Easternijtsjerk (pleatslik ek: Nijtsjerk of Oasternijtsjerk) is in doarp yn de gemeente Noardeast-Fryslân. Easternijtsjerk leit noardlik fan Nijewier, eastlik fan Hantumhuzen, westlik fan Ljussens en besúden Nes. Easternijtsjerk hat 930 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners. De doarpskearn leit om de Mûnewei, De Buorren, Langgrousterwei, Griene Wei en Ald Tún.

Easternijtsjerk
Emblemen
               
Bestjoer
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Noardeast-Fryslân
Sifers
Ynwennertal 930 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 6,68 km², wêrfan:
- lân: 6,65 km²
- wetter: 0,03 km²
Befolkingsticht. 139 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 22' N 6° 03' E
Offisjele webside
oosternijkerk.com
Kaart
Easternijtsjerk (Fryslân)
Easternijtsjerk

De buorskippen Berchhuzen, Bollingwier en Langgrou hearre ek by Easternijtsjerk.

De ûntsteansskiednis

bewurkje seksje

Easternijtsjerk hat gjin terp. It is fanâlds in lintdoarp. Dat soe der op wize kinne dat it doarp earst yn de 11e iuw ûntstien is. Doe wiene der diken lein om fan de oerstreamings ôf te wêzen. By dat bedykjen wiene foaral de kleasters belutsen. Sa is it ek te ferklearjen dat hast alle grûn yn Easternijtsjerk kleastergrûn wie. Alle wichtige kleasters hienen yn Easternijtsjerk besit. Der wie mar ien pleats dy't net fan in kleaster wie.

It measte besit wie yn hannen fan de norbertinen. De kleasters bebuorken har grûn, as it mar heal koe, sels. It sprekt dan ek fansels dat der in úthôf wie en dat de tsjerke ek betsjinne waard troch de norbertinen.

Der is net sa folle bekend oer it ûntstean fan Easternijtsjerk. De earste boarne dêr't it doarp yn neamd wurdt, is út 1224 Nova Ecclesia. Yn 1500 waard it fernijd as nija tzercka, yn 1660 as Nieukerk, yn 1664 as Nijkerck en yn 1786 as Nieuwkerk of Ooster Nykerk. Yn de 20e iuw wie de offisjele namme in skoft Nijkerk, mar letter waard it dochs wer Oosternijkerk.

Sûnt 2019 leit Easternijtsjerk yn de gemeente Noardeast-Fryslân, dêrfoar lei it yn de gemeente Dongeradiel en foar 1984 lei it doarp yn sawol de gritenij as de gemeente East-Dongeradiel.

De Sesiliatsjerke

bewurkje seksje
 
Sint-Sesiliatsjerke
  De Wikipedy hat ek in side Sesiliatsjerke (Easternijtsjerk).

De toer is út de 13e iuw. It is in swiere bakstiennen toer mei in sealdak. Under it sealdak binne der nissen oanbrocht. Fan de tsjerke sels is it koar it âldste; it soe ek 13e-iuwsk en in oerbliuwsel wêze kinne fan in eardere kleasterkapel. Yn de 16e iuw is it letgoatyske skip yn twa fasen boud. Yn de tsjerke is aardich rokokomeubilêr te finen.

It oargel is yn 1814 boud troch J.A. Hillebrand, in oargelbouwer dy't út Dútslân kaam. Hy hat ek oargels foar de tsjerken fan Drachten, Feanhuzen, Marrum, Nijewier, Raerd en Sutfen boud.[3]

De klok is opnij getten yn 1909 fan de âlde út 1668 dy't makke wie troch Jurjen Balthasar út Ljouwert.

De grifformearde tsjerke

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side De Bining (Easternijtsjerk).

Oan de Langgrousterwei stiet de eardere grifformearde tsjerke út 1890. Ek Easternijtsjerk is doedestiids net ûntkommen oan it spjalt dat yn dy tiid troch de tsjerke gien is, de Doleânsje. Yn 2006 kamen de herfoarme gemeente en grifformearde tsjerke wer by inoar troch de fúzje en foarming fan de protestanske gemeente fan Easternijtsjerk. Simmer 2020 waard de tsjerke troch dy gemeente ôfstjitten út reden fan ferminderjende tsjerkegong.

 
Donia Sathe

It doarpshûs fan Easternijtsjerk hjit 'De Terp'. Yn 2022 is útein set mei de bou fan in nij doarpshûs.[4] Der is in feriening foar Doarpsbelang mei in aktiviteitenkommisje. De 'Doarpsskille' is it nijsbledsje fan Easternijtsjerk.

