewesten de bergen leit in tige tinbefolke, reinich gebiet dat fierhinne begroeid is mei suver ûntrochkringber reinwâld. De eastkant fan it eilân, dêr't fierwei de measte ynwenners libje, is folle drûger. De grutste stêd en it haadplak is Victoria, dat teffens de haadstêd fan 'e hiele provinsje Britsk-Kolumbia is.

De earste Jeropeeske ferkenning fan Vancouvereilân fûn plak yn 'e twadde helte fan 'e achttjinde iuw, doe't geroften dat de Russen út Alaska wei by de westkust delsakken it regear fan 'e Spaanske koloanje Nij-Spanje (it tsjintwurdige Meksiko), derta brocht om ferskate ekspedysjes efterinoar by de kust lâns nei it noarden te stjoeren. De earste wie dy fan Juan Pérez, yn 1774, in jier letter folge troch dy fan Juan Francisco de la Bodega y Quadra, dy't Vancouvereilân en hiele Britsk-Kolumbia yn besit namen foar de Spaanske Kroan. Koarte tiid letter weagen de Britten har lykwols ek yn it gebiet, mei de ekspedysjes fan James Cook, yn 1778, en George Vancouver, yn 1792-1793. Yn 1794 wiene it úteinlik de Britten dy't oan it langste ein loeken.

 
Victoria, op Vancouvereilân, de haadstêd fan Britsk-Kolumbia.

De earste blanken dy't op Vancouvereilân foet oan lân setten, wiene de leden fan 'e ekspedysje fan James Cook, dy't yn 1778 in moanne trochbrochten by Nootka Sound, oan 'e westkust. It eilân waard yn 1789 yngeander ferkend troch de Spanjert Esteban José Martínez, dy't de delsetting Yuquot stifte, de iennichste Spaanske delsetting ea yn hiel it gebiet dat úteinlik Kanada komme soe te foarmjen.

Fanôf 1818 hearde Vancouvereilân ta it Distrikt fan de Kolumbia, yn 'e mande mei it fêstelân fan Britsk-Kolumbia en wat letter de Amerikaanske steaten Washington, Idaho en Oregon wurde soene. Dat gebiet wie in Britsk-Amerikaanske kondominium, oant it yn 1846 einlings opdield waard yn in noardlik Britsk en in súdlik Amerikaansk diel. De earste Britske delsetting op it eilân wie Fort Camosack, in hannelspost fan 'e Hudsonbaaikompanjy, dy't letter omneamd waard ta Fort Victoria en noch letter, yn 1862, ta Victoria. Yn 1849 makken de Britten fan Vancouvereilân in aparte koloanje, dy't op himsels bleau, sels doe't it fêstelân fan Britsk-Kolumbia yn 1858 ek de status fan koloanje krigen hie. Pas yn 1866 waarden de beide koloanjes fanwegen ekonomyske swierrichheden gearfoege, wêrby't Vancouvereilân de sit fan 'e mienskiplike haadstêd taparte krige.

Neffens de Kanadeeske folkstelling fan 2011 hie Vancouvereilân doe krapoan 760.000 ynwenners, wat delkomt op 17,3% fan 'e befolking fan Britsk-Kolumbia, al makket it eilân mar sa'n 3,3% fan it provinsjaal grûngebiet út. It grutste part fan 'e ynwenners is fan Ingelsk, Skotsk of Iersk komôf. De lânseigen Yndiaanske befolking falt útinoar yn trije kloften. Op it noardlike part fan Vancouvereilân (en de oangrinzgjende dielen fan it fêstelân fan Britsk-Kolumbia) libje de Kwakiûtl (Kwakiutl) of Kwakwaka’wakw, dy't ta de Wakasjaanske folken hearre. De westkust fan it eilân is it domein fan 'e Nûtka (Nootka) of Nuu-chah-nulth, dy't fan Salisjaanske oarsprong binne en foarhinne de reputaasje hiene ferfrettende krigers te wêzen. De súdpunt fan it eilân wurdt bewenne troch ferskate lytse etnyske groepen dy't ta de Kustsalisjaanske folken hearre, wêrûnder de Komoks (Comox), de Kouwitsjan (Cowichan), de Eskimâlt (Esquimalt) en de Songy (Songhee).

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, References en Further reading, op dizze side.