Toronto (Ingelske útspr.: [tə'rɒntoʊ], likernôch "tuh-ran-too"; pleatslik ek wol [tə'rɒnoʊ], "tuh-ran-noo") is de grutste stêd fan Kanada en de haadstêd fan 'e provinsje Ontario. Bestjoerlik is it in distriktfrije gemeente dy't offisjeel de City of Toronto hjit. Mei in befolking fan mear as 2,7 miljoen minsken is it boppedat de op trije nei grutste stêd fan Noard-Amearika, nei Meksiko-Stêd, New York en Los Angeles. As stêdekloft, mei alle foarstêden meirekkene, telt it saneamde Grut-Toronto sels goed 5,9 miljoen ynwenners. Toronto, dat yn 1793 stifte waard, leit oan 'e Ontariomar, ien fan 'e fiif Grutte Marren. It is tsjintwurdich in wrâldstêd en in ynternasjonaal sintrum op it mêd fan hannel, finansiering, de skiene keunsten en kultuer.

Toronto
Emblemen
            
Polityk
Lân Kanada
Provinsje Ontario
Gemeente Toronto
Sifers
Ynwennertal 2.731.571 (2016)
Oerflak 630,2 km²
Befolkingsticht. 4.149,5 / km²
Stêdekloft 5.928.040 (2016)
Hichte 76 m
Oar
Stifting 1793
Tiidsône UTC –5
Simmertiid UTC –4
Koördinaten 43°44′30″N 79°22′24″W
Offisjele webside
www.Toronto.ca
Kaart
Toronto (Ontario)
Toronto
Lizzing yn Ontario.

Geografy bewurkje seksje

Toronto leit yn it súdeasten fan 'e Kanadeeske provinsje Ontario, oan 'e noardwestlike igge fan 'e Ontariomar, dat ien fan 'e fiif Grutte Marren fan Noard-Amearika is. De ûndergrûn fan 'e stêd is in deldragend plato dat trochsnien wurdt troch in netwurk fan rivieren en ravinen. It oerflak fan Toronto (d.w.s. fan 'e Gemeente Toronto) bedraacht 630 km², mei in maksimale ôfstân fan noard nei súd fan 21 km en in maksimale ôfstân fan east nei west fan 43 km. De kustline fan 'e stêd oan 'e Ontariomar is 46 km lang, en de Toronto-eilannen en de haven stykje in ein út de mar yn.

 
In plattegrûn fan Toronto út 1894.

Skiednis bewurkje seksje

De oarspronklike bewenners fan de krite fan Tortonto wiene de Huroanen. Yn it Huroansk, de taal fan dat Yndiaanske folk, betsjutte toronto safolle as "oerfloed", en op lânkaarten fan iere Frânske ûntdekkingsreizgers waard dêrmei ferwiisd nei ferskate plakken, wêrûnder de Georgiaanske Baai en de Simcoe-mar. It wurd is foar 't neist besibbe oan it Irokeeske tkaronto, "it plak dêr't de beammen yn it wetter groeie", dat de namme wie foar de noarderein fan 'e Simcoe-mar. It Toronto Carrying-Place Trail, in draachrûte of portage fan 'e Ontariomar nei de Hueronmar dy't fia it plak fan it hjoeddeistige Toronto rûn, late al ier yn 'e skiednis fan 'e kolonisaasje fan wat letter Ontario wurde soe ta it wiidfersprate gebrûk fan 'e namme Toronto. Om 1660 hinne ferdreaune de Irokezen de Huroanen fan 'e noardigge fan 'e Ontariomar en stiften twa doarpen binnen de grinzen fan it hjoeddeiske Toronto. Tsjin 1700 wiene dy doarpen ferlitten en hiene de Irokezen har út 'e krite weromlutsen. Yn harren plak hiene de Mississauga, in substamme fan 'e Odjibwe, har der nei wenjen set.