  • Protestantske gemeente >asternijtsjerk (webstee)
 
De Wrâldwizer

Yn it doarp waard yn 2022 de nije kristlike basisskoalle 'De Wrâldwizer' iepene. Ek bern út Nes, Nijewier en Wetsens geane nei dy skoalle. Njonken in skoalle is der ek romte foar berneopfang, de GGD, in bibleteek en muzyksintrum Opus 3.[5]

 
Eardere grifformearde tsjerke

Der binne in soad buertferienings: Ald Tún, Bollingwier, Buorfinne, Buorren I en II, Doktersfiif, Foeke Sjoerdsstrjitte, Grienewei, Langgrousterwei, de Terp, Lou Sânen, de Lyts Ein, Mûnewei, Nijbuorren en Ropsterwei.

  • Iisferiening
  • 't Terpke - darten
  • MK Waadrinners
  • de Bûnte Flinters - toaniel
 
Kategisaasjelokaal It Koetshûs

Befolkingsferrin

bewurkje seksje
Jier 1954 1959 1964 1969 1973 2004 2013 2014 2015
Ynwenners 1104 1022 922 896 825 910 948 953 940
Jier 2016 2017 2018 2019 2020 2021 2022
Ynwenners 935 940 930 955 945 940 930
 
Earder kafee op 'e Boatehoeke

De doarpskearn fan it doarp leit benammen oan de De Buorren, Griene Wei, Ald Tún en de Mûnewei. In nijbouwyk yn Easternijtsjerk út de jierren 1960 en 1970 krige de namme Doktersfiif. Dat wie de greide foar it hynder fan ûnder oare dokter Ferhman, dy't dêr flak foar oer wenne. De lêste nijbou hat súdlik fan it doarp mei plan 'Lou Sânen' plakfûn.

 
De Buorren
  • 't Oogh
  • Ald Each
  • Ald Tún
  • Bartenswei
  • Berchhuzen
  • Bollingwier - buorskip Bollingwier
  • De Buorfinne
  • De Buorren
  • De Fiver
  • De Lyts Ein
  • De Terp
  • Doktersfiif
  • Foeke Sjoerdsstrjitte - skoalmaster en doarpsrjochter Foeke Sjoerds
  • Grienewei
  • Grytsjewei
  • Langgrousterwei - nei it buorskip Langgrou
  • Lou Sânen
  • Mûnewei
  • Nijbuorren
  • Ropsterwei - de dyk nei Ropta
  • Sjoarda
  • Jan Swart "In doarp yn 'e Noardeasthoeke : Easternijtsjerk tusken 1740 en 1940" (Ljouwert : Fryske Akademy. ISBN 90-6171-818-X, 1995).
  • Op it doarpswapen, dat ôflaat is fan it wapen fan Nes steane in wynhûn en roazen. Se komme fan de famylje Sjoorda. De oargelpiip is ûntliend oan in eardere tsjerkepatroan, de hillige Sesilia dy't in oargel as attribút hat en patroanhillige is fan de tsjerkemuzyk.
  • Oan de súdeastrâne fan it doarp stiet in Amerikaanske wynmotor.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  Noardeast-Fryslân  
Stêd:
Dokkum
Doarpen en útbuorrens:
AldwâldBurdaardBlijeBoarnwertBoerumBrantgumEalsumEanjumEasternijtsjerkEastrumFeankleasterFerwertFoudgumGinnumHallumHantumHantumerútbuorrenHantumhuzenHegebeintumHolwertIeIngwierrumJannumJislumJouswierKollumKollumersweachLichtaardLytsewâldDe Lytse JouwerLjussensMarrumMitselwierMoarreModdergatMuntsjesylNesNijewierPeazensDe PompRaardReitsumDe SkânsSweagerboskTernaardDe TriemeWaaksensWânswertWarfstermûneWestergeastWetsensWierum
Buorskippen:
Ald TerpAldwâldmersylBartlehiem (foar in part) • BeintemahûsBetterwurdBoarnwerterhoekeBoarnwerthuzenBoatebuorrenBollingwierBrânbuorrenBûnte HûnDe DellenDykshoarneDokkumer Nije SilenEasterbeintumFarebuorrenFiifhuzen (Hallum)Fiifhuzen (Ternaard)FiskbuorrenFjildbuorrenGrut MidhuzenHallumerhoekeHanenburchHantumerhoekeHealweiHústernoardIesumasylJewierKeatlingwierDe KegenKletterbuorrenKollumer AldsylDe KolkKrabbuorrenLeechlânDe LeechteLyts MidhuzenLytse LeardLytse WierMeddertMûnebuorrenNijlânIt ParadyskeDe ReidswâlDe RypSânbultenSânhuzenSibrandahûsDe SkânsSkernehuzen't SkoarStienharstIt StienfekStiemTeardTeyebuorrenTergrêft (foar in part) • Ter LuneDe TibbenTilbuorrenTiltsjebuorrenTrijeboerehuzenWeardebuorrenWesterbuorrenWesternijtsjerkWieDe WygeastDe Wurden
  ·   ·