Ontario is ien fan 'e tsien provinsjes fan Kanada. It leit yn it eastlike part fan it middensuden fan it lân, en is wat oerflak oanbelanget de op ien nei grutste provinsje (nei Kebek), mei 10,8% fan it Kanadeeske grûngebiet. As de trije territoaria meirekkene wurde, is Ontario it op trije nei grutste Kanadeeske gewest, mei't ek de Noardwestlike Territoaria en Nûnavût grutter binne. Ontario foarmet it sintrum fan Kanada, dêr't sawol de grutste stêd fan it lân, Toronto, dat ek de provinsjale haadstêd is, as de federale haadstêd Ottawa lizze. De provinsje heart ta de regio's Sintraal Kanada en Eastlik Kanada. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2011 hie Ontario doe hast 12,9 miljoen ynwenners, wat delkomt op hast 40% fan 'e totale Kanadeeske befolking.

Ontario
Ontario
flagge wapen
Latyn: Ut incept fidelis sic permanet
("Trou sette hja útein, trou is hja jit")
lokaasje yn Kanada
algemien
ôfkoarting ON
lân Kanada
status (jier) provinsje (1867)
haadstêd Toronto
grutste stêd Toronto
offisjele taal Ingelsk (de facto)
sifers
ynwennertal 12.851.821 (2011)
befolkingstichtens 14,0 / km²
oerflak 1.076.395 km² (ynkl. wetter)
917.741 km² (allinnich lân)
bykommende ynformaasje
tiidsône UTC -4, -5 & -6
webside www.ontario.ca

Etymology bewurkje seksje

De provinsje is neamd nei de Ontariomar (en net oarsom, sa't gauris tocht wurdt). De namme "Ontario" komt úteinlik út 'e taal fan 'e Huroanen, in Yndiaansk folk dat yn 'e krite fan 'e mar tige machtich wie doe't de earste Frânske ûntdekkingsreizgers dat diel fan Noard-Amearika besochten. De namme betsjut "Mar fan Glinsterjende Wetters".

 
Toronto, de haadstêd fan Ontario.

Geografy bewurkje seksje

Ontario hat in oerflak fan 1.076.395 km², wêrfan't 917.741 km² út lân bestiet en 158.654 km² út wetter. De provinsje grinzget yn it westen oan 'e Kanadeeske provinsje Manitoba en yn it easten oan 'e provinsje Kebek. Yn it noarden swettet it oan 'e Hudsonbaai en de Jamesbaai, en yn it suden wurdt it begrinzge troch de Feriene Steaten, om persiis te wêzen (fan west nei east) de steaten Minnesota, Michigan, Ohio, Pennsylvania en New York. Dy súdgrins beslacht 2.700 km, en wurdt foar it oergrutte part foarme troch rivieren en binnenwetters, wêrûnder fjouwer fan 'e Grutte Marren: de Boppemar, de Hueronmar, de Earymar en de Ontariomar.

De provinsje wurdt yn 'e regel opdield yn trije grutte geografyske regio's. Sintraal en noardwestlik Ontario is in tinbefolke gebiet fan wâlden, rivieren en marren, dat ryk is oan dylchstoffen, mar dat oer it generaal gjin of mar marzjinaal lânbou ûnderstipet. Dit gebiet beslacht mear as de helte fan it oerflak fan Ontario. Noardlik dêrfan lizze de leechlannen fan 'e Hudsonbaai, yn it uterste noarden en noardeasten fan 'e provinsje, dy't fierhinne besteane út sompen en dêr't suver gjin kop wennet. Súd-Ontario, ta einbeslút, is it nei it suden ta útstekkende skiereilân tusken de Hueronmar yn it westen en de Earymar en de Ontariomar yn it easten. Dat is it iennichste tichtbefolke en foar lânbou gaadlike diel fan 'e provinsje, dêr't ek hast alle gruttere stêden lizze, wêrûnder Toronto en Ottawa.

