Beintemahûs (buorskip)

buorskip

Beintemahûs is in buorskip yn de gemeente Noardeast-Fryslân, yn de himrik fan Westergeast. Beintemahûs is neamd nei in boerepleats en leit súdwestlik fan Ie, besuden it Dokkumer Grutdjip.

Sicht op Beintmahûs út it easten wei

Famylje Beintema

bewurkje seksje

Al yn 1543 komt de namme Beintemahûs ('Banthiema-huys') foar yn âlde geskriften. Yn 1671 ferkeapet de lêste Beintema (Eecke Douwes) de pleats.

Syn broer Oene Douwes wie abbekaat yn Dokkum. Hy wenne tichtby Beintemahûs op de tsjintwurdige Hege Pleats dêr flakby. Oer Oene is noch bekend dat syn soan liifarts fan de keizer yn Wenen wie. De dochters fan Eecke, dy’t yn Delft wennen, ferkochten de buorkerij yn 1671. Sa gie de bân dy’t de famylje hie mei Westergeast ferlern.

Yn 1750 keapet Douwe Kornelis de pleats; hy hie de pleats earst pachten. De Eelke Meindertswei is neamd nei syn dochter dy’t mei Eelke Meinerts troude. Yn 1786 waard de pleats ferkocht oan in Johannes Meinderts. Meinderts wurdt skreaun mei in ‘d’ deryn , sadat de wei ek as Meindertswei skreaun wurdt. Omdat Napoleon de efternammen ynfierde, keas Jehannes Meinderts de efternamme Beintema. Yn 1804 krige Jehannes Meinderts de hearebank yn’e tsjerke. De hearebank bleau, ek doe't de lêste Beintema al wei wie, ornearre foar de bewenners fan de buorkerij.

  Noardeast-Fryslân  
Stêd:
Dokkum
Doarpen en útbuorrens:
AldwâldBurdaardBlijeBoarnwertBoerumBrantgumEalsumEanjumEasternijtsjerkEastrumFeankleasterFerwertFoudgumGinnumHallumHantumHantumerútbuorrenHantumhuzenHegebeintumHolwertIeIngwierrumJannumJislumJouswierKollumKollumersweachLichtaardLytsewâldDe Lytse JouwerLjussensMarrumMitselwierMoarreModdergatMuntsjesylNesNijewierPeazensDe PompRaardReitsumDe SkânsSweagerboskTernaardDe TriemeWaaksensWânswertWarfstermûneWestergeastWetsensWierum
Buorskippen:
Ald TerpAldwâldmersylBartlehiem (foar in part) • BeintemahûsBetterwurdBoarnwerterhoekeBoarnwerthuzenBoatebuorrenBollingwierBrânbuorrenBûnte HûnDe DellenDykshoarneDokkumer Nije SilenEasterbeintumFarebuorrenFiifhuzen (Hallum)Fiifhuzen (Ternaard)FiskbuorrenFjildbuorrenGrut MidhuzenHallumerhoekeHanenburchHantumerhoekeHealweiHústernoardIesumasylJewierKeatlingwierDe KegenKletterbuorrenKollumer AldsylDe KolkKrabbuorrenLeechlânDe LeechteLyts MidhuzenLytse LeardLytse WierMeddertMûnebuorrenNijlânIt ParadyskeDe ReidswâlDe RypSânbultenSânhuzenSibrandahûsDe SkânsSkernehuzen't SkoarStienharstIt StienfekStiemTeardTeyebuorrenTergrêft (foar in part) • Ter LuneDe TibbenTilbuorrenTiltsjebuorrenTrijeboerehuzenWeardebuorrenWesterbuorrenWesternijtsjerkWieDe WygeastDe Wurden
  ·   ·