Cornelis Gerard Anton de Kom (Paramaribo, 22 febrewaris 1898 - Kamp Sandbostel (Neuengamme), 24 of 29 april 1945) wie in Surinaamsk anty-koloniale skriuwer, nasjonalist en fersetsstrider yn de Twadde Wrâldkriich yn Nederlân.
Hy brûkte ek de skûlnammen Adekom en Papa De Kom.

Anton de Kom (1924)

Biografy bewurkje seksje

Libben oant 1939 bewurkje seksje

 
De Anton de Komstrjitte yn Paramaribo
 
Anton de Komplein, Amsterdam Súdeast
 
Monumint foar Anton de Kom, Amsterdam Súdeast (byldnis: Jikke van Loon)

De Kom wie in soan fan boer Adolf de Kom en Judith Jacoba Dulder. Syn heit waard noch as slaaf berne.

De Kom folge de legere skoalle en de Mulo, en helle it diploma boekhâlden. Hy wurke by de Balata Compagnieën Suriname en Guyana. Op 29 july 1920 naam er ûntslach en ferfarre nei Haïty, dêr't er oant wurk gie by de Societé Commerciale Hollandaise Transatlantique. Yn 1921 gie er nei Nederlân. Hy tsjinne in jier frijwillich by de Huzaren, mar yn 1922 gie er oan 't wurk by in advysburo yn De Haach. Dêrnei waard er fertsjintwurdiger yn kofje, tee en tabak foar de Haachske kofjebaarnderij Reuser en Smulders. Dêr krige er ek kunde oan syn lettere frou. Fierders wie er doe warber yn tal fan loftse organisaasjes, sa as de nasjonalistyske organisaasje fan Yndyske studinten en Links Richten.

De Kom ferfear 20 desimber 1932 mei syn hûshâlding werom nei Suriname, dêr't er 4 jannewaris 1933 oankaam. Fan dat stuit ôf waard er skerp yn de gaten holden troch it koloanjaal gesach. Hy festige in advysburo op it hiem fan it hûs fan syn âlden. Op 1 febrewaris waard er oanholden doe't er mei in grutte kloft oanhingers ûnderweis wie nei gûverneur A.A.L. Rutgers. Op 3 en 4 febrewaris demonstrearren syn oanhingers foar it kantoar fan de prokureur-generaal en easken De Kom's frijlitting. Op 7 febrewaris kaam in grutte groep minsken gear op it Gûvernemintsplein (letter Oranjeplein en no it Unôfhinklikheidsplein). Der waard grute dat De Kom frijlitten wurde soe. Doe't de minsken it plein net ferlitte woenen begûn de plysje te sjitten. Der foelen twa deaden en 30 minsken rekken ferwûne. Sûnt is dy dei bekend as Swarte Tiisdei.

 
De Kom en syn oarehelte Nel Borsboom

Op 10 maaie waard De Kom op in skip nei Nederlân set; oars hie er noch moannen fêstsitten sûnder proses, dat hy moast wol. Hy koe yn Nederlân gjin fêst wurk fine en skreau fierder oan syn boek Wij slaven van Suriname dat yn 1934 yn sensurearre foarm ferskynde. De Kom die mei oan wurkleazeaksjes en waard yn 1939 ynset by de Wurkferskaffing. Foar de oarloch joech er lêzingen oer it kolonialisme op kommunistyske gearkomsten; hy hie geregeldwei kontakt mei de Haachske kommunistyske auteur Nico Wijnen.

De Kom as fersetsman bewurkje seksje

Nei de Dútske ynfal yn 1940, gie De Kom by it kommunistysk oriïntearre Nederlânsk ferset. Hy skreau op fersyk fan Nico Wijnen artikels foar it kommunistyske fersetsblêd De Vonk en letter foar it Revolúsjonêr Sosjalistyske blêd mei deselde namme; hy hie kunde oan ien fan oprjochters, de skriuwer Jef Last. Op 7 augustus 1944 waard er arrestearre en fêstset yn it Oranjehotel yn Skeveningen; hy waard deselde moanne noch oerpleatst nei Kamp Vught. Begjin septimber 1944 kaam er yn Sachsenhausen telâne, dêr't foar de Heinkelfleanmasinefabryk arbeidzje moast. De Kom stoar 24 april 1945 oan tuberkuloaze yn Kamp Sandbostel by Bremervörde, in bûtenkamp fan konsintraasjekamp Neuengamme. Hy waard bedobbe yn in massagrêf. Yn 1960 waard syn stoflik omskot fûn en oerbrocht nei Nederlân en byset op it earebegraafplak yn Loenen. Postúm waard him yn 1982 it Fersetsbetinkingskrús takend.

