Guinee-Bissau
| |||||
Offisjele taal | Portugeesk | ||||
Haadstêd | Bissau | ||||
Steatsfoarm | Republyk | ||||
Gebiet % wetter |
36.125 km² 31% | ||||
Ynwenners | 1.413.446 | ||||
Munt | CFA-frank (XOF) | ||||
Tiidsône | UTC +0 | ||||
Nasjonale feestdei | 24 septimber | ||||
Lânkoade | GIB | ||||
Ynternet | .gw | ||||
Tillefoan | 245 |
Guinee-Bissau is in lân yn West-Afrika. De haadstêd is Bissau, de twadde stêd fan it lân is Gabú.
Geografy
bewurkje seksjeLizzing
bewurkje seksjeIt lân wurdt begrinzge troch:
- Senegal yn it noarden,
- de Atlantyske Oseaan yn it westen,
- Guinee yn it suden.
Lânskip
bewurkje seksjeDe hiel bot ferbrokkele (brede) kustflakte fan Guinee-Bissau dy't mei rivieren wurdt trochsnien grinzget yn it easten oan in fochtige savanne en giet yn it mei súdeasten oer yn in heuvelich gebiet. Oan de kust lizze mangroven, yn it binnenlân is it sompich mei in protte moerassen. By de súdeastlike grins leit it Fouta-Djallon berchtme mei in hichte oant 300 meter.
De grutte rivieren binne de Kacheu, de Buba, de Géba en de Korubal. De riviermûningen befetsje sâlt wetter. Troch de floed kin dat wetter wol 100 km lânynwerts opstowe wurde en feroarsake in tijferskil fan 7 meter. As gefolch hjirfan komme ferskillende gebieten geregeld ûnder wetter te stean. Nettsjinsteande dizze wetteroerlêst is it kustgebiet tichtbefolke. Tusken de kust en de savannen yn it easten leit in tropysk reinwâld.
Skiednis
bewurkje seksjeYn de 16e iuw waarden troch de Portegezen oan de kust de earste hannelsposten stifte en heljen in protte slaven út it gebiet fuort. Guinee-Bissau wie tusken 1879-1974 in Portegeeske koloanje, nei de ûnôfhinklikens in demokrasy dy't abrupt einige mei in militêre steatsgreep. Nei de talitting fan nije partijen (1991) waarden yn 1994 de earste frije ferkiezings hâlden foar it "Nationaal Assemblee".
Demografy
bewurkje seksjeBefolking
bewurkje seksjeYn Guinee-Bissau wenje 6 ferskillende befolkingsgroepen. De Balanta foarmje mei 25% de grutste groep, folge troch de Fulbe 20%, de Mandingo 12%, Manyako 10%, Papéis 10%. De groep Mestys (meastentiids fan Kaapverdyske komôf is nei skatting 10.000 grut.
Talen
bewurkje seksjePortugeesk (offisjele taal), Crioulo of Kriol (lingua franca), Fulfulde (Fulany), Mandingo
Religys
bewurkje seksjetradisjonele religys 50%, Islam 45%, kristendom 5%