Kanada

lân yn Noard-Amearika

Kanada is in lân dat rûchwei de noardlike helte fan it Noard-Amerikaanske kontinint beslacht. Oan de noardkant wurdt it begrinzge troch de Noardlike Iissee, yn it easten troch de Atlantyske Oseaan en yn it súdwesten troch de Stille Oseaan. Yn it suden hat it in lang grins mei de Feriene Steaten, dy't dwers troch it kontinint rint, fan 'e iene oseaan nei de oare. Yn it noardwesten, ta einbeslút, swettet Kanada oan 'e Amerikaanske steat Alaska. De haadstêd fan Kanada is Ottawa, dat yn it súdeasten leit. Oare grutte stêden binne Montreal, Toronto, Vancouver, Calgary, Edmonton, Kebek, Winnipeg, Hamilton, Londen, Kitchener en Halifax.

Kanada
Canada
flagge wapen
Latyn: A mari usque ad mare
("Hielendal fan see oant see")
geografyske lokaasje
polityk
haadstêd Ottawa
grutste stêd Toronto
offisjele taal Ingelsk en Frânsk
steatsfoarm federale parlemintêre konstitúsjonele monargy
ûnôfhinklikheid 1867
sifers
ynwennertal 35.427.524 (2014)
befolkingstichtens 3,4 / km²
oerflak 9.984.670 km² (ynkl. wetter)
9.093.507 km² (allinnich lân)
% wetter 8,9%
bykommende ynformaasje
folksliet O, Canada
muntienheid Kanadeeske dollar (CAD)
tiidsône UTC-3½ – -8
tillefoan +1
ISO 3166-koade CA
ynternetekstinsje .ca
webside www.gc.ca

Geografy bewurkje seksje

Kanada beslacht likernôch 41% fan it Noard-Amerikaanske kontinint en is it op ien nei grutste lân fan 'e wrâld, nei Ruslân. In part fan it lân leit boppe de poalsirkel en it Kanadeeske regear rekkenet it gebiet tusken 60° en 141° westerlingte hielendal oant de Noardpoal ta sines; lykwols binne dêr gjin ynternasjonale ôfspraken oer makke. It noardlikst bewenne plak yn Kanada, en fan de ierde, is Alert, op it eilân Ellesmere (eilân), sa'n 834 km ûnder de Noardpoal. It súdlikste part fan Kanada leit sawat op 'e selde hichte as it noarden fan Itaalje. De befolkingstichtens fan Kanada is likernôch 3,5 minsken de km², en hat dêrmei ien fan de leechste befolkingstichtheden fan 'e wrâld. De rivier de Mackenzie, yn it noardwesten, is 4.241 km lang en dêrmei de langste rivier fan Kanada. It heechste punt fan it lân is de berch de Mount Logan, mei in hichte fan 5.959 m, yn it territoarium Yukon, deunby de grins mei Alaska.

Geakundich kin Kanada it bêst yn fiif dielen opspjalte wurde:

Skiednis bewurkje seksje

De earste minsken, de foarâlden fan de tsjintwurdige Inuit en Yndianen, arrivearren teminsten 14.000 jier lyn yn Noard-Amearika fia de Beringlânbrêge tusken Sibearje en Alaska. De Dorset-beskaving is ien fan de wichtichste kultueren út 'e Kanadeeske prehistoarje.

 
Neiboude Wytsing-delsetting by L'Anse-aux-Meadows.

Goed fiif iuwen foardat Kristoffel Kolumbus Amearika ûntdiek, setten de Wytsingen yn Kanada al foet oan wâl. Bjarni Herjolfsson moat yn 986 de kuststripe fan Nijfûnlân en Labrador ûntdutsen hawwe en om it jier 1000 hinne stifte de Yslânske Wytsing Leif Eiriksson mei 35 manlju in lytse delsetting by L'Anse aux Meadows, op it eilân Nijfûnlân. Se neamden it nije lân Vínland ("Wynlân"). Om ûnbekende redens is dizze delsetting ferlitten en hawwe de Wytsingen harren kolonisaasje net trochset.

Nei de nije ûntdekking fan Amearika troch Kolumbus waard Kanada ynearsten troch de Frânsen ferkend en kolonisearre. Sy neamden harren koloanje dêre Nij-Frankryk. Al rillegau stiften Ingelsen lykwols harren eigen koloanjes op 'e Amerikaanske eastkust, wylst se yn 1670 de Hudsonbaaikompanjy oprjochten, dy't it yn it hiele ôfwetteringsgebiet fan 'e Hudsonbaai foar it sizzen krige. Oardel iuw fan striid tusken de Britten en de Frânsen om 'e hegemony yn Noard-Amearika waard yn 1763, oan 'e ein fan 'e Sânjierrige Oarloch, yn it foardiel fan 'e Britten besljochte, doe't de Frânsen by de Frede fan Parys frijwol al harren Noardamerikaanske besittings ôfstean moasten. Dat woe net sizze dat der doe frede kaam; yn 1775 begûn de Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch, wêrby't de trettjin súdlike Britske koloanjes har losmakken fan it memmelân, en ek nei't Grut-Brittanje yn 1783 de selsstannigens fan 'e Feriene Steaten erkend hie, bleau de sitewaasje nuodlik. Sa waarden der ûnder de Oarloch fan 1812 guon wichtige fjildslaggen op Kanadeeske boaiem levere.

