In tiidsône is in gebiet dêr't in standerttiid jildt, of ek wol al it gebiet dêr't deselde standerttiid jildt.

Standerttiid bewurkje seksje

Mei dat de tiidmjitting presiser waard en it ferfier flugger, waard yn de 19e iuw it brûken fan sinnetiid ta in tûkelteam foar de reizgers. Fral by de opkomst fan de trein waard dêrom yn in protte lannen in standerttiid ynfierd, faak de sinnetiid fan de haadstêd. Dat joech tiidsônes beheind troch de grinzen fan dy lannen.

Wrâldstandert bewurkje seksje

Mei dizze nasjonale standerttiden koenen lannen dy't min ofte mear op de selde meridiaan leinen lykwols dúdlike tiidferskillen hawwe. Yn 1876 stelde Sandford Fleming in ynternasjonaal stelsel fan tiidsônes út. Nei't yn 1884 de deigrins fêststeld waard, waard dat idee hast oeral op de wrâld oernaam.

Breedte bewurkje seksje

De ierde is yn dit systeem opdield yn 24 tiidsônes dêr't de standerttiid alle kearen in oere letter is. Om't de ierde rûn is, oanjûn as 360°, is de ierde dan neffens de meridianen opdield yn tiidsônes fan 15°. De basis is de sône fan 7°30' east fan de nulmeridiaan oant 7°30' west fan de nulmeridiaan, dy't de tiid fan de nulmeridiaan hat. Op dyselde wize binne tiidsônes definiearre dy't 15° fierder nei it easten en nei it westen ta lizze, dêr't it in oere letter en in oere betider is, ensfh.

Tal bewurkje seksje

Yn de tiid tusken de Earste Wrâldkriich en de Twadde Wrâldkriich is dizze tiid troch de measte lannen oannaam as tiid op see. Op lân is de situaasje lykwols yngewikkelder, om't de measte lannen mar ien standerttiid brûke ek al rint der in tiidgrins trochhinne. Fierders brûke guon lannen in al as net permaninte simmertiid, en binne der in pear lannen dy't in standerttiid brûke dy't net in hiel tal fan oeren ferskilt fan de Koördinearre Wrâldtiid. Ek dielt de deigrins de tiidsône dy't 12 oere ôfwikt troch de midden, wat twa sônes jout dêr't de oeretiid itselde is, mar de datum net. Byelkoar binnen der 39 tiidsônes, mei sterk kringeljende grinzen.

 
Kaart mei tiidsônes

Sônes bewurkje seksje

  1. UTC -12
  2. UTC -11
  3. UTC -10
  4. UTC -9.30
  5. UTC -9
  6. UTC -8
  7. UTC -7
  8. UTC -6
  9. UTC -5
  10. UTC -4
  11. UTC -3.30
  12. UTC -3
  13. UTC -2
  14. UTC -1
  15. UTC
  16. UTC +1
  17. UTC +2
  18. UTC +3
  19. UTC +3.30
  20. UTC +4
  21. UTC +4.30
  22. UTC +5
  23. UTC +5.30
  24. UTC +5.45
  25. UTC +6
  26. UTC +6.30
  27. UTC +7
  28. UTC +8
  29. UTC +8.30
  30. UTC +8.45
  31. UTC +9
  32. UTC +9.30
  33. UTC +10
  34. UTC +10.30
  35. UTC +11
  36. UTC + 11.30
  37. UTC +12
  38. UTC +12.45
  39. UTC +13
  40. UTC +14