Privee bewurkje seksje

De Kom wie troud mei Petronella Borsboom. It pear hie fjouwer bern. Soan Cees de Kom wennet yn Suriname. Judith de Kom waard bekend as foardrachtskeunstneresse.
Antoine de Kom (1956), syn pakesizzer, is in Nederlânsk psychiater en dichter.

Ferneamingen bewurkje seksje

Op 24 april 2006 waard yn Amsterdam op it Anton de Komplein in troch Jikke van Loon fan De Kom makke stânbyld ûntfâlde, in opdracht fan it stedsdiel Súdeast. Lilke Surinamers woenen de ûntbleating foarkomme omdat hja it byld net weardich, benammen te bleat, fûnen. De plysje wie nedich om nidige demonstranten del te bêdzjen.

De Koms skriuwerij bewurkje seksje

Fan De Koms wurk is in protte weirekke. Syn meast wichtige wurk is in histoarysk essee dat foar it nasjonaal bewustwêzen fan Surinamers fan grut belang west hat: Wij slaven van Suriname (1934). Fan de net-publisearre roman Ons bloed is rood ferskynde in fragmint yn it tydskrift Adek (1983, nr. 5), fan it filmskript Tjiboe is in stik opnaam yn de karlêzing Verhalen van Surinaamse schrijvers (1989). Yn 1969 ferskynden gedichten ûnder de titel Strijden ga ik (Stichting tot behoud en stimulatie van Surinaamse Kunst, Kultuur en Wetenschap). Syn politike geskriften en taspraken binne nea ferskynd al hat it wol de hjitting west.

Ein 2008 soarge de Feriening Us Suriname dêrfoar dat in grut tal literêre manuskripten boppe wetter kamen. Yn de jierren '60 wienen dy útliend oan Surinaamse studinten yn Leien en sûnt net mear te finen. It gie om inkelde ferzjes fan it filmsenario Tjiboe, om dielen fan twa romans (Ons bloed is rood en Om een hap rijst) en om in bondel Anansi-fertellingen, ferhalen oer de spin Anansi, troch De Kom oantsjut as Anangsieh.

Op 24 febrewaris 2009 wie de oerdracht fan it literêre argyf fan Anton de Kom - troch syn bern Ad en Judith - oan prof. dr. Michiel van Kempen fan de Universiteit fan Amsterdam. It argyf sil ta foldwaan komme, troch digitalisearring, fan ûndersikers en mei de tiid telâne komme yn it Nederlânsk Letterkundich Museum yn De Haach.

Kanon fan Nederlân bewurkje seksje

Op 22 juny 2020 waard Anton de Kom tafoege oan de Kanon fan Nederlân, in oersjoch fan ûnderwerpen dy't eltse Nederlanner oer de Nederlânske skiednis witte moatte soe. Yn it ramt dêrfan skildere Hedy Tjin de Muurskildering Anton de Kom oan it Anton de Komplein yn Amsterdam.

 
Muurschildering Anton de Kom

Publikaasje bewurkje seksje

Literatuer en oare boarnen bewurkje seksje

  • Boots, Alice en Woortman, Rob: Anton de Kom. Biografie, Amsterdam/Antwerpen 2009, Utjouwerij Contact
  • A. de Kom zijn strijd en ideeën.Gearstald troch Anton de Kom/Abraham Behr Instituut, Amsterdam 1989, Sranan Buku
  • Oer syn literêr wurk: Michiel van Kempen, Een geschiedenis van de Surinaamse literatuur. Breda 2003, De Geus, diel II, sdn. 435, 480-481, 599-605.
  • Op 24 april 2006 waard in biografyske dokumintêre oer De Kom útstjoerd mei de titel Wij slaven van Suriname op Nederlân 3.
  • It Amsterdamske Stedsdiel-Súdeast makke in lespakket mei dvd oer Anton de Kom yn 2009.

Keppelings om utens bewurkje seksje