Simcoemar

(Trochferwiisd fan Simcoe-mar)

De Simcoemar (Ingelsk: Lake Simcoe), is in mar yn it súdlike part fan 'e Kanadeeske provinsje Ontario.

Simcoemar
geografy
type wetter mar
lokaasje noardeastlik Noard-Amearika
lân Kanada
provinsje Ontario
koördinaten 44°26′12″N 79°20′21″W
ûnderdiel fan Grutte Marren
sifers
maks. lingte 30 km
maks. breedte 25 km
oerflak 722 km²
djiptegemiddelde 15 m
djipste punt 41 m
wetterfolume 11,6 km³
kaart
Simcoemar (Ontario)
Simcoemar
Lokaasje yn Ontario
De Simcoemar.
De Simcoemar.

Yn 'e iere santjinde iuw, doe't de earste Jeropeeske ûntdekkingsreizgers de krite besochten, wennen om 'e Simcoemar hinne Yndianen fan it folk fan 'e Huroanen, dy't it wetter Ouentironk neamden, dat "Kreas Wetter" betsjutte. De blanken neamden de mar yn 't earstoan Lake Toronto of Lac Toronto ("Torontomar"), oant it wetter yn 1793 troch John Graves Simcoe, de earste luitenant-gûverneur fan Opper-Kanada, ferneamd waard nei syn heit, de Ingelske kaptein-op-see John Simcoe (1710-1759).

De Simcoemar leit likernôch midden op 'e lâningte dy't de Georgiaanske Baai, in ûnderdiel fan 'e Hueronmar, yn it noardwesten, skiedt fan 'e Ontariomar yn it suden. Dêrmei makket de Simcoemar diel út fan it stelsel fan oerflaktewetters dat de Grutte Marren fan Noard-Amearika foarmet. De Simcoemar mjit op it langste punt 30 km fan noard nei súd, en op it breedste punt 25 km fan east nei west. Mei in oerflak fan 722 km² is it de op trije nei grutste mar dy't folslein yn 'e provinsje Ontario leit, nei de Nipigon-mar, Lac Seul en de Nipissing-mar. It djiptegemiddelde is 15 m, mei in djipste punt op 41 m ûnder it wetteroerflak. De mar hat in wetterfolume fan 11,6 km³.

Der lizze ferskate eilantsjes yn 'e Simcoemar, wêrfan't Georgina it grutste is, en teffens it iennichste dat permanint bewenne wurdt. Yn 'e mande mei de folle lytsere eilantsjes Snake en Fox foarmet Georgina it Georgina Island Reservaat 33 fan 'e Tsjippewa's fan Georgina Island Earste Naasje, in Yndiaanske stamme-organisaasje wêrfan't de leden út etnyske Odjibwe (Ojibwe) besteane, dy't ek wol Tsjippewa (Chippewa) neamd wurde. Thorah, it op ien nei grutste eilân, yn it eastlike part fan 'e mar, wurdt ek bewenne troch Odjibwe-Yndianen, mar inkeld by 't simmer. Fan 'e oare beide eilantsjes, Strawberry en Grape, is Strawberry yn it besit fan 'e Kongregaasje fan de Hillige Basilius, in roomske kleasteroarder dy't it brûkt as in plak foar syn leden om yn retrête te gean. Yn 2002 ferbleau paus Jehannes Paulus II dêr ûnder syn besyk oan Kanada.

Bestjoerlik wurdt de Simcoemar omjûn troch Simcoe County en de distrikten Durham en York. De stêd Orillia leit oan 'e noardwestkust fan 'e Simcoemar, en in eintsje fan 'e súdlike igge ôf lizze de doarpen Georgina en Sutton. De mar hat trije fingerfoarmige útrinners, ien nei it westen, ien nei it noarden en ien nei it súdwesten. Dy nei it westen hjit de Kempenfeltbaai; oan 'e útein dêrfan leit de stêd Barrie. De noardlike útrinner, de Couchiching-mar, wurdt yn 'e regel beskôge as in mar op himsels, en net as ûnderdiel fan 'e Simcoemar. Dat wetter wurdt fan 'e Simcoemar skaat troch in nau dat de Atherley Narrows hjit. Dat is it plak dêr't de Mnjikaning Fish Weirs steane, in oerâlde fûke dy't yn 1982 in monumintale status krigen hat.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.