Afrika
Afrika is in wrâlddiel.
Swart Gebiet
bewurkje seksjeTa Afrika wurdt it gebiet rekkene tusken:
- yn it noarden Middellânske See, as grins mei Jeropa
- yn it noardeasten de Lâningte fan Suez, as grins mei Aazje
- yn it easten en suden de Yndyske Oseaan
- yn it westen de Atlantyske Oseaan
Namme
bewurkje seksjeDe namme "Afrika" wie yn de Aldheid earst foarbehâlden oan it gebiet fan it hjoeddeiske Tuneezje. Letter waard de hiele kuststrook Afrika neamd en yn de tiid fan de ûntdekkingsreizen waard it hiele wrâlddiel hjirmei oantsjutten. De namme soe ûntliend wêze oan it Foenisyske wurd afrid. Mar oaren stelle dat de namme Afrika te werom te bringen is ta de Berberske goadinne ifri (wat grot betsjut). Dizze goadinne waard letter troch de Romeinen oernaam.
Wolfeart
bewurkje seksjeIt kontinint hie yn 2000 likernôch 795 miljoen ynwenners. Frijwol hiel Afrika heart ta de Tredde Wrâld. Sommige minsken rekkenje it hiele kontinint hjir ta, oaren allinnich de lannen besuden de Sahara, mei útsûndering fan Súd-Afrika.
Lannen
bewurkje seksjeDer lizze 54 selsstannige lannen alhiel of foar in part yn Afrika:
- Algerije
- Angoala
- Benyn
- Botswana
- Boerkina Faso
- Boerûndy
- Dzjibûty
- Egypte
- Ekwatoriaal-Guinee
- Eritrea
- Etioopje
- Gabon
- Gambia
- Gana
- Guinee
- Guinee-Bissau
- Ivoarkust
- Kaapverdje
- Kameroen
- Kenya
- de Kongo (demokratyske republyk Kongo, it eardere Saïre)
- de Kongo (republyk Kongo)
- Komoaren
- Lesoto
- Libearia
- Lybje
- Madagaskar
- Malawy
- Maly
- Marokko
- Mauritaanje
- Mauritsius
- Mozambyk
- Namybje
- Nigearia
- Niger
- Rûanda
- Sambia
- Sao Tomee en Prinsyp
- Senegal
- De Seysjellen
- Sierra Leöane
- Simbabwe
- Sintraal-Afrikaanske Republyk
- Somaalje
- Spanje
- Súd-Afrika
- Súd-Sûdan
- Sûdan
- Swazilân
- Tanzania
- Togo
- Tsjaad
- Tuneezje
- Uganda
Keppeling om utens
bewurkje seksje- Wikiwurdboek-side - Afrika