 
Parliament Hill, yn 'e Kanadeeske haadstêd Ottawa, de sit fan it Kanadeeske parlemint.

Lange tiid bestiene de noardlike Britske koloanjes yn Noard-Amearika bestjoerlik los faninoar. De wichtichste gebieten wiene it Ingelsktalige Opper-Kanada (it lettere Ontario) en it Frânsktalige Neder-Kanada (it lettere Kebek). Yn 1837-1838, brieken der yn dy beide koloanjes opstannen út. By de Opperkanadeeske Opstân, ûnder lieding fan William Lyon Mackenzie, gie it om 'e lulkens dy't der ûnder it gewoane folk bestie oer in lytse kliber famyljes út 'e hegerein, dy't it koloniale regear dominearren en de keazen folksfertsjintwurdiging bûten spul setten. By de Nederkanadeeske Opstân, ûnder lieding fan Louis-Joseph Papineau, wie it te rêden om it eigenmachtige Britske bewâld oer in Frânsktalich gebiet. De koloniale autoriteiten, dy't mei beide rebûljes handich ôfweefden, besleaten neitiid om Opper- en Neder-Kanada gear te foegjen, mei as doel om 'e Frânsk-Kanadezen te assimilearjen yn 'e dominante Angelsaksysk-Kanadeeske kultuer.

Sadwaande ûntstie yn 1840 de koloanje Kanada. It earder Neder-Kanada (Kebek) kaam no bekend te stean as Kanada-East, wylst súdlik Ontario de namme Kanada-West krige. It koloniale bestjoer waard fêstige yn Kingston. Yn 1851 stribbe Kanada-West kwa ynwennertal Kanada-East foarby, wêrmei't de Ingelsktaligen yn Kanada foargoed yn 'e mearderheid kamen. Lykwols holden de Ingelsk- en Frânsktalige folksfertsjintwurdigers yn it koloniale parlemint inoar yn lykwicht, wat gauris ta in ympasse late. Under de Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) stipen de Britten tuike-tuike de Súdlike Konfederaasje, dat doe't úteinlik it Noarden de striid wûn, ûntstie der eangst foar in Amerikaanske ynfaazje, krekt sa't dat yn 1813 foarkommen wie. Sadwaande besleaten de Britten al harren Noardamerikaanske koloanjes yn ien steatsferbân te ferienjen, en kaam yn 1867 it dominion Kanada yn syn tsjintwurdige foarm ta wêzen, mei as lidsteaten de koloanjes Nij-Skotlân en Nij-Breunswyk en de wer opspjalten provinsjes Ontario en Kebek. John A. Macdonald wie de earste minister-presidint fan Kanada. Oant 1932, doe't it Statút fan Westminster troch it Britske parlemint oannommen waard, hie Kanada lykwols mar in beheinde mjitte fan selsstannigens, en pas yn 1982 einige it lêste bytsje Britske kontrôle oer it lân.

 
De sit fan it Heechgerjochtshôf fan Kanada, yn 'e haadstêd Ottawa.

Yn sawol de Earste as yn de Twadde Wrâldoarloch levere Kanada oan 'e side fan de Alliëarden in wichtige bydrage. Yn it tiidrek nei de oarloch wikselen lange perioaden fan liberale kabinetten en koartere riten mei konservative regearings inoar ôf. Kanada ûntjoech in hechte ekonomyske bân mei de oanswettende Feriene Steaten, hoewol't it op polityk mêd faak mei dat lân fan miening ferskilt.

Demografy bewurkje seksje

Etnyske groepen bewurkje seksje

It meastepart fan de ynwenners fan Kanada wennet yn in stripe fan 200 km by de grins mei de Feriene Steaten lâns. De gebieten noardlik dêrfan binne tin befolke en de noardlike territoaria wurde amperoan bewenne. De ynwenners fan Kanada wurde Kanadezen neamd.

Fan âlds bestie de befolking út Yndianen en Inûyt. Yn it koloniale tiidrek kamen der grutte groepen blanke kolonisten, benammentlik Ingelsen, Skotten, Frânsen en Ieren. De Frânsktalige ynwenners wurde Frânsk-Kanadezen of ek wol Franko-Kanadezen neamd, en binne fral konsintrearre yn 'e eastlike provinsje Kebek, dy't it grutste part fan 'e eardere koloanje Nij-Frankryk omfiemet. Hja meitsje dêr de grutte mearderheid fan 'e befolking út en it Frânsk is dêr de iennichste offisjele taal. Ek yn 'e oanbuorjende provinsje Nij-Breunswyk, de iennichste offisjeel twatalige provinsje, libbet in grutte groep Frânsk-Kanadezen. Fierders hawwe alle oare provinsjes en ek de trije territoaria wol har eigen Frânsktalige minderheden.

