Haadmenu iepenje
Skylge
Terschelling haven.jpg
De haven fan West-Skylge mei rjochts de Brandaris.
Flagge fan Skylge.png Terschelling wapen.svg
Terschelling locator map municipality NL 2018.png
Provinsje Fryslân
Haadplak West-Skylge
Oerflak 673,99 km²
  •  dêrfan lân 86,16 km²
  •  dêrfan wetter 587,83 km²
Ynwennertal 4.893 (31-12-2018)
Befolkingstichtens 56 ynw./km²
Sitferdieling gemeenteried
PvdA PBT CDA VVD
4 3 2 2
Boargemaster Bert Wassink (GrienLinks)
Oprjochte 1813
Oant 1942 part fan Noard-Hollân
Netnûmer(s) 0562
Postkoade(s) 0881-8897
Blue globe icon.svg www.terschelling.nl
Haven fan Skylge, 1888 (fan Heinrich Petersen-Angeln

Skylge (Nederlânsk en offisjeel:Terschelling), yn de lokale Fryske dialekten Schylge, is ien fan de fiif Westfryske eilannen. It is in gemeente mei 4.893 ynwenners (31 desimber 2018).[1] De gemeente beslacht 674 km² (wêrfan 587,83 km² wetter), mei in kustline fan 89 km. Ta de gemeente Skylge heart net allinnich it eilân Skylge, mar ek It Gryn. Op Skylge stiet de Brandaris, de âldste fjoertoer fan Nederlân.

PlakkenBewurkje

Op Skylge lizze 15 offisjele plakken. It haadplak fan it eilân is West-Skylge.

Offisjele plakkenBewurkje

 
Midslân oan See

De 15 offisjele plakken op it eilân binne:

BuorskippenBewurkje

Ferdwûne delsettingsBewurkje

SkiednisBewurkje

Skylge is ûntstien as sânwâl op de râne fan de Noardsee. Oant 1287 hie dy noch ferbining mei de Fryske wal, mar sûnt dy tiid is it in Frysk eilân. De slingen dy't it eilân nei west en nei east beheinden binne yn de rin fan de tiid fersâne, dat Skylge is yn beide rjochtingen grutter wurden.

Skylge hat in strategysk plak by de Flystream, dat it is yn de measte oarloggen yn Nederlân wol oanfallen wurden, somtiden fan beide kanten. It hearde dan ek de iene kear by Hollân, en de oare kear wer by Fryslân. Yn 1814 waard Skylge as in gemeente (sûnt 1813) opnommen yn 'e Provinsje Hollân (nei 1840 fan 'e Noard-Hollân).

Under de Twadde Wrâldoarloch waard it yn 1942 troch de Dútsers by Fryslân yndield, en dat is nei de oarloch sa bleaun. Yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw wenne der ek in lytse Joadske mienskip op Skylge, dy't him dêrhinne ferspraat hie fanút Harns. Tsjin 1900 hiene de measten Joaden it eilân wer ferlitten. De famylje Pais, de lêst oerbleaune Joadske húshâlding op Skylge, waard ûnder de Twadde Wrâldoarloch yn 'e Holokaust fermoarde.

TaalBewurkje

Skylge hat twa Fryske dialekten, it Westersk (Schyllingers), sprutsen oan de westkant fan it eilân, en it Aastersk (Aasters), dat sprutsen wurdt yn de eastlike doarpen. Beide dialekten wike frijwat ôf fan de fêstewaldialekten, mar binne foar oare Westerlauwerske Friezen goed nei te kommen. Tusken dizze twa dialektgebieten leit in gebiet, Midslân en omkriten, dêr't Midslânsk (Meslânzers) sprutsen wurdt, in dialekt dat fergelykber is mei it Stedsk.

 
West-Skylge

Sjoch ekBewurkje

Keppeling om utensBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Bosma, Willem, Marginale groei naar hoogste inwonertal ooit, yn: de Ljouwerter Krante, 31 desimber 2018, s. 26.

 
             Provinsje Fryslân
 
hjoeddeistige gemeenten
Achtkarspelen • Dantumadiel • De Fryske Marren • De Waadhoeke • Eaststellingwerf • Flylân • Harns • It Amelân • It Hearrenfean • Ljouwert • Noardeast-Fryslân • Opsterlân • Skiermûntseach • Skylge • Smellingerlân • Súdwest-Fryslân • Tytsjerksteradiel • Weststellingwerf
eardere gemeenten
Aenjewier (1851–1934) • Baarderadiel (1851–1984) • Barradiel (1851–1984) • It Bilt (1851–2018) • Boalsert (1455–2011) • Boarnsterhim (1984–2014) • Doanjewerstâl (1851–1984) • Dokkum (1298–1984) • Dongeradiel (1984–2019) • Drylts (1268–1984) • East-Dongeradiel (1851–1984) • Ferwerderadiel (1851–2019) • Frjentsjer (1374–1984) • (âld) Frjentsjerteradiel (1851–1984) • (nij) Frjentsjerteradiel (1984–2018) • Gaasterlân (1851–1984) • Gaasterlân-Sleat (1984–2014) • Haskerlân (1851–1984) • Hylpen (1372–1984) • Himmelumer Aldefurd (1851–1984) • Hinnaarderadiel (1851–1984) • Idaerderadiel (1851–1984) • Kollumerlân (1851–2019) • Lemsterlân (1851–2014) • Littenseradiel (1984–2018) • Ljouwerteradiel (1851–2018) • Menameradiel (1851–2018) • Nijefurd (1984–2011) • Raerderhim (1851–1984) • Skarsterlân (1984–2014) • Skoatterlân (1851–1934) • Sleat (1426–1984) • Snits (1292–2011) • Starum (1061–1984) • Utingeradiel (1851–1984) • Warkum (1399–1984) • West-Dongeradiel (1851–1984) • (âld) Wymbritseradiel (1851–1984) • (nij) Wymbritseradiel (1984–2011) • Wûnseradiel (1851–1984)
 
Fryske eilannen

Westfryske eilannen:
Noarderheaks - Teksel - Flylân - de Richel - it Gryn - Skylge - It Amelân - de Kalkman - Rif - Skiermûntseach - Simenssân - Rottumerplaat - Rottumereach - Suderdúntsjes
Eastfryske eilannen:
Boarkum - Kachelotplate - Lütje Hörn - Memmert - Júst - Norderney - Baltrum - Langereach - Spikereach - Wangereach - Minsener Each - Mellum
Noardfryske eilannen:
Helgolân - Jongnammensân - Knyp - Japsân - Sudereachsân - Noardereachsân - Noardstrân - de Halligen - Pälweerm - Oomram - Feer - Uthörn - Söl - Koardesân - Jordsân - Romeach - Mandeach - Faaneach - Langli
Ferdwûn: Bant - Bosk - Buise