Nulmeridiaan
In nulmeridiaan is in meridiaan, oanwiisd as basis dêr't de posysje fan oare meridianen mei bepaald wurdt. Yn it standert geografysk koördinatestelsel is de meridiaan fan Greenwich de nulmeridiaan.
Klassike nulmeridiaan
bewurkje seksjePtolemaeus lei de nulmeridiaan oan it uterste westen fan de wrâld, oer Ferro, it westlikste fan de Kanaryske Eilannen. Arabyske astronomen brûkten sûnt 1075 in oare nulmeridiaan, de meridiaan fan de súdpunt fan Afrika. Op in kongres yn 1634 waard lykwols de meridiaan fan Ferro befêstige.
Moderne nulmeridianen
bewurkje seksjeDe grûn foar it fêststellen fan de ûnderskate nulmeridianen is dat, oars as foar de parallellen, dêr't de evener de logyske nulwearde is, der gjin logyske nulmeridiaan is. As gefolch dêrfan waard by elke nasjonale trijehoeksmjitting in eigen nulmeridiaan oannaam. Bygelyks:
- Frankryk: meridiaan fan Paris, oer it Observatoarium fan Paris.
- Fryslân: meridiaan fan Ljouwert, oer de Aldehou.
- Ingelân: meridiaan fan Greenwich, oer it Observatoarium fan Greenwich.
- Nederlân: meridiaan fan Amsterdam, oer de Westertoer.
Standert nulmeridiaan
bewurkje seksjeYn de 19e iuw kaam der ferlet fan in ynternasjonale standert foar de nulmeridiaan. Yn oktober 1884 waard troch it Ynternasjonale meridiaankongres de meridiaan fan Greenwich oanwiisd as standert nulmeridiaan. Dêrmei waard ek de sinnetiid op dy meridiaan de standert foar wrâldtiid, Greenwich Mean Time.
Relaasje mei oare begripen
bewurkje seksjePresys tsjin de nulmeridiaan oer leit de teoretyske Ynternasjonale datumline. Tegearre diele se de wrâld yn twa helten, it Eastlik healrûn en it Westlik healrûn. De hoeke dy't in flak troch de ierdas en de nulmeridiaan makket mei in flak troch de ierdas en in oare meridiaan, hjit de lingte fan dy meridiaan. Op it eastlik healrûn is dat easterlingte, op it westlik healrûn is dat westerlingte.