In moskee (Arabysk: مسجد, masdjid of masjid) is in gebedshûs yn de Islam. It hûs fan Mohammed yn Medina wurdt beskôge as de earste moskee. De Moskeeën binne fan binnen sober fan opset, omdat it gebed yn de Islam sintraal stiet. Fan bûten binne it wol ympostante gebouwen mei tige útinoar rinnende arsjitektueren.

Al-Aksa Moskee, boud op de tempelberch, Jerusalims hillichste plak

De measte Moskeeën hawwe ien of mear lange, smelle tuorren: de minaretten. Fan de minaret ôf ropt de muezzin (ek wol muaddhin) fiif kear deis de leauwenden op ta it gebed: de salat of salah, en werhellet dêrby de shahadah. Dy oprop wurdt azan (ek wel adzan, athan) neamd. De Moslims rjochtsje harren by it bidden yn de rjochting fan Mekka.

Yn de moskee is in muorre dy't leadrjocht op dy gebedsrjochting stiet en wurdt kwibla neamd. De mihrab is in nis yn dy muorre en oan de side fan de mihrab kin ek in minbar, in preekstoel wêze. Fan de minbar ôf wurdt op alle freeds de preek (khotbah of khutbah) holden. Alle manlju dy't Moslim binne moatte op freed nei de moskee ta komme foar it mienskiplike middeisgebed.

Tradisjoneel binne manlju en froulju yn de Moskee fan inoar skieden. Nei alle gedachten wurdt dat dien sadat minsken net folle fan it gebed ôflieden wurde kinne. Yn de Koran wurdt skieden bidden lykwols net twingend foarskreaun. Yn de twa âldste moskeeën fan Medina en Mekka, bidde manlju en froulju tegearre. Foar it gebed fynt in rituële reiniging plak.

Galery bewurkje seksje

 
Moskee in Frankfurt
 
Shakh-i Zindeh Moskee yn Samarkand
 
Moskee yn Parys
 
Omajjademoskee yn Damaskus
 
Mevlana Moskee yn Rotterdam
 
Moskee yn Paramaribo, Suriname