Kanada hat altyd in ymmigraasjelân west en de befolking is dan ek fan in grut etnysk ferskaat. Yn het westen hawwe in soad Oekraïners har nei wenjen set. Op in soad plakken binne ek Nederlânske ymmigranten te finen, dy't der fral yn 'e jierren nei de Twadde Wrâldoarloch hinne ferfearn binne. Ek út Aazje wei binne in soad lju nei Kanada komd, benammen nei de westkust, dêr't in soad Kanadezen fan Sineesk komôf wenje. Yn 'e tachtiger en njoggentiger jierren binne in protte Sinezen út Hongkong nei Vancouver ferfearn. Ek yn 'e grutte stêden fan it easten, lykas Toronto en Montreal binne grutte net-Westerske mienskippen te finen.

Taal bewurkje seksje

Yn Kanada binne it Ingelsk en it Frânsk de offisjele talen. Offisjeel is hiele Kanada twatalich; lykwols is dêr yn de westlike provinsjes net folle fan te fernimmen, om't it Ingelsk dêr de fiertaal is. De provinsje Kebek wurdt dan wer folslein dominearre troch it Frânsk, dêr't de Kebekanen in dialekt fan sprekke, in patois dat basearre is op it koloniale Frânsk út 'e santjinde en achttjinde iuw. Sûnt de sechstiger jierren hat him in skerpe politike skieding ûntwikkele tusken it Frânsktalige Kebek en de oare, Ingelsktalige provinsjes. Der is yn Kebek sels twa kear in referindum holden oer ôfskieding fan Kanada, mar dat waard sawol yn 1980 as yn 1995 ôfwiisd, al skeelde it de lêste kear mar in pear tsienden fan in prosint. Hoewol't yn alle oare provinsjes en territoaria Frânsktalige minderheden besteane, is Nij-Breunswyk de iennichste dy't offisjeel twatalich is.

 
Lânkaart dy't de yndieling fan Kanada yn provinsjes en territoaria sjen lit.

Provinsjes en territoaria bewurkje seksje

Kanada bestiet út 10 provinsjes en 3 territoaria. De provinsjes binne frijwol folslein selsbestjoerend, en ûntliene harren rjochten en macht oan 'e grûnwet. De tsien provinsjes (mei jier fan tatrede ta de Kanadeeske Konfederaasje) binne:

De territoaria binne gebieten dêr't net folle minsken wenje. Fan âlds wiene dit gebieten dy't troch de federale oerheid fan Kanada regearre waarden, mar sûnt de sechstiger jierren is ek oan 'e territoaria stadichoan in hege mjitte fan selsbestjoer taparte. De trije territoaria (mei jier fan oprjochting) binne:

Regio's bewurkje seksje

 
Iishokky, de nasjonale sport fan Kanada.
 
Kanadeeske soldaten by in militêre oefening.
 
De Kanadeeske minister-presidint Stephen Harper yn petear mei de Amerikaanske presidint Barack Obama.

De Kanadeeske gewesten wurde fierders wol opdield yn in stikmannich regio's, dy't inoar gauris oerlaapje. Hjirûnder de yndieling:

Sjoch fierders ek: de Kanadeeske Arktyske Eilannen

Ekonomy bewurkje seksje

Op ekonomysk mêd buorket Kanada goed. It BYP yn 2007 wie omrekkene goed 1.432 miljard Amerikaanske dollars. Trijefearnspart fan 'e befolking wurket yn 'e tsjinstesektor. De lânbou sektor is relatyf lyts, krekt as de yndustrysektor. Mei 24 miljard ton ierdgas is Kanada de op ien nei grutste ierdgasleveransier fan 'e wrâld, nei Saûdy-Araabje

Steatsfoarm bewurkje seksje

Kanada is in parlemintêre demokrasy en in monargy mei oan it haad kening Charles III fan it Feriene Keninkryk, dy't yn Kanada fertsjintwurdige wurdt troch de gûverneur-generaal, anno 2022 Mary Simon. Kanada wurdt bestjoerd troch in eigen regear, dat anno 2022 laat wurdt troch minister-presidint Justin Trudeau.

Nijsgjirrich bewurkje seksje

  • Montreal is de op ien nei grutste Frânsktalige stêd op de wrâld, nei Parys.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar oare boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.


 
               Kanada
 
provinsjes
Alberta • Britsk-Kolumbia • Kebek • Manitoba • Nijfûnlân en Labrador • Nij-Breunswyk • Nij-Skotlân • Ontario • Prins Edwardeilân • Saskatchewan
territoaria
Yukon • Noardwestlike Territoaria • Nûnavût