Skiednis bewurkje seksje

Foar't de earste Jeropeeske ûntdekkingsreizgers it grûngebiet fan Ontario berikten, waard it noardwesten dêrfan bewenne troch Algonkwynske folken (de Kry (Cree), Odjibwe (Ojibwe) en oaren), en it súdeasten troch Irokeeske folken (lykas de Huroanen en de Irokeeske Konfederaasje). De earste Jeropeeske ûntdekkingsreizger dy't it grûngebiet fan it hjoeddeiske Ontario besocht, wie de Frânsman Étienne Brûlé, yn 1610-1612. Yn 1611 ferkende de Ingelsman Henry Hudson de nei him ferneamde Hudsonbaai, en naam de kusten dêrfan yn besit foar de Ingelske Kroan. De grutte Jeropeeske fraach nei pelzen feroarsaken yn 'e santjinde iuw yn Ontario de saneamde Beveroarloggen tusken de Algonkwynske folken en de Huroanen oan 'e iene kant en de Irokeeske Konfederaasje oan 'e oare. Dêrnjonken hie de lânseigen befolking yn dy snuorje ek slim te lijen fan útlânske sykten, lykas de mûzels en de pokken, dêr't se gjin ymmuniteit foar hiene.

 
It Provinsjaal Park Algonquin.

Tsjin 'e ein fan 'e santjinde iuw rekken de Ingelsen en de Frânsen yn in slepend konflikt ferwikkele oer de macht yn Noard-Amearika, dat pas yn 1763 einige, doe't Frankryk, oan 'e ein fan 'e Sânjierrige Oarloch, by de Frede fan Parys frijwol al syn besittings yn Noard-Amerika ôfstean moast oan Grut-Brittanje. Neitiid hearde súdlik Ontario fan 1774 oant 1791 ta Kebek, wylst sintraal en noardlik Ontario oant 1870 diel útmakke fan Rupertslân, dat hast hiel westlik Kanada omfieme en bestjoerd waard troch de Hudsonbaaikompanjy. Yn 1791 waard Kebek opdield yn twa ûnderskate koloanjes: Neder-Kanada (it hjoeddeiske Kebek) en Opper-Kanada (súdlik Ontario). Under de Oarloch fan 1812, mei de Feriene Steaten, waard yn 1813 in diel fan Opper-Kanada in hoart lang beset troch de Amerikanen, dy't it parlemintgebou fan 'e koloanje platbaarnden.

Fan likernôch 1815 ôf begûn de befolking fan Opper-Kanada foar it earst flink oan te waaksen troch ymmigraasje en natuerlike befolkingsgroei. De koloanje waard yn dy tiid lykwols bestjoerd troch in lytse kliber famyljes út 'e hegerein, dy't de macht fan 'e folksfertsjintwurdiging slim beheinde. De lulkens dêroer late úteinlik ta de earste utering fan Kanadeesk nasjonalisme, dy't de foarm oannaam fan 'e Opperkanadeeske Opstân fan 1837-1838, ûnder lieding fan William Lyon Mackenzie. Yn dyselde snuorje fûn der ek in opstân plak ûnder de Frânsktalige befolking fan Neder-Kanada. De Britske koloniale autoriteiten, dy't mei beide rebûljes handich ôfweefden, besleaten neitiid om Opper- en Neder-Kanada wer gear te foegjen, mei as doel om 'e Frânsk-Kanadezen te assimilearjen yn 'e dominante Angelsaksysk-Kanadeeske kultuer.

 
De Niagararotswand, op it Bruce-skiereilân.

Sadwaande ûntstie yn 1840 de koloanje Kanada. It earder Neder-Kanada (Kebek) kaam no bekend te stean as Kanada-East, wylst súdlik Ontario de namme Kanada-West krige. It koloniale bestjoer waard fêstige yn Kingston. Yn 1851 stribbe Kanada-West kwa ynwennertal Kanada-East foarby, wêrmei't de Ingelsktaligen yn Kanada foargoed yn 'e mearderheid kamen. Lykwols holden de Ingelsk- en Frânsktalige folksfertsjintwurdigers yn it koloniale parlemint inoar yn lykwicht, wat gauris ta in ympasse late. Under de Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) stipen de Britten tuike-tuike de Súdlike Konfederaasje, dat doe't úteinlik it Noarden de striid wûn, ûntstie der eangst foar in Amerikaanske ynfaazje yn Kanada, krekt sa't dat yn 1813 foarkommen wie. Sadwaande besleaten de Britten al harren Noardamerikaanske koloanjes yn ien steatsferbân te ferienjen, en kaam yn 1867 it dominion Kanada ta stân, mei as lidsteaten de eardere koloanjes Nij-Skotlân en Nij-Breunswyk en de wer opspjalten provinsjes Ontario en Kebek.

