Slavernij
Slavernij is in tastân wêrby't minsken as eigendom holden wurde. It begryp ferwiist ek nei it maatskiplik stelsel wêrby't slaven holden wurde meie. Omdat de mins as eigendom holden wurdt, hoecht de slavehâlder gjin lean te beteljen. Slavetsjinst en slavehannel wie eartiids in wichtige ekonomyske faktor.
Slaaf wiist troch nei dizze side. Foar oare betsjuttings fan dat begryp, sjoch: Slaaf (betsjuttingsside).
Slavernij is fan alle tiden. De bekendste slavernij wie dy yn de tiid fan de kolonisaasje fan de de 16e oant en mei de 19e iuw. Moderne slavernij moat socht wurden yn Afrika en by guon prostituees út East-Europa, Aazje, Súd-Amearika en Afrika.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Slavery fan Wikimedia Commons. |