Paramaribo is de haadstêd fan Suriname. De stêd leit oan de westside fan de rivier de Suriname, likernôch 23 kilometer fan de see ôf. De stêd Paramaribo en de omkriten hawwe de bestjoerlike status fan in distrikt. Yn 2004 wennen der 242.946 minsken yn de stêd.

Paramaribo
De Waterkant, Paramaribo
De Waterkant, Paramaribo
Polityk
Lân Suriname
Distrikt Paramaribo
Sifers
Ynwennertal 240.924 (2012)
Oerflak 183 km²
Befolkingsticht. 1.327,6 / km² (2004)
Hichte 3 m
Oar
Stifting 1630
Tiidsône ART (UTC-3)
Kaart
Paramaribo (Suriname)
Paramaribo
De lokaasje fan Paramaribo yn Suriname.
Litografy fan de merk yn Paramaribo (1828-1839)

De stêd is faaks om 1630 hinne út in Nederlânske faktorij ûntstien by it yndianedoarp Parmurbo. Yn 1630 of 1631 waard it plak beset troch de Ingelsken en yn 1650 wie de stêd part fan it Britske Ryk en krige de status fan haadstêd. De sizzenskip oer Paramaribo wikselle tusken de Britten en de Nederlanners, de Nederlanners krigen fan 1815 ôf de sizzenskip oant 1975. Troch slavehannel en kontraktwurkers hat Paramaribo in ryk ferskaat oan etnisyteiten fan Yndiaanske, Afrikaanske, Aziatyske en Nederlânske komôf.

Paramaribo hat in tige âlde Joadske mienskip. Ien fan de âldste synagoges op it westlik healrûn stiet yn Paramaribo. Dy waard boud yn 1685 oan de Surinamerivier.

Yn jannewaris 1821 hat in grutte brân mear as 400 huzen ferneatige. In twadde brân yn septimber 1832 ferneatige op 'en nij 46 huzen yn it westlike part fan de 'Waterkant

Bestjoerlike yndieling

bewurkje seksje
 
De ressorten fan Paramaribo.

It distrikt Paramaribo bestiet út de stêd en it gebiet dat noardlik fan de stêd leit. It wurdt beheine troch de distrikten Wanika yn it westen, Kommewijne yn it easten en de mûning fan de rivier de Suriname yn it noarden.

It distrikt Paramaribo bestiet út tolve ressorten, dy't yn it steedlik gebiet fan Paramaribo mear de funksje fan in wyk hawwe:

It distrikt Paramaribo hat in oerflak fan likernôch 183 kante kilometer, by de folkstelling fan 2004 wennen der 242.946 minsken. Nei oerflak is Paramaribo it lytste distrikt fan Suriname, mar nei tal ynwenners it meast befolke; De helte fan de Surinaamske befolking wennet yn Paramaribo, it is dan ek it tichtst befolke gebiet.

48% fan de ynwenners fan Paramaribo hinget it kristlik leauwe oan, 14% is hindû, 9% moslim en 4% hat in oar leauwe, noch iens 4% hat gjin leauwe en 21% woe gjin antwurd jaan op de fraach.

It Nederlânsk is by fier de meast sprutsen taal yn de húshâldens fan Paramaribo. Yn 66,4% fan de húshâldens is it de meast sprutsen taal en yn de measte oare húshâldens wurdt it sprutsen as twadde taal. Oare talen dy't in soad sprutsen wurde binne Surinaamsk (Sranantongo), Sarnami Hindûstani en Javaansk.

Berne yn Paramaribo

bewurkje seksje

Keppeling om utens

bewurkje seksje