De Aldehou is in toer sûnder tsjerke yn Ljouwert. Mei de bou waard yn 1529 úteinset, mar al gau sakke de toer skean, mei as gefolch dat it projekt yn 1532 of mooglik yn 1533 ûnfoltôge stillein waard.

Aldehou (toer)
bouwurk
De Aldehou yn 2014
De Aldehou yn 2014
lokaasje
Provinsje flagge fan Fryslân Fryslân
Gemeente Ljouwert
plak Ljouwert
bysûnderheden
type bouwurk Toer
subtype Tsjerketoer
boujier 1529-1532/1533
arsjitekt Jacob van Aaken, Cornelis Frederiks
boustyl Goatysk
oare ynformaasje
hichte ± 40 m.
It sintrum fan Ljouwert mei de Aldehou (loftfoto fan tusken 1920 en 1940)

Skiednis fan de tsjerke

bewurkje seksje

Op it Aldehouster Tsjerkhôf yn Ljouwert, dêr't no de Aldehou stiet, stie sa likernôch om alvehûndert hinne in tufstiennen - dowestiennen hiet dat doe - tsjerke, dy't yn 'e 13e iuw opfolge wurde soe troch it gruttere, út reade âlde friezen opboude tsjerke. Men kaam lykwols net fierder as it yngraven fan it fûnemint.

Earst doe't yn 1435 de doarpkes Aldehou (doarp), Nijehou & Hoek by mekoar rekken en sa de stêd Ljouwert ûntstie, kaam der al moai fluch ferlet fan in mânsker godshûs. Sa kaam der in trijebeukige, oan Sint Vitus wijde basilyk ta stân, dy't brûkt is oant 1580, doe't er by de reformaasje yn 't ûnnut steld waard. De muorren dêrfan hawwe it lykwols noch oant 1706 ta útholden.

Skiednis fan de toer

bewurkje seksje

Bou-opdracht

bewurkje seksje

De Ljouwerters woene lykwols mear: se woene krekt sa'n hege toer bij harren nije tsjerke, as de Martinitoer dy't de Grinzers yn 'e jierren 1469-1482 krigen hiene. Der waard sadwaande in aksje op tou set en út hiele Fryslân reinde it jild.

En sa waard it dan in feit, dat it stedsbestjoer fan Ljouwert en de tsjerkfâden fan Aldehou oan boumaster Jacob van Aaken, it bouen fan in nije toer en tsjerke te Aldehou gunden. De deihier fan dizze boumaster wie acht stuorren, frij wenjen en foar it seis jier duorjen fan de bou "een eerlijk nieuwe kleed" it jier.

 
De Sint-Vitustsjerke en de Aldehou om 1550

Bou fan de toer

bewurkje seksje

Boumaster Van Aaken hie sin oan 't kerwei en sette útein mei it fûndearjen. Boumaster Van Aaken wie fan heit op soan in hurde ûndergrûn wend en it bouwen op de Fryske klaai wie foar him sûnder mis in besykjen, in eksperimint. Hy liet in grutte djippe kûle grave, dêr't er oan 't op in djipte fan 1,15 meter bar om bar hurde kalk en taaie klaailagen yn smiet. Doe koe in begjin makke wurde mei it bouen fan 'e toer. Om elts risiko út 'e wei te gean krige de Aldehou in brede foet, fersterke fan acht frij fier útboude steunbearen. Eins soene op dizze útsteksels bylden van hilligen en ingels set wurde, mar dat is der nea fan kommen.

Al dizze maatregels hawwe lykwols neat úthelle, want de toer begûn al nei it noardwesten te fersakjen doe't er noch mar tsien meter heech wie. Neffens minsken dy't it witte kinne is de treptoer mei 127 sânstienen trêden, dy't tsjin de noardwestlike steunbear boud is, tegearre mei it gewicht de reden fan it fersakjen, wêrtroch de Aldehou sa'n 1 meter 68 út it lead stiet.

Jacob van Aaken hat it foltôgjen fan de bouwurken net belibje mocht, want trije jier nei it begjin fan it wurk is er ferstoarn.

 
De Aldehou troch Stellingwerf yn 1723

De nije boumaster waard Cornelis Frederiks. Hy hat der mar ien jier oan arbeidzje mocht, doe waard it bouwurk stillein en bleauwen de Ljouwerters sitten mei de net ôfboude toer mei it útsûnderlik skaaimerk dat dy toer út it lead stie. Dit lêste is net hielendal wier, want it fersakjen waard opheind, troch geregeldwei op 'e nij op 't sjitlead fierder te mitseljen, en sadwaande waard de toer net allinne skean, mar ek krom.

De bou waard stillein om't de Lege Lannen ûnder ynfloed fan de lear fan Maarten Luther kamen. De Aldehou wie de tsjerketoer fan de Roomsk Katolike Sint Vitustsjerke, dat men krige foar de bou gjin jild mear.

Restauraasjes

bewurkje seksje

De toer bleau in wouterke, want eltse iuw op 'e nij moasten der ûnderskate kearen kostbere restauraasjes útfierd wurde.

De lêste restauraasje oant no ta, begûn op 4 juny 1997, en op 23 jannewaris 1998 is de toer offisjeel yn gebrûk nommen as skaaimerk fan de stêd Ljouwert en as útsjochtoer.

De restauraasje hat gâns jild, muoite, ymprovisaasje en ymprovisaasjetalint ferge, mar it hat wol fertuten dien. It Ljouwerter ryksmonumint stiet der wer kant bij.

De klokken fan de Aldehou

bewurkje seksje

De Grutte Klok yn 'e Aldehou

bewurkje seksje

Getten te Ljouwert yn 1633 yn 'e klokkejitterij fan Hans Falck fan Neurenberch, húsmanjend yn 'e eardere tsjerke van Nijehou (gewicht 4500 kg)

De Lytse Klok yn 'e Aldehou

bewurkje seksje

Getten yn 1637 yn 'e selde jitterij. de eardere tsjerke fan Nijehou, dy't doe yn eigendom wie fan 'e opfolger fan Hans Falck: Jacob Noteman (gewicht 2000 kg)

Technyske feiten

bewurkje seksje

De Aldehou is likernôch 40 meter heech. Hy hat 183 treden mei in ôfstan fan 22 sintimeter; dat wurdt dan 183 x 22 sintimeter = 40,26 meter. De Aldehou hinget 1,68 meter yn noardwestlike rjochting út it lead. Dit is likernôch 2 graden. De draachmuorren, de noard- en súdmuorre, binne sa'n 2,36 meter tsjûk. De east- en de westmuorre, dy't fanwege ekstra stipe yn 1599 tichtmitsele binne, mjitte 60 sintimeter. De toer soe eins sa'n 120 meter heech wurde. It foarbyld wie de Us Leave Frouwetsjerke te Freiburg yn Breisgau yn it Swarte Wâld.

Keppelings om utens

bewurkje seksje