Aenjewier (Nederlânsk en offisjeel: Aengwirden of Engwirden), ek wol Eingewier of de lytse gritenij neamd, is in eardere gemeente yn it súdeasten fan Fryslân. Dizze gemeente besloech in oerflak fan 40,64 km², en hie op 31 desimber 1930 4.723 ynwenners.[1]

Aenjewier

De Aenjewierder Tsjerke yn Tsjalbert.
flagge wapen
lokaasje
polityk
lân Nederlân
provinsje Fryslân
sifers en geografy
haadplak Tsjalbert
grutste plak Tsjalbert
ynwennertal 4.723 (1930)
befolkingstichtens 116,2 / km²
oerflak 40,64 km²
tal doarpen 4 (5)
skiednis
oprjochte 1851
oant 1851 Gritenij Aenjewier
opheft 1934
opgien yn It Hearrenfean
no part fan It Hearrenfean
oar
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
Aenjewier, grinzen yntekene op in kaart út 2013

Skiednis bewurkje seksje

De gritenij Aenjewier waard yn 1851 in gemeente nei de ynfiering yn Nederlân fan de gemeentewet fan Thorbecke. By de gemeentlike weryndieling fan 1934 is Aenjewier in part wurden fan de nije gemeente it Hearrenfean. Reden hjirta wie dat it Hearrenfean op de grins fan Aenjewier en Skoatterlân lei.

Plakken bewurkje seksje

It haadplak wie Tsjalbert,[2] en de oare doarpen yn de gemeente wienen: Gersleat, Lúnbert, Terbant en in lyts diel fan It Hearrenfean. Fierders hearden ek de buorskippen Aldeweisterfeart, Terbantster Skâns en Uterbuorren ta Aenjewier.

Sjoch ek bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Bevolking der Gemeenten van Nederland op 31 December 1930, Volgens de Definitieve Uitkomsten der Elfde Algemeene Volkstelling, De Haach, 1931.
  2. Wijbrants, Douwe, Streekvlag nieuw begin voor Aengwirden, yn: de Ljouwerter Krante, 9 april 1998, s. 23.

 
             Provinsje Fryslân
 
hjoeddeistige gemeenten
Achtkarspelen • It Amelân • Dantumadiel • Eaststellingwerf • Flylân • De Fryske Marren • Harns • It Hearrenfean • Ljouwert • Noardeast-Fryslân • Opsterlân • Skiermûntseach • Skylge • Smellingerlân • Súdwest-Fryslân • Tytsjerksteradiel • De Waadhoeke • Weststellingwerf
eardere gemeenten
Aenjewier (1851–1934) • Baarderadiel (1851–1984) • Barradiel (1851–1984) • It Bilt (1851–2018) • Boalsert (1455–2011) • Boarnsterhim (1984–2014) • Doanjewerstâl (1851–1984) • Dokkum (1298–1984) • Dongeradiel (1984–2019) • Drylts (1268–1984) • East-Dongeradiel (1851–1984) • Ferwerderadiel (1851–2019) • Frjentsjer (1374–1984) • (âld) Frjentsjerteradiel (1851–1984) • (nij) Frjentsjerteradiel (1984–2018) • Gaasterlân (1851–1984) • Gaasterlân-Sleat (1984–2014) • Haskerlân (1851–1984) • Hylpen (1372–1984) • Himmelumer Aldefurd (1851–1984) • Hinnaarderadiel (1851–1984) • Idaerderadiel (1851–1984) • Kollumerlân (1851–2019) • Lemsterlân (1851–2014) • Littenseradiel (1984–2018) • Ljouwerteradiel (1851–2018) • Menameradiel (1851–2018) • Nijefurd (1984–2011) • Raerderhim (1851–1984) • Skarsterlân (1984–2014) • Skoatterlân (1851–1934) • Sleat (1426–1984) • Snits (1292–2011) • Starum (1061–1984) • Utingeradiel (1851–1984) • Warkum (1399–1984) • West-Dongeradiel (1851–1984) • (âld) Wymbritseradiel (1851–1984) • (nij) Wymbritseradiel (1984–2011) • Wûnseradiel (1851–1984)