Dizze side giet oer himrik yn 'e algemiene sin fan doarpsgebiet. Foar it doarp yn Opsterlân, sjoch: De Himrik.

De himrik (Grinslânsk en Eastfrysk Plat: hammerk) is it gebiet fan in doarp.

De himriken fan de doarpen yn in gritenij en letter gemeente foarmje meiïnoar de gemeente.

Yn de tiid dat it Skeltarjocht gou, fan likernôch de 11e iuw ôf, wie de himrik yn it bysûnder dat part fan it gebiet dat neffens it Skelterjocht opdield waard.

Yn guon gefallen is "Himrik" ta de namme fan in gebiet wurden, lykas De Himrik yn Opsterlân, en de Huzumer Himrik yn de gemeente Ljouwert.