It Hearrenfean (gemeente)
It Hearrenfean (Nederlânsk en offisjeel: Heerenveen, Stellingwerfsk: et Vene) is in gemeente yn it suden fan Fryslân, mei 51.812 ynwenners (1 jannewaris 2024, boarne: CBS), wêrfan 30.200 yn de flekke It Hearrenfean sels (1 jannewaris 2017). It hat in gebiet fan 187,76 km², wêrfan 6,9 km² wetter.
It Hearrenfean | |
---|---|
Crackstate op It Hearrenfean, no ûnderdiel fan it gemeentehûs. | |
flagge | wapen |
Wapen fan It Hearrenfean | |
lokaasje | |
polityk | |
lân | Nederlân |
provinsje | Fryslân |
boargemaster | Tjeerd van der Zwan (PvdA) |
sifers en geografy | |
haadplak | It Hearrenfean |
grutste plak | It Hearrenfean |
ynwennertal | 51.812 (1 jannewaris 2024) |
befolkingstichtens | 277,7 / km² |
oerflak | 187,76 km² |
● wêrfan lân | 180,86 km² |
● wêrfan wetter | 6,9 km² |
tal doarpen | 21 |
ferkearsieren | A7, A32, N380 |
skiednis | |
oprjochte | 1934; weroprj. 2014 |
oant 1851 | Gritenij Aenjewier Gritenij Skoatterlân Gritenij Haskerlân (diel) Gritenij Utingeradiel (diel) |
1851 – 1934 | Gem. Aenjewier Gem. Skoatterlân Gem. Haskerlân (diel) Gem. Utingeradiel (diel) |
1934 – 1984 | Gem. It Hearrenfean Gem. Haskerlân (diel) Gem. Utingeradiel (diel) |
1984 – 2014 | Gem. It Hearrenfean Gem. Boarnsterhim (diel) Gem. Skarsterlân (diel) |
oar | |
netnûmer | 0513, 0516, 0566 |
postkoade | 8411–8459, 8468–8469, 8490–8491, 8494–8495 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
webside | www.heerenveen.nl |
- Dizze side giet oer de gemeente It Hearrenfean. Foar it plak, sjoch: It Hearrenfean (plak).
Skiednis
bewurkje seksjeFan 1 jannewaris 1812 oant 1 oktober 1816 bestie der ek in gemeente (eins in mairie) It Hearrenfean, dy't lykwols inkeld de plakken It Hearrenfean en Terbant en de buorskip It Mar omfieme. Yn 1816 waarden de gritenijen Aenjewier en Skoatterlân weroprjochte, dy't foar 1812 ek bestiene en har oarsprong fûnen yn 'e Midsiuwen. Yn 1851 waarden dy beide gritenijen omfoarme ta gemeenten.
Yn 1934 waard de gemeente It Hearrefean foarme troch de fúzje fan Aenjewier en Skoatterlân, wêrby't ek in lyts diel fan Haskerlân tafoege waard, eastlik fan it hjoeddeiske Nijehaske. De trije neamde gemeenten foarmen oant doe ta in trijegemeentepunt yn it plak It Hearrenfean, wat al lange tiid in obstakel foar de pleatslike ûntjouwing wie.
By de gemeentlike weryndieling fan 1984 ferlear It Hearrenfean it doarp Nijbrêge oan 'e nije gemeente Skarsterlân. Yn 2014 fûn der op 'e nij in gemeentlike weryndieling plak. Op 1 jannewaris fan dat jier waard de (âlde) gemeente It Hearrenfean wetlik sjoen opheft, wylst dêr mei-iens in nije gemeente It Hearrenfean foar yn 't plak kaam. De nije gemeente kombinearre it grûngebiet fan 'e âlde gemeente mei de doarpen Nijbrêge en Haskerdiken fan it ophefte Skarsterlân en de doarpen Akkrum, Aldeboarn en Nes fan it krektlyk ophefte Boarnsterhim. Dêrmei waard it grûngebiet útwreide fan 140,2 km² nei 187,76 km².
Plakken
bewurkje seksjeIt haadplak fan de gemeente is It Hearrenfean, en de oare plakken yn de gemeente binne: Akkrum, Aldeboarn, Aldhoarne, Aldskoat, Bontebok, Gersleat, Haskerdiken, Hoarnstersweach, Jobbegea, Ketlik, De Knipe, Lúnbert, Nes, Mildaam, Nijbrêge, Nijhoarne, Nijskoat, It Oranjewâld, Terbant en Tsjalbert.
Gemeentehûs
bewurkje seksjeYn 1934 waard Oenemastate gemeentehûs fan It Hearrenfean en yn 1952 waard dit Crackstate. Yn de 1990-er jierren folge nijbou, dat ferbûn waard mei Crackstate. Yn 2007 is it gemeentehûs ferboud.