Yn 1750 stiften Frânske pelskeaplju Fort Rouillé op wat tsjintwurdich de grûnen fan it Exhibition Place binne, mar dat waard al yn 1759 wer ferlitten. Under de Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch (1774-1783) fûn der in grutte ynstream fan Amerikaanske loyalisten plak dy't de opstannige Trettjin Koloanjes ûntflechten en de Britske kolonisaasje fuortsterken fan wat letter súdlik Ontario wurde soe. Yn 1791 waard de nije koloanje Opper-Kanada (geografysk frijwol gearfallend mei it lettere Ontario) oprjochte, en dêr moast in haadplak foar komme. Yn 1787 kocht Guy Carleton, 1e baron fan Dorchester, dêrom in stik lân fan likernôch 1.000 km² oan 'e noardigge fan 'e Ontariomar oan fan 'e Mississauga, by wat de Toronto-oankeap neamd waard. Dêr woe Dorchester in nije stêd bouwe, dy't Toronto komme moast te hjitten.

 
Yonge Street yn 1902.

John Graves Simcoe, de gûverneur fan Opper-Kanada, stifte op dat lân yn 1793 yndie in nije stêd, mar neamde dy York, nei prins Freark, hartoch fan York en Albany. Neitiid ferpleatste Simcoe it haadplak fan Opper-Kanada fan Newark (it hjoeddeisk Niagara-on-the-Lake) nei York, om't er miende dat dat minder kwetsber wie foar in Amerikaanske oanfal. By de yngong fan 'e haven, beskerme troch in langwerpich skiereilân yn 'e foarm fan in sânbank, liet er Fort York bouwe, dêr't it Britske garnizoen legere waard. It stedsje sels boude er oan 'e eastkant fan 'e haven efter it skiereilân, deunby de hjoeddeiske krusing fan Parliament Street en Front Street.

Under de Oarloch fan 1812 fûn yn 1813 de Slach by York plak, dy't einige mei de ferovering en fiifdeiske plondering fan York troch Amerikaanske troepen. It fort waard dêrby fierhinne ferrinnewearre, en it parlemintsgebou fan Opper-Kanada yn 'e brân stutsen. Dat foarfal wie ien fan 'e wichtichste driuwfearren foar it Britske Platbrânen fan Washington, letter yn dyselde oarloch.

Op 6 maart 1834 krige York formeel stedsrjochten en dêrby waard de namme fan it plak feroare yn Toronto. Tsjin dy tiid bestie de befolking noch mar út 9.000 minsken, ynklusyf in flink oantal ûntsnapte Afro-Amerikaanske slaven, mei't de slavernij yn 1834 yn Opper-Kanada ôfskaft wie. De politike herfoarmer William Lyon Mackenzie waard de earste boargemaster fan Toronto. Dyselde wie ek de lieder fan 'e ûnsúksesfolle Opperkanadeeske Opstân fan 1837-1838. As gefolch fan 'e Ierske Jirpelhongersneed waard Toronto yn 'e 1840-er jierren oerspield troch Ierske ymmigranten; tsjin 1851 wiene de Ieren de grutste etnyske groep yn 'e stêd wurden. Lytsere oantallen Ulstersen (d.w.s. protestantske Noardieren) setten har yn dyselde perioade ek yn Toronto nei wenjen.

 
De Grutte Brân fan Toronto, yn 1904.

Mids njoggentjinde iuw wie Toronto twaris koarte tiid de haadstêd fan 'e feriene koloanje Kanada: earst fan 1849 oant 1852, nei't der rebûlje yn Montreal útbrutsen wie, en letter nochris fan 1856 oant 1858, wêrnei't Kebek de sit fan it koloniale bestjoer waard oant dy yn 1866 ferpleatst waard nei Ottawa. Nei't yn 1867 de provinsje Ontario ûntstie, waard Toronto dêrfan de haadstêd. Yn 1854 kaam it earste spoar ree, dat de stêd (en de Ontariomar) ferbûn mei de Hueronmar en de Boppemar. Yn 'e 1860-er jierren ûntjoech Toronto him ta it sintrum fan 'e drankstokerij yn Noard-Amearika, fanwegen de maklike oanfier fan nôt en stienkoal oer de Ontariomar. Yn 1891 waarden de hynstetrams yn 'e stêd ferfongen troch elektryske trams.

