Annebuorren (It Hearrenfean)

Annebuorren is in buorskip ûnder Aldskoat yn de gemeente It Hearrenfean.

Strjitnambuordsje fan Annebuorren.

Buorskip Bewurkje

Annebuorren is neamd nei Anne Siezes van der Kerk, dy't hjir yn de 19e iuw in pleats hie. Annebuorren leit oan de Skoatterlânskewei en rint fan Skoatterlânskewei 48A (eartiids âldereintehûs Ridejo) yn it westen oan de doarpsgrins mei Mildaam ta (sate Oranjehoeve).

Strjitte Bewurkje

Op 27 maaie 1998 is de namme Annebuorren offisjeel as strjitnamme fêstlein foar in stikje wei tusken de Skoatterlânskewei en De Kúnder. Dizze wei ferbinet Annebuorren mei de autodyk A32 (Meppel - Ljouwert).

Annaburen Bewurkje

Troch gebrek oan histoarysk besef wurdt it buorskip soms by fersin oantsjutten as Annaburen.

 
Plakken yn de gemeente It Hearrenfean
 
Haadplak: It Hearrenfean
Doarpen en útbuorrens: AldeboarnAldhoarneAldskoatAkkrumBontebokGersleatHaskerdikenHoarnstersweachJobbegeaKetlikDe KnipeLúnbertMildaamNesNijbrêgeNijhoarneNijskoatOranjewâldTerbantTsjalbert
Buorskippen: AldskouAnnebuorrenBrongergeaBurstumEasterboarnJinshuzenMeskenwierPeanPoppenhuzenJobbegea-SkuorregeaSoarremoarreSpitsendykSythuzenWarniahuzen