Stienharst
Stienharst is in delsetting súdeast fan Lytsewâld yn de gemeente Noardeast-Fryslân. De buorskip falt ûnder Lytsewâld, dat streekrjocht oer in âlde lykwei, anno 2019 in fytspaad, te berikken is. De buorskip bestiet út twa pleatsen en in bedriuwspân.
Skiednis
bewurkje seksjeFan ein 15e oant 1605 stie der in stins op likernôch it plak fan de buorskip fan no. Yn 1479 waard dy stins foar it earst neamd en yn 1492 waard er 'Ter Harst' neamd. Fan dy stins is neat werom te finen. Yn 1511 waard it plak fernijd as Steenherst en yn 1543 as Steenharst en 'op die Harsten'.
Van der Aa neamde it plakje yn 1847 neist Steenharst ek Streenharst, dat doe út twa pleatsen bestie. Wierskynlik wie dêr nea mear bebouwing.
De namme komt ek foar as Steenherst en 'ter' Harst. De namme komt mooglik fan 'swerfstien op in heger lizzend gebiet'.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|