Yn 1904 waard in grut part fan 'e binnenstêd fan Toronto ferwuostge by de Grutte Brân fan Toronto, wêrby't mear as K$10 miljoen oan skea oanrjochte waard. Persiis in heale iuw letter, yn 1954, waard Toronto troffen troch de orkaan Hazel, wêrby't 81 minsken omkamen, 1.900 gesinnen dakleas rekken en mear as K$25 miljoen skea oanrjochte waard.

 
De Gay Pride-optocht fan 2007.

Ein njoggentjinde iuw arrivearre der in weach ymmigranten út Jeropa, dy't diskear benammen út Dútsers, Frânsen, Italjanen en Eastjeropeeske Joaden bestie. Nei de iuwwiksel folge der in nije weach mei fral Sinezen, Russen en Poalen. Krekt as de Ieren earder dien hiene, wennen dy lju yn 't earstoan yn sloppewiken oan 'e râne fan 'e stêd. Nettsjinsteande syn flugge groei moast Toronto yn Kanada noch lang de twadde fioele spylje nei it folle âldere Montreal. Nei de Twadde Wrâldoarloch setten har in protte ymmigranten út it troch oarloch ferskuorde Jeropa yn Toronto nei wenjen, wêrûnder in protte boufakkers út Itaalje en Portegal. Yn 'e 1960-er jierren waarden de rasistyske ymmigraasjewetten fan Kanada ôfskaft, mei as gefolch dat der fan dy tiid ôf ymmigranten út alle dielen fan 'e wrâld kamen. Yn 1951 berikte de befolking fan Toronto it oantal fan 1 miljoen, en tsjin 1971 wie dat ferdûbele ta 2 miljoen. Tsjin 1981 wie Toronto Montreal foarbygroeid en wie it de grutste stêd en teffens it wichtichste ekonomyske sintrum fan Kanada wurden. De opkomst fan 'e Kebekaanske soevereiniteitsbeweging, dy't Kebek (Montreal ynbegrepen) losmeitsje woe fan Kanada, wie foar in protte bedriuwen reden om har net dêr, mar yn Toronto te fêstigjen.

 
In lânkaart fan 'e Gemeente Toronto.

Yn 1998 waarden troch it provinsjale regear fan Ontario tsjin 'e wil fan 'e befolking yn (útsprutsen yn in folksriedplachting) de seis gemeenten 'Ald-Toronto', East York, Etobicoke, North York, Scarborough en York gearfoege ta ien nije bestjoerlike ienheid, de Gemeente Toronto. Op 26 en 27 juny 2010 fûn yn Toronto de fjirde top fan 'e G20 plak, dy't grutskalige demonstraasjes fan tsjinstanners fan globalisearring oprôp, en dêr't sadwaande de grutste befeiligingsoperaasje út 'e Kanadeeske skiednis foar optúge waard. Op 8 july 2013 waard Toronto troffen troch oerstreamings dy't mank giene mei it útfallen fan 'e elektrisiteit. Op 20 desimber fan datselde jier waard de stêd op 'e nij troch de natoer ta stilstân brocht, diskear fanwegen útsûnderlik swiere izel.

Begjin 2014 kaam Toronto ferskate kearen oer de hiele wrâld yn it nijs fanwegen de cracksmokende, komasûpende en mâltjirgjend tsjin syn politike tsjinstanners útfarrende boargemaster Rob Ford. Om't de man it nei ferskate skandalen noch altyd ferpofte om op te stappen en der gjin wetlike grûnen wiene om him ôf te setten, besleat de gemeenteried fan Toronto úteinlik om tydlik in grut diel fan it boargemastersfoech oer te heveljen nei it amt fan loko-boargemaster. Yn juny 2014 waard yn Toronto it homofestival WorldPride holden, en yn 2015 wie Toronto de gasthearstêd foar de Panamerikaanske Spullen. Op 23 april 2018 fûn yn Toronto in oanslach plak wêrby't de bestjoerder fan in bestelbuske 10 minsken dearied, wylst 16 oaren ferwûne rekken. De dieder, Alek Minassian, bliek in steurde geast te wêzen dy't in ûnbedimbere hate foar froulju opfet hie.

 
It Royal Ontario Museum.
 
De CN Tower by nacht.

