Douwe Tamminga
Douwe Annes Tamminga (Winsum, 22 novimber 1909 - Ljouwert, 5 april 2002) wie in Frysk dichter, proazaskriuwer en oersetter.
Douwe Tamminga | ||
![]() | ||
![]() | ||
Jan Tjittes Piebenga (l.), de Noardfries Carsten Boysen en Douwe Annes Tamminga yn Noard-Fryslân (1930) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Douwe Annes Tamminga | |
nasjonaliteit | ![]() | |
berne | 22 novimber 1909 | |
berteplak | Winsum | |
stoarn | 5 april 2002 (92 jier) | |
stjerplak | Ljouwert | |
etnisiteit | Frysk | |
wurk | ||
taal | ![]() | |
sjenre | Poëzy, Proaz | |
prizen | sjoch tekst |
BiografyBewurkje
Tusken 1946 en 1968 wurke hy mei oan it literêre tydskrift De Tsjerne. Tamminga wie lange tyd ferbûn oan de Fryske Akademy wêr't hy meiwurke oan it Frysk Wurdboek. Hy hat wurk fan Hans Christian Andersen, Edgar Allen Poe en Dylan Thomas nei it Frysk oersetten. Hy hat in soad dichtbondels skreaun, wêrfan't Yn memoriam, wijd oan syn ferstoarne soan, de bekendste is. Dizze bondel waard yn 1975 oersetten nei it Nederlânsk troch Theun de Vries. Mei Ype Poortinga hied er fan 1966 ôf it taalkundige tafersjoch oer de Nije Fryske Bibeloersetting, dy't yn 1978 útkaam.
PrizenBewurkje
- 1957 - Gysbert Jabikspriis foar Balladen
- 1986 - Piter Jellespriis foar De Boumaster fan de Aldehou
- 1990 - Dr. Obe Postma-priis foar syn oersetting yn it Nederlânsk fan de gedichten fan Gysbert Jabiks.
BibliografyBewurkje
Eigen wurkBewurkje
- 1939 - Brandaris
- 1942 - Balladen en lieten
- 1942 - It liet fen de Wylde Mier
- 1943 - It griene jier
- 1945 - Nije gedichten
- 1945 - Weitsrop
- 1948 - Styl en stavering
- 1950 - De Hogerhuis-saek
- 1954 - God wol it
- 1956 - Balladen
- 1956 - Hwa? Hwat? Hwerre?
- 1963-1973 - Op 'e taelhelling
- 1968 - Yn memoriam
- 1969 - Mei fleur en faesje
- 1971 - Forkearspsalm
- 1973 - Dagen fan heil
- 1973 - Tsien psalmen
- 1978 - Frjemdfolk op Barrahiem
- 1979 - Stapstiennen
- 1981 - Fan hearren en sizzen
- 1985 - De boumaster fan de Aldehou
- 1985 - Kantekers
OersettingsBewurkje
Tamminga-Piebenga-FûnsBewurkje
Nei it ferstjerren fan Douwe Tamminga die bliken dat hy by testamint bepaald hie dat der in Tamminga-Piebenga-Fûns stifte wurde moast, dêr't literêre inisjativen út bekostige wurde kinne soene. It behear fan it Tamminga-Piebenga-Fûns wurdt fierd troch de Stifting It Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum. Ien fan de doelen dêr't it fûns û.o. foar brûkt wurdt is it ûnderhâld fan de troch Rink van der Velde neilitten wenarke op De Feanhoop, dêr't skriuwers gebrûk fan meitsje kinne om in pear wike yn alle rêst oan literêr wurk te arbeidzjen.
Fierder lêzeBewurkje
- Geart de Vries - Trochpaden. Oantinkens fan D. A. Tamminga (1999)
Keppeling om utensBewurkje
- http://www.sirkwy.nl/titel/219&searchkey=Douwe%20Tamminga Ynformaasje oer Douwe Tamminga by Sirkwy]
- Digitale Bibliotheek voor de Nederlandse Letteren - biografy