East-Jeropa is de geografyske namme fan it eastlike part fan Jeropa. Der binne ferskate definysjes fan it gebiet. Yn alle gefallen omfiemet East-Jeropa in grut part fan it Jeropeeske kontinint.

East-Jeropa (oranje) yn de inge definysje.

Yn de nauwe sin wurde ûndersteande lannen ta East-Jeropa rekkene:

By de nauwe definysje fan East-Jeropa, wurde der yn East-Jeropa benammen Slavyske talen sprutsen, wêrby't Moldaavje in útsûndering is, hjir wurdt yn in part fan it lân Roemeensk sprutsen. Fierders wurdt der ûnder oare troch in grutte minderheid in Turkske taal sprutsen, dêr't it Tataarsk de grutste fan is. Oer it heule gebiet is Russysk de lingua franca.

De definysje is yn de skiednis faak feroare, benammen troch politike redenen. Sa waard yn de tiid fan de Kâlde Kriich yn Jeropa sprutsen fan East- en West-Jeropa, de gebieten Súd- en Noard-Jeropa waarden doe kwealik brûkt. East-Jeropa bestie doe út it part fan Jeropa dat eastlik fan it Izeren Gerdyn lei, wêrby ek de Balkan. Sa waard in dúdlike tsjinstelling tusken East en West makke en dus ek tusken it kommunisme en it kapitalisme yn Jeropa. De lannen dy’t yn dizze definysje by East-Jeropa hearden wienen:

East-Jeropa (oranje) yn de tiid fan de Kâlde Kriich.

Mei dizze romme definysje wurde alle lannen fan it Eastblok ta East-Jeropa rekkene. Fan de lannen hjirboppe wurde Estlân, Letlân en Litouwen ek wol ta Noard-Jeropa rekkene, Poalen, Dútslân en Tsjechoslowakije (Tsjechje en Slowakije) ek wol by Sintraal-Jeropa en Joegoslaavje (Kroaasje Bosnje, Serve, Montenegro, Masedoanje, Bulgarije en Albaanje) ek wol ta Súd-Jeropa. Roemeenje en Sloveenje wurde ôfwikseljend ta Sintraal-Jeropa en Súd-Jeropa rekkene.

Sjoch ek bewurkje seksje