Lytse Leard is in delsetting besuden Hantum yn de gemeente Noardeast-Fryslân.

Lytse Leard leit súdlik fan Hantum en noardwestlik fan De Lytse Jouwer, dêr't it ek ûnder falt. De bebouwing fan de buorskip leit oan de Lytse Leasterdyk en bestiet út in kluster fan in pear huzen en boerepleatsen.

Lytse Leard leit westlik fan de Hantumer Feart.

Skiednis Bewurkje

Lytse Leard waard nei alle gedachten foar it earst yn de njoggende iuw neamd (fia in kopy út de tolfde iuw), doe't it neamd waard as Lanfurt. Dy namme waard opskreaun troch in muonts fan it Dútske kleaster Fulda, doe't it kleaster it gebiet bemachtige. Der wurdt ek wol tocht dat it ferwiisde nei it plak Laerd, dat letter de twillingsbuorskip Laad en Saad by Boalsert waard.

Yn elts gefal waard it plak yn it Frysk yn 1511 neamd as Littzie laert. Yn it Nederlânsk waard it yn 1543 wer oantsjut as Luke Laertz, yn 1664 as Lutke Leer en yn de achttjinde en njoggentjinde iuw as Lutle Laard.

De hjoeddeistige plaknamme ferwiist der mooglik nei dat it om in lyts (lutke) stik lân gie, mar it soe ek op in lytse terp (furthwerth) ferwize kinne. Mar wat it earste part fan de namme (lan) yn de namme fan de ierste ferwizing betsjut, is net dúdlik, wêrtroch't de plaknamme feitlik gjin echte dúdlike betsjutting hat, útsein dat er lyts is.

Noardlik fan it plak soe noch in oare terp lein hawwe, dy't net bewenne waard. Lytse Leard lei oant de gemeentlike weryndieling fan 1984 by de eardere gemeente Westdongeradiel. Fan 1984 oant 2019 lei er yn de gemeente Dongeradiel, wêrnei't dy opgie yn de nije gemeente Noardeast-Fryslân.

Sjoch ek Bewurkje

Boarnen, noaten en referinsjes Bewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
 
Plakken yn de gemeente Noardeast-Fryslân
 
Stêd: Dokkum

Doarpen en útbuorrens: AldwâldBurdaardBlijeBoarnwertBoerumBrantgumEalsumEanjumEasternijtsjerkEastrumFeankleasterFerwertFoudgumGinnumHallumHantumHantumerútbuorrenHantumhuzenHegebeintumHolwertIeIngwierrumJannumJislumJouswierKollumKollumersweachLichtaardLytsewâldDe Lytse JouwerLjussensMarrumMitselwierMoarreModdergatMuntsjesylNesNijewierPeazensDe PompRaardReitsumDe SkânsSweagerboskTernaardDe TriemeWaaksensWânswertWarfstermûneWestergeastWetsensWierum

Buorskippen: Ald TerpAldwâldmersylBartlehiem (foar in part) • BeintemahûsBetterwurdBoarnwerterhoekeBoarnwerthuzenBoatebuorrenBollingwierBrânbuorrenBûnte HûnDe DellenDykshoarneDokkumer Nije SilenEasterbeintumFarebuorrenFiifhuzen (Hallum)Fiifhuzen (Ternaard)FiskbuorrenFjildbuorrenGrut MidhuzenHallumerhoekeHanenburchHantumerhoekeHealweiHústernoardIesumasylJewierKeatlingwierDe KegenKletterbuorrenKollumer AldsylDe KolkKrabbuorrenLeechlânDe LeechteLyts MidhuzenLytse LeardLytse WierMeddertMûnebuorrenNijlânIt ParadyskeDe ReidswâlDe RypSânbultenSânhuzenSibrandahûsDe SkânsSkernehuzen't SkoarStienharstIt StienfekStiemTeardTeyebuorrenTergrêft (foar in part) • Ter LuneDe TibbenTilbuorrenTiltsjebuorrenTrijeboerehuzenWeardebuorrenWesterbuorrenWesternijtsjerkWieDe WygeastDe Wurden