Toronto hjoed de dei bewurkje seksje

Hjoed oan 'e dei bestiet Toronto út mar leafst 140 unike en ferskate buerten, bewenne troch in multy-kulturele befolking fan mear as 200 ferskillende etnisiteiten, dy't de skiednis fan Kanada as ymmigraasjelân wjerspegelet. Binnen Kanada ferfollet Toronto in sintrumfunksje op it mêd fan muzyk, teäter, de filmyndustry en tillefyzje. Sa wurdt der elts jier yn septimber it Ynternasjonaal Filmfestival fan Toronto holden, dat it grutste filmfestival fan Kanada is. Yn 'e stêd binne de haadkantoaren fêstige fan alle grutte Kanadeeske nasjonale tillefyzjestjoerders, de twa grutste kranten (de Toronto Star en de Globe and Mail), de fiif grutste banken fan Kanada, en de measte Kanadeeske multinationals. De effektebeurs fan 'e stêd, de Toronto Stock Exchange, is de op seis nei grutste fan 'e wrâld. De pleatslike ekonomy hat him tige diversifiëarre, en is sterk yn sektoaren as technology, it bank- en fersekeringswêzen, sûnenssoarch, ûnderwiis, de skiene keunsten, moade, saaklike tsjinstferliening, de itenswareyndustry en toerisme. Toronto wurdt sadwaande wol de kommersjele en kulturele haadstêd fan Kanada neamd.

Elts jier wurdt de stêd besocht troch mear as 25 miljoen toeristen, dy't û.m. ôfkomme op 'e museä en keunstgallerijen, lykas it Royal Ontario Museum (ROM), dat tentoanstellings oer wrâldkultuer en natoerhistoarje fersoarget, de Art Gallery of Ontario, dy't in grutte kolleksje Kanadeeske, Jeropeeske, Afrikaanske en moderne keunst omfettet, en it Gardiner Museum, dat in keramykútstalling fan mear as 2.900 wurken út Aazje, de Amearika's en Jeropa hat. Oare toeristyske trekpleisters binne de 553 m hege CN Tower, in ferneamde wolkekliuwer dy't de heechste frijsteande toer fan it westlik healrûn hjit te wêzen, en de Toronto Zoo, de pleatslike dieretún, dêr't mear as 5.000 bisten fan mear as 460 ûnderskate soarten holden wurde.

Susterstêden bewurkje seksje

susterstêden mei in partnershipsbân
susterstêden mei in freonskipsbân

Sport bewurkje seksje

Op it mêd fan sport is Toronto de thúsbasis fan it iishokkyteam de Toronto Maple Leafs, dat yn 'e NHL spilet; it honkbalteam de Toronto Blue Jays, dat útkomt yn 'e MLB; en it basketbalteam de Toronto Raptors, dat spilet yn 'e NBA. De stêd wurdt fierders yn 'e Canadian Football League fertsjintwurdige troch it Amerikaansk fuotbalteam de Toronto Argonauts en yn 'e Major League Soccer troch Toronto FC. De Toronto Rock, ta einbeslút, is it lacrosse-team fan 'e stêd, dat útkomt yn 'e National Lacrosse League.

 
In satellytfoto fan Toronto út 2004.

Demografy bewurkje seksje

Neffens in offisjele skatting op grûn fan gegevens fan 'e Kanadeeske folkstelling fan 2011 hie Toronto yn 2016 in befolking fan 2.731.571 minsken. De befolkingstichtens bedroech 4.149,5 minsken de km². Mei alle foarstêden derby hie de stêdekloft Grut-Toronto yn 2016 5.928.040 ynwenners. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2011 wie doe fan 'e befolking fan Toronto 13,6% âlder as 65 jier en 17,5% jonger as 14 jier. Fierders bestie 49,9% fan 'e befolking út lju dy't bûten Kanada berne wiene. De ferdieling tusken de geslachten bedroech 48% manlju en 52% froulju.

 
In strjitte yn Toronto mei huzen dy't datearje út it lêst fan 'e njoggentjinde iuw.