Omskriuwing
bewurkje seksjeIt flek Hearrenfean is yn 1551 ûntstien op it plak dêr't de Skoatterlânske Kompanjonsfeart krúst waard troch de wei nei Oerisel, de wei fan Ljouwert nei Swol. It is woeksen troch it belang fan de feanwinning. Mar hjoed de dei is it faaks it meast ferneamd troch iisstadion Thialf en SK It Hearrenfean mei it Abe Lenstra stadion, dat diel útmakket fan Sportstêd It Hearrenfean.
Taal
bewurkje seksjeYn de gemeente It Hearrenfean wurdt benammen Frysk sprutsen. Fan âlds út waard der yn it eastlike part fan de gemeente, yn de doarpen Hoarnstersweach en Jobbegea ek Stellingwerfsk sprutsen. Mar hjoed de dei hat noch mar 2% fan de befolking it Stellingwersk as memmetaal. Dêrnjonken hat 53% it Frysk as memmetaal en 38% it Nederlânsk. Stedsk wurdt troch 4% fan de minsken sprutsen wylst 3% fan de ynwenners in útlânske taal as memmetaal hat.[1]
Befolking
bewurkje seksje1951 | 1961 | 1990 | 1995 | 2000 | 2001 | 2002 | 2003 | 2004 | 2005 | 2006 | 2007 | 2008 | 2009 | 2010 | 2011 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
24.205 | 25.893 | 37.929 | 39.256 | 40.443 | 41.777 | 40.443 | 42.190 | 42.653 | 42.846 | 42.757 | 42.775 | 42.867 | 43.331 | 43.419 | 43.448 |
List fan eareboargers
bewurkje seksje- Tjeerd van der Zwan, boargemaster (2023)
- Sanne Wevers, turnster [2] (2016)
- Jarko Nieweg, Thialf-direkteur [3] (2012)
- Epke Zonderland, turner [4] (2012)
- Peter de Jonge, boargemaster [5] (2011)
- Thom Mercuur, oprjochter Museum Belvedêre (2010)
- Riemer van der Velde, foarsitter fan SC Heerenveen [6] (2006)
- Foppe de Haan, fuotbaltrainer (2004)
- Jeen van den Berg, reedrider
- Henk Hofstra, boargemaster [7]
- Louis le Roy, ekolooch
- Hendrik Huisman, boargemaster
- Abe Lenstra, fuotballer (1951)
Polityk
bewurkje seksjeDe gemeenteried fan It Hearrenfean bestiet út 31 sitten. De útslaggen fan de gemeenteriedsferkiezings binne sûnt 2018:
partij | ferkiezings 2018[8] | ferkiezings 2022[9] | ||
---|---|---|---|---|
% | sitten | % | sitten | |
PvdA | 18,4 | 6 | 19,7 | 7 |
VVD | 14,5 | 5 | 12,0 | 4 |
CDA | 13,8 | 5 | 9,5 | 3 |
FNP | 10,2 | 3 | 10,7 | 3 |
GrienLinks | 9,7 | 3 | 9,5 | 3 |
GB It Hearrenfean | 9,7 | 3 | 7,0 | 2 |
D66 | 8,2 | 2 | 8,1 | 3 |
SP | 6,3 | 2 | 7,0 | 2 |
KristenUny | 5,4 | 1 | 4,2 | 1 |
It Hearrenfean Lokaal | 0 | 0 | 10,5 | 3 |
oare partijen | 3,8 | 0 | 1,7 | 0 |
ûnjildich & blanko | 0,6 | 0,3 | ||
opkomst/totaal sitten | 53,1% | 31 | 55,5% | 31 |
Sjoch ek
bewurkje seksje-
It Abe Lenstra-stadion mei it stânbyld fan Abe Lenstra.
-
De Hearresleat
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Heerenveen fan Wikimedia Commons. |
It Hearrenfean | ||
---|---|---|
Doarpen en útbuorrens: Aldeboarn • Aldhoarne • Aldskoat • Akkrum • Bontebok • Gersleat • Haskerdiken • Hoarnstersweach • It Hearrenfean • Jobbegea • Ketlik • De Knipe • Lúnbert • Mildaam • Nes • Nijbrêge • Nijhoarne • Nijskoat • It Oranjewâld • Terbant • Tsjalbert | ||
Buorskippen: Aldskou • Annebuorren • Brongergea • Burstum • Easterboarn • Jinshuzen • Meskenwier • Pean • Poppenhuzen • Jobbegea-Skuorregea • Soarremoarre • Spitsendyk • Sythuzen • Warniahuzen | ||
· · |