Dongeradiel (Nederlânsk en offisjeel: Dongeradeel) wie in gemeente yn it noardeasten fan Fryslân, mei 24.097 ynwenners (30 april 2017); en mei in gebiet fan 266,92 km². Dêrfan wie 99,71 km² wetter. Dongeradiel ûntstie by de grutte gemeentlike weryndieling fan 1984, doe't it foarme waard út 'e eardere gemeenten Dokkum, East-Dongeradiel en West-Dongeradiel. It hold op te bestean op 1 jannewaris 2019, doe't it opgie yn 'e nije fúzjegemeente Noardeast-Fryslân.

Dongeradiel

Utsjoch op Nes.
flagge wapen

Wapen fan Dongeradiel
lokaasje
polityk
lân Nederlân
provinsje Fryslân
boargemaster Magda Berndsen (D66)
sifers en geografy
haadplak Dokkum
grutste plak Dokkum
ynwennertal 24.097 (2017)
befolkingstichtens 162,1 / km²
oerflak 266,92 km²
● wêrfan lân 167,21 km²
● wêrfan wetter 99,71 km²
tal stêden 1
tal doarpen 28
ferkearsieren N356, N358, N361
skiednis
oprjochte 1984
oant 1851 Gemeente Dokkum
Gritenij East-Dongeradiel
Gritenij West-Dongeradiel
1851 – 1984 Gemeente Dokkum
Gem. East-Dongeradiel
Gem. West-Dongeradiel
opheft 2019
opgien yn Noardeast-Fryslân
oar
netnûmer 0519
postkoade 9101–9156
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
webside www.dongeradeel.nl

It gebiet fan Dongeradiel wie al bewenne om it begjin fan de jiertelling hinne. Dongeradiel wie part fan Eastergoa, en nei't dat om 1250 hinne split waard wie it in part fan de Noardlike njoggen. Wylst Dongeradiel selsstanniger waard, waard Dokkum in sêlsstannige stêd, en kaam der in ûnderskied tusken it Dongeradiel by de eastside fan de Peazens, en it Dongeradiel by de westside fan de Peazens. Tsjin 1500 wienen dy twa siden ta de aparte gritenijen East-Dongeradiel en West-Dongeradiel wurden.

Yn 1984 waard by de gemeentlike weryndieling út de gemeenten East-Dongeradiel, West-Dongeradiel en Dokkum de nije gemeente Dongeradiel foarme. Op 1 jannewaris 2019 waard Dongeradiel opheft, wêrnei't it yn 'e mande mei Ferwerderadiel en Kollumerlân en Nijkrúslân opgie yn 'e nije gemeente Noardeast-Fryslân.

It haadplak wie Dokkum en de oare plakken yn de gemeente wienen: Boarnwert, Brantgum, Ealsum, Eanjum, Easternijtsjerk, Eastrum, Foudgum, Hantum, Hantumerútbuorren, Hantumhuzen, Holwert, Ie, Iesumasyl, Ingwierrum, Jouswier, De Lytse Jouwer, Ljussens, Mitselwier, Moarre, Moddergat, Nes, Nijewier, Peazens, Raard, De Skâns, Ternaard, Waaksens, Wetsens en Wierum.

De buorskippen yn de gemeente wienen: Betterwurd, Boarnwerthuzen, Fjildbuorren, Tiltsjebuorren, Sibrandahûs, Swarte Mosk, Teard, Bollingwier, Tilbuorren, Hantumerhoeke, Kletterbuorren, Trijeboerehuzen, Brânbuorren, Dykshoarne, Grut Midhuzen, Lyts Midhuzen, Ald Terp, It Stienfek, De Tibben, Stiem, Dokkumer Nije Silen, Mûnebuorren, Nijlân, Lytse Leard, De Reidswâl, Wie, Lytse Wier, Jewier, 't Skoar, Teyebuorren, Fiskbuorren en Fiifhuzen.