Etnisiteit bewurkje seksje

Wat de etnyske opbou fan 'e befolking fan Toronto oangiet, dy wie yn 2011 sa: 50,2% blanken; 12,7% Eastaziaten; 12,3% Súdaziaten; 8,5% swarten; 7,0% Súdeastaziaten; 3,1% Middeneasterlingen; 2,8% Latino's; 0,5% Yndianen; 0,2% Mety; 2,7% oaren of fan mingd etnysk komôf.

Fan 'e blanke befolking wiene de grutste etnyske oarsprongsgroepen: Ingelsen (12,9% fan 'e totale stedsbefolking), Angelsaksyske Kanadezen (11,3%), Ieren (9,7%), Skotten (9,5%), Italjanen (6,9%), Dútsers (4,6%), Frânsen (4,5%), Poalen (3,8%), Portegezen (3,6%), Joaden (3,1%), Oekraïners (2,5%) en Russen (2,4%). De Eastaziatyske groep foel útinoar yn Sinezen (10,8%), Koreänen (1,4%) en Japanners (0,5%). Fan 'e Súdaziaten wiene de Ynjers (7,6%) de grutste groep, en fan 'e Súdeastaziaten de Filipino's (5,1%). Ta de swarte befolkingsgroep hearden ek de Jamaikanen (3,2%).

It etnyske ferskaat fan 'e befolking fan Toronto wurdt wjerspegele yn it bestean fan in grut tal etnyske buerten, lykas Chinatown, Corso Italia, Greektown, Koreatown, Little India, Little Italy, Little Jamaica, Little Portugal en it etnysk Poalske Roncesvalles.

 
In strjitbyld yn 'e Italjaanske wyk Little Italy.

Taal bewurkje seksje

Hoewol't foar de measte Torontianen (64%) it Ingelsk sawol de memmetaal as de deistige omgongstaal is, wurde der mear as 150 ferskillende talen yn 'e stêd sprutsen. Nei it Ingelsk wurdt yn Toronto it meast Sineesk (yn syn ûnderskate foarmen) sprutsen, en dêrnei Italjaansk. Nettsjinsteande it feit dat 9,7% fan 'e Franko-Ontarianen, de Frânsktalige minderheid yn Ontario, yn Toronto wennet, joech by de folkstelling fan 2011 mar 0,6% fan 'e ynwenners fan 'e stêd oan dat se yn 'e hûs frijwol allinnich mar Frânsk sprieken. Wol sei 7,1% fan 'e Torontianen dat yn 'e hûs ferskate talen sprutsen waarden.

Religy bewurkje seksje

Neffens gegevens fan 'e Kanadeeske folkstelling fan 2011 bestie de befolking fan Toronto doe foar 54,1% út kristenen, ferdield yn 28,2% roomsen, 21,6% protestanten en 4,3% eastersk-otterdoksen. De grutste protestantske denominaasjes yn Toronto wiene de Anglikaanske Tsjerke fan Kanada mei krapoan 100.000 leden, en de presbyteriaanske Feriene Tsjerke fan Canada mei 77.000 leden. Ateïsten en agnosten foarmen yn 2011 24,2% fan 'e befolking fan Toronto. Oare godstsjinsten wiene, yn folchoarder fan ôfnimmende oantallen leauwenden: de islaam (8,2%), it hindoeïsme (5,6%), it joadendom (3,8%), it boedisme (2,7%), it sikhisme (0,8%) en de lânseigen natoerreligyen (0,03%). De oanhingers fan alle oare godstsjinsten mei-inoar makken 0,5% fan 'e befolking út.

 
De iishokky-Hall of Fame, oan Yonge Street.
 
De Universiteit fan Toronto.

Berne yn Toronto bewurkje seksje

Stoarn yn Toronto bewurkje seksje

Klimaat bewurkje seksje

Toronto hat in fochtich lânklimaat, mei waarme, neare simmers en kâlde winters. Yn july, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 26,6 °C, en yn jannewaris, de kâldste moanne, is dat –0,7 °C. Rekôrtemperatueren wiene 40,6 °C op 7, 8 en 9 july 1936 en –31,3 °C op 4 jannewaris 1981. Toronto kriget jiers trochinoar 831,1 mm delslach, mei dêrûnder oer it hiele winterhealjier ferdield 121,5 sm snie.

 
De skyline fan Toronto, sjoen fan 'e Ontariomar ôf.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.