Islam

(Trochferwiisd fan Islaam)

De Islam is de religy basearre op it oanbidden fan Allah (de namme foar God yn it Arabysk) en it folgjen fan it wurd fan de profeet Mohammed ( صلى الله عليه و سلم; 'dat Gods segen en frede mei him wêze mei') , sawol mûnling as skriftlik festlein yn de Koaran, faak ek al Furqân neamd. Lykas it Kristendom en Joadendom, is de Islam nei alle gedachten in Abramitysk leauwen. De Islam is it twadde grutste leauwen op 'e wrâld mei likernôch 1,2 miljard minsken, 20 prosint fan de wrâldbefolking.

De folgelingen fan de Islam hjitte Moslims of Mohammedanen. Dy lêste term wurdt lykwol troch guon Moslims as misledigjend beskôge, om't dy nei harren gedachten ynhâlde soe dat sy Mohammed oanbidde, wat net sa is.

Moslims bidde yn in hillich gebouw: de moskee. De measte moskees hawwe op syn minst in koepel en guon hawwe ien as mear tuorren, mar in moskee hat gjin toer of koepel nedich om in moskee te wêzen. Moslims moatte mei bleate fuotten de moskee binnen komme. Bidde is in wichtige saak by it Moslim leauwen.

Keppeling om utens

bewurkje seksje