Gritenij
In gritenij wie fan oarsprong it grytmanskip. Yn de Saksentiid is it ek de namme wurden foar it gebiet fan de grytman, wat oant dy tiid in diel hjitten hie. Mei't dat yn 1517 de Stellingwerven split waarden, wienen der yn Fryslân iuwenlang tritich gritenijen.
Lieder fan de gritenij, en fertsjinwurdiger fan it heger gesach, wie de grytman.
De taken fan de gritenijen feroaren mei de tiid. Oant de 16e iuw wienen de gritenijen ek ferantwurdlik foar it ûnderhâld fan de diken. Oant de Frânske tiid hie de gritenij ek de rjochterlike macht. By de Gemeentewet fan 1851 waarden gritenijen en stêden ferfongen troch gemeenten.
Fan de siswize Op syn alve'ntritichst (stadich) wurdt gauris oannaam dat dy ferwiist nei de alve stêden en tritich gritenijen dy't yn de steaten fan Fryslân mar stadich ta beslútfoarming komme koene. Mar dy siswize waard yn de 16e iuw al brûkt yn Hollân, allinnich mear mei de betsjutting fan sekuer. It hat dêrom de wierskyn dat de ferwizing nei Fryslân net de krekte útlis is.
List fan gritenijen
bewurkje seksjeDe tritich gritenijen wienen:
Nei de Frânske tiid waard ek It Amelân in gritenij fan Fryslân