Ien fan 'e wichtichste Ontariaanske politisy út dy tiid wie Oliver Mowat, dy't fan 1872 oant 1896 oan ien wei troch minister-presidint fan 'e provinsje wie. Hy kante him fûleindich oan tsjin in sintralistysk Kanadeesk regear, en soarge der fierhinne eigenhandich foar dat de ôfsûnderlike provinsjes yn it hjoeddeiske Kanada sa'n grutte politike macht hawwe. Teffens soarge hy derfoar dat it tsjintwurdige sintraal en noardlik Ontario, dat oant dy tiid nea ûnderdiel fan 'e provinsje útmakke hie, by Ontario foege waard. Yn 'e tweintichste iuw hie Ontario fan 1916 oant 1927, ûnder ynfloed fan wat der yn 'e Feriene Steaten barde, syn eigen drûchlizzing. Nei de Twadde Wrâldoarloch makke de provinsje in snuorje fan útsûnderlike woltier en ekonomyske groei troch, dêrby oanfitere troch de ynfluks fan hûnderttûzenen ymmigranten út Jeropa. Nei't der guon rasistyske passaazjes út 'e Kanadeeske ymmigraasjewetjouwing skrast wiene, folge der fan 'e jierren santich ôf in nije tastream fan net-Westerske ymmigranten, dy't benammen de grutte stêden fan Ontario hiel fluch fan in yn prinsipe etnysk Britsk karakter in multykultureel oansjen joech. Sûnt dyselde tiid is der ek in protte binnenlânske migraasje nei Ontario ta, fan Ingelsktaligen út Kebek wei (dêr't yn 1976 foar it earst de nasjonalistysk Frânsk-Kanadeeske Parti Québécois oan 'e macht kaam), en út 'e Kustprovinsjes en Nijfûnlân wei, dêr't de ekonomy yn it ûnleech rekke wie.

 
Queen's Park yn Toronto, de sit fan it provinsjaal regear fan Ontario.

Bestjoer bewurkje seksje

Ontario hat in provinsjaal parlemint mei 107 sitten. De parlemintsleden fertsjintwurdigje har eigen kiesdistrikt (riding), dêr't se by de ferkiezings op persoanlike titel de mearderheid fan 'e stimmen helle hawwe (krekt itselde kiesstelsel as yn Grut-Brittanje). De provinsje wurdt regearre troch in eigen regear mei oan it haad in minister-presidint. Yn Kanada is it trouwens wenst (mar gjin wet) dat de minister-presidinten fan 'e ûnderskate provinsjes oantsjut wurde as premier, wylst de federale minister-presidint de prime minister is. Yn it federale Kanadeeske parlemint yn Ottawa wurdt Ontario yn 'e Senaat fertsjintwurdige troch 24 fan 105 sitten (22,9%), en yn it Legerhûs troch 106 fan 308 sitten (34,4%).

Ekonomy bewurkje seksje

Ontario hat de measte yndustry fan alle Kanadeeske provinsjes, wat mei feroarsake wurdt trochdat Ontario, mei al syn rivieren, ryk is oan skjinne en relatyf goedkeape wetterkrêftenerzjy. Ien fan 'e wichtichste sektoaren is dy fan 'e fabrikaazje fan auto's; op dat mêd stribbe Ontario yn 2004 de Amerikaanske steat Michigan, dêr't fan âlds de grutste autofabriken fan 'e Feriene Steaten fêstige binne, foarby, mei krapoan 2,7 miljard produsearre auto's. De stielyndustry, dy't fierhinne om 'e stêd Hamilton hinne konsintrearre is, is sûnt de midden fan 'e tweintichste iuw minder wichtich wurden, mar is noch altyd fan belang. Sarnia is it sintrum fan 'e petrogemyske yndustry yn 'e provinsje. De grutste hannelspartner fan Ontario is de Amerikaanske steat Michigan.

 
Strântoerisme oan 'e igge fan 'e Ontariomar.
 
Niagarawetterfal

Yn Toronto is it grutste part fan it bank- en fersekeringswêzen fan 'e provinsje fêstige, wylst yn 'e ûnderskate foarstêden fan Toronto fral dien wurdt distribúsjetsjinsten, ynformaasjetechnology en ferskate foarmen fan yndustry. Yn Ottawa is it federale regear fierwei de grutste wurkjouwer, wylst foar sintraal en noardlik Ontario benammen mynbou en de papieryndustry fan belang is. Toerisme is dan wer wichtich foar de hiele provinsje. Yn it noarden en de midden komt men fral ôf om it natoerskientme, en om te jeien, te skyen en te sniemobyljen. Yn it suden is Toronto in trekpleister fan belang, wylst ek de Niagarawetterfallen, op 'e grins mei de Feriene Steaten, withoefolle besikers lûke.