Tal ynwenners it plak op 1 jannewaris 2021:

Plaknamme Ynwennertal
Dokkum 12.745
Holwert 1595
Ternaard 1295
Eanjum 1155
Easternijtsjerk 940
Mitselwier 900
Ie 850
Ingwierrum 585
Hantum 400
Nijewier 330
Nes 320
Wierum 315
Ljussens 305
Brantgum 245
Moarre 240
Peazens 230
Raard 215
Moddergat 205
Ealsum 130
Eastrum 125
Boarnwert 120
Hantumhuzen 105
Foudgum 75
De Lytse Jouwer 70
Hantumerútbuorren 70
Wetsens 55
Jouswier 45
Waaksens 40

Boarne: CBS

Paezens en Moddergat foarmje in twillingdoarp en wurde faak op ien sike neamd, krekt sa't dat, sij it yn mindere mjitte, ek it gefal is mei Moarre-Ljussens.

Iepenbier Ferfier

bewurkje seksje

Tichtby Holwert is in feartsjinst dêr't de fearboaten foar it eilân it Amelân ferlitte (fersoarge troch Wagenborg). It iepenbier ferfier waard dien troch it iepenbier ferfierbedriuw Arriva. Twa buslinen rûnen fan Ljouwert nei de fearboat: linen 66 en 166. Dokkum wie ferbûn mei Ljouwert troch ferskate buslinen. De wichtichste wiene ekspresjetsjinst 355, Ljouwert-Dokkum en line 51, Ljouwert-Damwâld-Dokkum.

Oare buslinen yn 'e gemeente wiene:

line 52: Fan Dokkum nei Wetsens, Nijewier, Easternijtsjerk, Moarra, Ljussens, Eanjum, de Skâns, Paezens, Moddergat, Wierum en dan fia Easternijtsjerk en Nijewier werom nei Dokkum

line (1)54: Ljouwert-Stiens-Holwert-Ternaard-Hantum-Dokkum

line 55: Dokkum-Damwâld-Feanwâlden-Burgum-Suwâld-Drachten

line 60: Ljouwert-Stiens-Holwert-Brantgum-Foudgum-Dokkum

line 63: Dokkum-Wetsens-Mitselwier-Ie-Ingwierum-Kollum-Bûtenpost

line 55: Drachten-Burgum-Feanwâlden-Damwâld-Dokkum

Linie 155: Ljouwert-Feanwâlden-Dokkum-Eanjum-Lauwerseach (foar feartsjinst nei it eilân Skiermûntseach (Wagenborg))

Keppelings om utens

bewurkje seksje
             Provinsje Fryslân
 
hjoeddeistige gemeenten

eardere gemeenten

Aenjewier (1851–1934)
Baarderadiel (1851–1984)
Barradiel (1851–1984)
It Bilt (1851–2018)
Boalsert (1455–2011)
Boarnsterhim (1984–2014)
Doanjewerstâl (1851–1984)
Dokkum (1298–1984)
Dongeradiel (1984–2019)
Drylts (1268–1984)

East-Dongeradiel (1851–1984)
Ferwerderadiel (1851–2019)
Frjentsjer (1374–1984)
(âld) Frjentsjerteradiel (1851–1984)
(nij) Frjentsjerteradiel (1984–2018)
Gaasterlân (1851–1984)
Gaasterlân-Sleat (1984–2014)
Haskerlân (1851–1984)
Hylpen (1372–1984)
Himmelumer Aldefurd (1851–1984)

Hinnaarderadiel (1851–1984)
Idaerderadiel (1851–1984)
Kollumerlân (1851–2019)
Lemsterlân (1851–2014)
Littenseradiel (1984–2018)
Ljouwerteradiel (1851–2018)
Menameradiel (1851–2018)
Nijefurd (1984–2011)
Raerderhim (1851–1984)
Skarsterlân (1984–2014)

Skoatterlân (1851–1934)
Sleat (1426–1984)
Snits (1292–2011)
Starum (1061–1984)
Utingeradiel (1851–1984)
Warkum (1399–1984)
West-Dongeradiel (1851–1984)
(âld) Wymbritseradiel (1851–1984)
(nij) Wymbritseradiel (1984–2011)
Wûnseradiel (1851–1984)


  ·   ·