Terbant

Terbant
Flagge fan Terbant Wapen fan Terbant
Flagge Wapen
Lokaasje fan Terbant
Gemeente It Hearrenfean
Ynwennertal (2019) 265
Webstee Webstee fan Aenjewier

Terbant (Terband) is in doarp yn de gemeente It Hearrenfean (gemeente). Terbant leit yn it noardwesten fan de gemeente en foarme foar 1934 mei de doarpen Tsjalbert, Lúnbert en Gersleat de gemeente Aenjewier. De fjouwer doarpen lizze oan de Aenjewierwei en wurde noch altyd Aenjewier, of De Streek neamd.

lizzing Terbant yn gemeente It Hearrenfean

SkiednisBewurkje

Yn de Tachtichjierrige Oarloch is hjir de Bantsterskâns opsmiten. In strjitte yn It Hearrenfean-Noard hjit dêrom De Skâns. Yn Terbant stie earder Fioletta, in neisoarchkoloanje fan it Griene Krús. By it doarp stie earder ek it kleaster Mariëngaarde.

MienskipBewurkje

De fjouwer doarpen hawwe ien feriening foar pleatslik belang: Ald-Aenjewier. Belang Grut-Skar rjochtet him allinnich op Terbant.

It wapen fan Terbant bestiet út in deadskop mei fjouwer griene nôtieren. Se jouwe oan dat it fruchtbere libben út de dea fuortkomt.

BefolkingBewurkje

1954 1959 1964 1969 1974 2005 2006 2007 2008 2009 2010 2019
721 324 258 225 230 304 298 299 305 297 301 265

Berne yn TerbantBewurkje

StrjittenBewurkje

  • Aenjewierwei - fan de eardere rotonde yn noardlike rjochting nei de grins mei Opsterlân, troch de eardere gemeente Aenjewier, dus fan It Fean troch Terbant, Lúnbert, Tsjalbert en Gersleat. Yn Terband is dat fan de "Pastoriesingel" oant de "Bantsterskâns". De wei wurdt al neamd op de kaart fan Halma/Schotanus fan 1718, en hjit dan "Heeren Ryd Wech". It gedielte yn Gersleat ûnder de namme "Heeren Wech na de Luxter Horn" en it nei it suden rjochte diel "Gorre Dyk". Op in besteande wei waard yn 1857 in "Ierdebaan" oanlein. Yn 1859 oant Gersleat ta "Bevloerd" en begrind. Yn 1962, 1964, 1970 en 1998 (oanlis knooppunt It Hearrenfean) waard de dyk ferbettere, ferbrede en feroare.
  • Bantsterskâns - nei it ferdigeningswurk Bantsterskâns út de 17e iuw.
  • Bornego - yn it plak komd fan de eardere nammen "Spitsendyk", "Skoalwei" (deels), "Zwartswei" en "Simon van Cyrenewei". Bedoelde weiferbining tusken Lúnbert en Haskerdiken hat troch de rekonstruksje yn it kader fan de ruilferkaveling in dúdlik strekt ferrin krigen, mei as gefolch dat de doe besteande nammejouwing net mear logysk fûn waard. Boarnegoa wie yn de 14e iuw noch bekend as distrikt yn de Steatsrjochterlike yndieling fan Fryslân, besteande út de gritenijen Utingeradiel, Aenjewier, Haskerlân (tegearre Boarnferd), Opsterlân (ek wol Haudmare) en Skoatterlân.
  • De Deelen - Deel is de namme foar inkele wetters. (Aldfrysk: dela, delven). De Deelen is in feanpolder fan 2700 ha. dy't yn Haskerlân, It Hearrenfean, Opsterlân en Utingeradiel (letter Boarsterhim) lei. De polder is oprjochte yn 1919, net ûntstien út in earder feandistrikt, mar út de behoefte de destiids noch foar rovinsjale boezem lizzende grûnen te bedykjen. Dr is noch net folle ferfeante, mei omdat turf as branje net folle mear yn trek wie en is. By de oprjochting hat men yn twifel stien ift it net better wie der in wetterskip fan te meitsjen. De ferspriede lizzing fan feanpetten hâldt drûchlizzing en kultuer tsjin. Dêrom is konsintraasje fan de ferfeanting yn bepaalde gebieten wisnklik. Ta befoardering dêrfan is as proef yn 1943 in ferfeantingsplan ynfierd, earst foar 10 jierren, letter ferlinge. Bûten in bepaalde sirkel is ferfeanting yn de polder no ferbean. Mei in nije ferfeantingsmetoade wurdt besocht de ferfeanting te fersnellen. Oars as yn de measte feanpolders mar yn oerienstimming mei de regel bûten de feanpolders wurdt hjir (en yn de feanpolder fan Dolsterhuzen) it slykjild foar de ferfeante persielen yn in register ynskreaun en jildt as waarboarch foar de lettere drûchlizzing en kultivearring fan de útgeande persielen en foar de betelling fan de polderlêsten.
  • De Plasse - Sydwei fan de Bantsterskâns. Om te foarkommen dat dizze sydwei ek "Bantsterskâns" hjitten gie en de safolste fernûmering fan de persielen needsaaklik wurde soe. Omdat dit gebiet al as De Plasse bekend stie krige it dizze namme.
  • H B Jonkerwei - Henricus Jonker (Drachten, 5 septimber 1904 - It Hearrenfean 28 july 1959) opsichter oer de polder fan it 4e en 5e feandistrikt yn de gemeenten Haskerlân, It Hearrenfean, en Opsterlân en nei 1949 ek fan feanpolder'De Deelen'.
  • Heafeartswei - rint oan beide kanten fan de Heafeart
  • Merkurius - op yndustryterrein, neamd nei Merkurius, de Romeinske god fan hannel, reizgers en winst.
  • P G Otterwei -
  • Pastorieleane -
  • Skarwei -
  • Zwartswei (ferfallen) - Neamd nei Servaas Zwarts, polderopsjenner mei in grut oandiel yn it mienskipslibben fan It Hearrenfean.

Sjoch ekBewurkje

Keppeling om utensBewurkje

 
Plakken yn de gemeente It Hearrenfean
 
Haadplak: It Hearrenfean
Doarpen en útbuorrens: AldeboarnAldhoarneAldskoatAkkrumBontebokGersleatHaskerdikenHoarnstersweachJobbegeaKetlikDe KnipeLúnbertMildaamNesNijbrêgeNijhoarneNijskoatOranjewâldTerbantTsjalbert
Buorskippen: AldskouAnnebuorrenBrongergeaBurstumEasterboarnJinshuzenMeskenwierPeanPoppenhuzenJobbegea-SkuorregeaSoarremoarreSpitsendykSythuzenWarniahuzen