De lânbou, dy't yn súdlik Ontario ienris de dominante sektor fan 'e ekonomy wie, beslacht no noch mar in lyts (mar ûnmisber) persintaazje fan 'e beropsbefolking en de produksje. Der wurdt benammen dien oan it ferbouwen fan nôt en it hâlden fleis- en melkkij. Túnbou wurdt bedreaun op it Niagaraskiereilân en by de kust fan 'e Earymar lâns, dêr't ek tabak ferboud wurdt.

 
De haven fan Hamilton.

Demografy bewurkje seksje

Neffens de Kanadeeske folkstelling fan 2011 hie Ontario doe 12.851.821 ynwenners, wat 5,7% mear is as yn 2006. De befolkingstichtens wie yn 2011 14,1 minsken de km². De mearderheid fan 'e Ontarianen is fan Ingelsk of oar Jeropeesk komôf, mei as wichtichste groepen Skotten, Ieren en Italjanen. Justjes minder as 5% fan 'e befolking wurdt opmakke troch de Franko-Ontarianen, de Frânsktalige minderheid fan Ontario, al hawwe 11% fan 'e ynwenners fan 'e provinsje Frânske foarâlden. Fierders bestiet 25,9% fan 'e befolking út net-Westerske minderheden, en 2,4% út 'e lânseigen befolking, foar it meastepart Yndianen en Métis, al binne der ek guon Inûyt.

Op it mêd fan godstsjinst bestiet 64,6% fan 'e befolking fan Ontario út kristenen (wêrûnder 31,4% roomsen, 30,8% protestanten en 2,4% eastersk-otterdoksen en oriïntaalsk-otterdoksen). Ateïsten en agnosten foarmje 23,1% fan 'e befolking. Oare godstsjinsten binne, yn folchoarder fan grutte: de islaam (4,6%); it hindoeïsme (2,9%); it joadendom (1,5%); it sikhisme (1,4%); en it boedisme (1,3%). De oanhingers fan oare godstsjinsten mei-inoar, wêrûnder de lânseigen religyen fan 'e ûnderskate Yndiaanske folken, meitsje 0,5% fan 'e befolking út.

 
Parliament Hill, yn Ottawa, de sit fan it Kanadeeske federale regear.

Taal bewurkje seksje

Ontario hat eins gjin offisjele taal dy't as sadanich by wet fêstlein is, mar it Ingelsk fungearret as de de facto offisjele taal. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2011 is dat ek de memmetaal fan in romme mearderheid (±70%) fan 'e befolking fan 'e provinsje. It Frânsk is in erkende minderheidstaal yn Ontario, dy't op guon plakken in beskate (legere) offisjele status hat njonken it Ingelsk. Under de French Language Services Act ("Wet op 'e Tsjinsten yn 'e Frânske Taal"), út 1990, binne de provinsjale en pleatslike autoriteiten yn Ontario ferplichte om harren tsjinsten yn it Frânsk beskikber te meitsjen as teminsten 10% fan 'e ynwenners fan in plak oanjout it Frânsk as memmetaal te hawwen.

Klimaat bewurkje seksje

Ontario hat trije ûnderskate klimaatsônes. Yn Súd-Ontario wurdt it klimaat yn hege mjitte beynfloede troch de omlizzende Grutte Marren, dy't simmerdeis stadichoan opwaarmje en by 't winter like stadichoan ôfkuolje. Dat feroarsaket dêr waarme simmers en relatyf mylde winters, al kin der wol in soad snie falle, wat feroarsake wurdt trochdat it gebiet fierhinne ûnder de wyn fan Grutte Marren leit. Sintraal en eastlik Ontario hat waarme simmers mei langere, strange winters, mei ek wer snie by 't folop, al komt dat dêr net fan 'e marren. Yn noardlik Ontario wurdt it klimaat dan wer beynfloede troch de kâlde wetters fan 'e Hudsonbaai, dy't de temperatuer sawol simmerdeis as by 't winter flink omleechhelje.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, References en Further reading, op dizze side.


 
               Kanada
 
provinsjes
Alberta • Britsk-Kolumbia • Kebek • Manitoba • Nijfûnlân en Labrador • Nij-Breunswyk • Nij-Skotlân • Ontario • Prins Edwardeilân • Saskatchewan
territoaria
Yukon • Noardwestlike Territoaria • Nûnavût